De Us-Leaffrouwetsjerke (Nederlânsk: Basiliek van Onze-Lieve-Vrouw; Limburchsk: Slevrouwe) is in romaanske tsjerke yn it histoaryske sintrum fan Maastricht. De tsjerke is wijd oan Marije-Himelfeart en is in roomsk-katolike parochytsjerke dy't ûnder it bisdom Roermond falt. De tsjerke wurdt ek wol de Sterre der Zee (Stjer fan 'e See) neamd, nei de Marije-devoasje yn 'e tsjerke.

Skiednis De hjoeddeiske tsjerke is nei alle gedachten net de earste tsjerke dy't op dit plak boud waard. Omdat der lykwols noch nea archeologysk ûndersyk yn it gebou dien is, kin dêr neat mei wissichheid oer sein wurde. De lizzing fan 'e tsjerke yn it eardere Romeinske castrum en in deunby oan 'e god Jupiter wijd hillichdom suggerearje dat it plak ea beset waard troch in Romeinske timpel. It is net ûnwierskynlik dat de earste tsjerke fan 'e stêd hjir boud waard en dat dy tsjerke yn 'e 4e of 5e iuw de katedraal fan it bisdom Tongeren-Maastricht waard. thumb|left|Romaanske kapiteel koeromgong. Foar it jier 1100 waard de tsjerke in kapitteltsjerke, bestjoerd troch in kolleezje fan koarhearen (kanunniken). Dizze koarhearen waarden beneamd troch de prinsbiskop fan Luik. It kapittel fan Us-Leaffrouwe hie likernôch 20 koarhearen. Oant it opheffen fan it kapittel yn 1798 hold de tsjerke in sterke bân mei Luik. Parochianen waarden yn âlde dokuminten sels oantsjutten as hearrend ta de Familia Sancti Lamberti (de famylje fan 'e hillige Lambertus fan Luik). It is dúdlik dat it oare Maastrichtske kapittel, dat fan Sint-Servaas, in machtiger ynstelling wie mei sterke bannen mei de keizers van it Hillige Roomske Ryk, mar troch de hiele midsiuwen hinne bleauwen de twa tsjerken rivalen fan inoar.

It grutste part fan 'e hjoeddeiske tsjerke waard yn 'e 11e en 12e iuw boud. Mei de bou fan it ymposante westwurk waard koart nei it jier 1000 úteinset. Yn 'e 13e iuw krige it skip goatyske ferwulften. Yn 'e 14e iuw waard njonken de kapitteltsjerke in parochytsjerke boud, sadat de tsjerke tenei allinnich foar de koarhearen tsjinne om harren religieuze taken út te fieren. Dy oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke waard yn 1838 ôfbrutsen. Healwei de 16e iuw waarden de eardere kleastergong ferfongen troch de hjoeddeiske letgoatyske kleastergong.

thumb|left|De Us-Leaffrouwetsjerke mei de Sint-Nikolaastsjerke. Nei't Maastricht by 1794 troch de Frânske Republyk anneksearre waard, waarden fjouwer jier letter de religieuze ynstellings fan 'e stêd opheft. In soad tsjerkeskatten gyngen yn dy tiid ferlern. De tsjerke en de kleastergong waarden troch it militêre garnizoen brûkt as smidte en hynstestâl. Dy sitewaasje duorre oant 1837, doe't it gebou syn religieuze funksje werom krige. Dat foel gear mei de sloop fan 'e oanbuorjende Sint-Nikolaastsjerke, wêrtroch't dy parochy oergie nei de Us-Leaffrouwe.

Fan 1887 oant 1917 waard de tsjerke yngreven restaurearre troch de bekende arsjitekt Pierre Cuypers. Cuypers ferwidere yn prinsipe alles wat net past yn syn ideaalbyld fan in romaanske tsjerke. Dielen fan it eastlike koer, de twa koertuorren en it súdlike sydskip waarden hast hielendal op 'e nij boud.

Op 20 febrewaris 1933 waard de tsjerke troch paus Pius XI ferheven ta basilica minor.

Eksterieur It gebou is foar it grutste part romaansk fan styl en wurdt as in wichtich foarbyld fan 'e Maaslânske boustyl beskôge, dy't skaaimerke wurdt troch massive westwurken. De Us-Leaffrouwe hat in heech, massyf westwurk fan koalstofhâldende sânstien út de iere 11e iuw, flankearre troch twa tuorkes fan mergelstien. Yn 'e ûnderste dielen fan it westwurk binne spolia (âlde Romeinske boumaterialen) ferwurke, mooglik ôfkomstich fan it eardere Romeinske castrum. It skip en it dwersskip stamme foar it grutste part út de twadde helte fan 'e 11e iuw.

De tsjerke hat twa koeren en twa krypten. It eastlike koer datearret út de 12e iuw en is fersierd mei romaanske kapitelen. De eastlike krypt is noch in iuw âlder. Ien fan 'e koertuorren, ferneamd nei de hillige Barbara, waard brûkt foar it bewarjen fan it stedsargyf en de tsjerkeskat. In goatysk portaal út de 13e iuw jout op it Onze Lieve Vrouweplein tagong ta de tsjerke en de saneamde Mérode-kapel (de kapel fan 'e Stjer fan 'e See).

Ynterieur thumb|left|Koer. Hoewol't it ynterieur yn 'e rin fan 'e iuwen in soad feroaringen ûndergien hat, strielt it in 'autentyk' romaansk gefoel út. Dat is foar in grut part te tankjen oan 'e restauraasje fan Pierre Cuypers, dy't ferskate grutte goatyske ramen ferfong troch lytse romaanske finsters om in tsjustere, 'mystike' sfear te kreëarjen. Ek ferwidere Cuypers de wite pleisterlaach út de let-barokke tiid.

Dochs is de rûzige skiednis fan it gebou noch jimmeroan te sjen. In pear midsiuwske muorreskilderingen hawwe it oerlibbe, lykas ien fan 'e hillige Katarina út de 14e iuw en ien fan Sint-Kristoffel mei it bern Jezus út 1571. De grutte skildering oan it ferwulft yn it koer is neoromaansk en stammet út de Cuypers-restauraasje. De ryk fersierde preekstoel en ferskate barokke bychtstuollen binne oernommen út in eardere, tichtbylizzende Jezuïtentsjerke. It grutte oargel waard yn 1652 boud troch André Severin.

It arsjitektoanysk byldhouwurk fan it ynterieur heart ta de hichtepunten fan 'e Maaslânske keunst. Benammen de 20 tige symboalyske kapitelen fan 'e koeromgong binne ferneamd mei sênes út it Alde Testamint, mar ek mei bisten, meunsters en minsken dy't fjochtsje mei bisten. Ien kapiteel is yn it bysûnder ferneamd om't it ûndertekene is mei de namme 'Heimo', nei alle gedachten troch de byldhouwer sels, dêr't er himsels op ôfbylde hat as langet er in kapiteel oer oan 'e Jongfaam Marije. Der is in nauwe keunsthistoaryske bân fêststeld tusken it romaanske byldhouwurk yn 'e Us-Leaffrou en dat yn de Sint-Servaasbasilyk, de Sint-Pitertsjerke yn Utert en de Marije en Klemenstsjerke fan Schwarzrheindorf.

Kleastergong De hjoeddeiske kleastergong, dy't in tún omklammet, waard boud yn 1558-1559 yn mergelstien yn in let-goatyske styl mei wat renêssânse-eleminten. De flier fan 'e kleastergong is mei monumintale grêfstenen belein. Yn 1910 waard yn 'e kleastertún de resten fan in toer fan it âlde Romeinske castrum ûntdutsen.

Us-Leaffrou thumb|left|Us-Leaffrou. Foar in soad minsken is it mirakuleuze byld fan Us-Leaf-Frou it wichtichste doel fan in besite. Dit 15e-iuwske houten byld stie oarspronklik yn in tichtbylizzend Fransiskaansk kleaster, mar ferhuze nei in pear omswalkingen yn 1837 nei de Us-Leaffrouwetsjerke. Yn 1903 krige it in plak yn 'e goatyske kapel by de haadyngong, dêr't it hjoed-de-dei noch altyd stiet en alle dagen troch hûnderten leauwigen besocht wurdt. Twaris yn it jier wurdt it byld meidroegen yn 'e grutte religieuze prosesjes fan Maastricht.

Skatkeamer De Us-Leaffrouwebasilyk besit in wichtige histoaryske tsjerkeskat dy't bestiet út reliken, relykhâlders, tekstyl en liturgyske foarwerpen. Sûnt de 14e iuw hie it in aparte skatkeamer yn 'e Sint-Barbaratoer. Der wurdt tocht dat de kreake fan it koer yn 'e 12e sels spesjaal boud waard om de lêste reliken dy't út Konstantinopel bemachtige wiene te toanen. Fral by de grutte beafeart ienris yn 'e sân jier teagen grutte oantallen pylgers út hiel Europa nei Maastricht.

Hjoed-de-dei is de tsjerkeskat noch mar in fraksje fan wat it ea wie. In soad gouden en sulveren foarwerpen waarden nei de Frânske ynname yn 1794 omraand om oarlochsbelestings te beteljen. Sels yn 1837 gyngen der troch ûnwittendheid noch twa kostbere skatten ferlêrn: in 10e-iuwske relykhâlder yn 'e foarm van in patriarchaal krús (mei it grutst bekende stik fan it Wiere Krús) en it saneamde boarstkrús fan Konstantyn. Beide waarden troch in eardere koarhear weijûn en wurde hjoed-de-dei yn 'e skatkeamer fan 'e Sint-Pitersbasilyk yn Fatikaanstêd bewarre.

De hjoeddeiske kolleksje bestiet benammen út: thumb|10e-iuwske Wytsingshoarn, letter yn gebrûk as relykhâlder. In sulveren relykhâlder foar in diel fan 'e gurdle fan 'e Jongfaam Marije (Maastricht?, 14e iuw). In sulveren toer dy't hearde by in yn 1795 omraand byld fan 'e hillige Barbara (Maastricht?, 16e iuw). Twa sulveren monstrânsen út de 14e en 15 iuw. Trije ivoren relikwykisten (Súd-Itaalje of Spanje, 12e of 13e iuw). Trije relykhoarnen út de 10e iuw, 14e en 15e iuw. De saneamde Mantel fan Sint-Lambertus (Sintraal-Aazje, 10e-13e iuw).

Kategory:Tsjerkegebou yn Limburch (Nederlân) Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Roermond Kategory:Beafeartstsjerke Kategory:Basilyk yn Nederlân Kategory:Bouwurk yn Maastricht Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Ryksmonumint yn Limburch (Nederlân)