De berchtúfearn of berchtoefearn (Nisaetus nipalensis) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes).
Uterlik thumb|left|Nisaetus nipalensis. De berchtúfearn is in middelgrutte rôffûgel mei in lichemslingte fan 67 oant 86 sm en in wjukspanne fan 130 oant 175 sm. In folwoeksen fûgel is boppe meastentiids brún en fan ûnderen bleker, mei dwersbannen op 'e sturt en de slachpinnen. It boarst, de búk en de ûnderwjukdekfearren binne krêftich streke. De wjukken binne breed en wurde swevend yn in lichte V-foarm omheech holden. De skaaien binne allyk, mar juvenilen hawwe faak in ljochtere kop.
De Japanske ûndersoarte orientalis is grutter, ljochter fan kleur en hat mar in hiel lyts túfke yn ferliking mei de nominaatfoarm.
Fersprieding en systematyk De berchtúfearn wurdt opdield yn twa ûndersoarten mei it folgjende ferspriedingsgebiet:
N. n. nipalensis – komt foar fan Yndia oant it easten fan Sina, Taiwan, Yndosina en it Malakka-skiereilân. N. n. orientalis – komt foar yn Japan.
As doarmer is de soarte ek wolris waarnommen yn Hongkong, Koreä en Mongoalje.
Earder waard ek de Legges túfearn (Nisaetus kelaarti) as in ûndersoarte fan 'e berchtúfearn beskôge, mar nei ferskate stúdzjes wurdt dizze hjoed-de-dei meastentiids as in aparte soarte beskôge.
Skaai-yndieling De earnen út it skaai Nisaetus waarden earder ta it skaai Spizaetus rekkene, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dizze twa groepen genetysk net nau oaninoar besibbe binne.
Libbenswize De berchtúfearn komt foar yn boskgebieten yn 'e bergen, op hichten tusken de 600 en 4.000 meter boppe de seespegel. Hy bouwt in nêst fan tûken yn in beam en leit dêr meastentiids mar ien aai yn. De fûgel libbet fan lytse sûchdieren, fûgels en reptilen.
Status en bedriging De berchtúfearn hat in grut ferspriedingsgebiet, mar de wrâldpopulaasje is lyts. Yn 2009 waard it oantal folwoeksen fûgels troch BirdLife International rûsd op mar 1.200 oant 6.700 fûgels. Der wurdt fan útgien dat de oantallen de kommende trije generaasjes mei wol 20% tebekrinne sil as gefolch fan habitatferlies troch ûntbosking. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as hast bedrige (Near Threatened).
Kategory:Túfearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam