Heliport Flylân is in lytse heliport op it eilân Flylân. It wurdt benammen brûkt troch de Keninklike Loftmacht foar syk- en rêdingsflechten en medyske transporten. Oant 2016 stie der oerdeis in Agusta-Bell 412SP-rêdingshelikopter op it eilân, dy't nachts yn Ljouwert stasjoneare wie. No wurde medyske flechten útfierd mei in Airbus Helicopters H145 fan de ANWB. De heliport hat ien lânplak en ien hangaar.

Kategory:Flylân Kategory:Ferfier yn Fryslân