De Afrikaanske swarte túfearn of Afrikaanske swarte toefearn (Lophaetus occipitalis) is in Afrikaanske fûgel dy't heart ta de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is de iennige soarte út it monotypyske skaai Lophaetus. De wrâldpopulaasje wurdt as net bedrige beskôge.
Ferskining thumb|left|Kop fan 'e Afrikaanske swarte túfearn. De Afrikaanske swarte túfearn is in lytse earn mei in lingte fan 53 oant 58 sm en in spanwiidte fan 112 oant 129 sm. De fûgel is donker fan kleur en hat in hiele lange túf op 'e kop. Skaaimerkend binne ek de wytbefearre "broek" op 'e poaten en de foar in grut part wite slachpinnen, dy't yn 'e flecht dúdlik te sjen binne. De sturt is swart-wyt bandearre en de flecht is rjocht mei ûndjippe wjukslaggen.
Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar yn Afrika besuden de Sahara, mear spesifyk fan Senegal en Gambia eastlik nei Eritreä en Etioopje, seldsum yn Somaalje, en fierder súdlik nei it noardeasten fan Namybje, it noarden fan Botswana, Simbabwe, Mozambyk en it easten en suden fan Súd-Afrika. Yn 'e drûchste dielen fan súdlik Afrika ûntbrekt de soarte.
Systematyk De Afrikaanske swarte túfearn wurdt as iennige soarte yn it skaai Lophaetus set. DNA-stúdzjes litte sjen dat syn nauwste sibben nei alle gedachten de Yndyske swarte earn (Ictinaetus malaiensis) en de krytearnen yn it skaai Clanga binne. De soarte is monotypysk, wat betsjut dat er net ûnderferdield wurdt yn ûndersoarten.
Libbenswize De Afrikaanske swarte túfearn wurdt yn bosklânskippen, plantaazjes en oan boskrânen oantroffen, foaral tichtby wetter. Ek wurdt er faak sjoen wylst er op in opfallend plak yn in deade beam of op in tillefoanpeal sit. It iten bestiet foar it grutste part út lytse kjifdieren en spitsmûzen; yn súdlik Afrika foaral poelrotten (Otomys). De fûgel leit de aaien meastentiids yn 'e reintiid, mar kin letter yn datselde jier nochris mei súkses briede.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list.
Kategory:Afrikaanske swarte túfearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe