thumb|325px|Jeannette Gabrielle van Lintelo en har man Duco Gerrold Rengers, hear fan Farmsum en Ten Post Duco Gerrolt Rengers van Farmsum (doopt yn Ljouwert, 13 juny 1750 – Grins, 17 maart 1810) wie in politikus yn it Bataafsk Mienebest.

Biografy Komôf en famylje Rengers, lid fan de famylje Rengers, wie hear fan Farmsum en Ten Post. Hy wie in soan fan Sjuck Gerrolt Juckema baron fan Burmania Rengers (1713-1784), grytman fan Frjentsjerteradiel en Wymbritseradiel, en Odilia Amelia des H.R. ryksgrevinne fan Welderen (1723-1788). Hy troude yn 1772 mei Jeannette Gabrielle van Lintelo tot de Marsch; it pear krige seis bern. Hy wie in broer fan Egbert Sjuck Gerrold Juckema fan Burmania Rengers.

Karriêre Rengers studearre Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan de Grinzer Hegeskoalle en promovearre yn 1769 op syn proefskrift De testamento militari. Hy waard luitenant fan de garde en ferfolle ferskate bestjoerlike funksjes yn de stêd Grins. Hy wie ûnder mear ried (1780-1795), riedshear fan de Hege Justysjekeamer (mear as ien kear tusken 1781 en 1794), lid fan Deputearre Steaten (1782, 1789, 1792) en deputearre fan Steaten-Generaal (1785, 1791).

Yn de Frânske perioade beklaaide Rengers gjin amt. Fan 10 novimber 1801 oant 20 jannewaris 1802 wie er lid fan it Wetjaand Lichem. Dêrnei wie er lid fan it algemien bestjoer (1802-1807) en lid fan de ried fan finânsjes (1805-1807) fan it Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân. Fan 25 maaie 1807 oant 1 novimber 1808 wie er drost fan it kertier Appingedam.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Lid fan it Wetjaand Lichem fan de Bataafske Republyk Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1750 Kategory:Persoan stoarn yn 1810