De Australyske bûnte strânljip (Haematopus longirostris) is in fûgel út de famylje fan 'e strânljipfûgels (Haematopodidae) binnen it skift fan 'e wilstereftigen.
Skaaimerken thumb|left|Australyske bûnte strânljip yn 'e flecht. De Australyske bûnte strânljip is in 48–51 sm lange swart-wite waadfûgel, dy't in soad liket op oare bûnte strânljippen. Hy hat in lange reade snaffel en reade poaten en in read each mei in reade eachring. Underskiedend is dat it wyt op 'e stút allinnich oant it legere diel fan 'e rêch giet en dêr rjocht ôfsnien is. Fierders hat er in wite streek oer de frij brede swarte wjuk. De ûnderwjuk is foar in grut part wyt mei donkere slachpinnen.
De soartgelikense Nijseelânske bûnte strânljip (dy't foarhinne as in ûndersoarte behannele waard, sjoch hjirûnder) is wat lytser en it wyt fan 'e stút rint fierder troch op 'e rêch en einiget dêr yn in punt. Fierders foarmje de folslein wite gruttere dekfearren in langere wjukbân. Dizze soarte kin ek wyt ha oan 'e binnenste hânpinnen.
Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar oan 'e kust fan Austraalje, op Tasmaanje en op de Arû- en Kai-eilannen. Hy wurdt ek sjoen yn it suden fan Nij-Guineä, mar is dêr wierskynlik allinnich in net-briedende besiker. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt. De Nijseelânske bûnte strânljip (Haematopus finschi) waard foarhinne as ûndersoarte fan 'e Australyske bûnte strânljip behannele. Oan 'e oare kant is de Australyske bûnte strânljip sels yn it ferline ek opnommen as ûndersoarte fan 'e (Jeropeeske) strânljip (H. ostralegus). Hybridisaasje is waarnommen tusken de Australyske bûnte strânljip en de Australyske swarte strânljip (H. fuliginosus).
Hâlden en dragen De Australyske bûnte strânljip briedt yn sâltwettergebieten, op sân- en keizelstienstrannen, yn dunen en op greiden. Yn it noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet briedt de fûgel tusken maaie en augustus, yn it súdlike diel fan augustus oant jannewaris. It iten bestiet út boarstelwjirms, moksels en slakken lykas Paphes striata en Anapella cycladea.
Australyske bûnte strânljip.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje liket te groeien. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strânljip Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä