Brilliant Classics is in platemaatskippij foar klassike muzyk út de stêd Ljouwert yn Nederlân. It bedriuw stiet derom bekend dat it foar in lege priis cd's útbringt mei de komplette oeuvres fan komponisten as Johann Sebastian Bach, Wolfgang Amadeus Mozart en Ludwig van Beethoven. It label is ek spesjalisearre yn nije opnamen fan âlde muzyk, keamermuzyk, koraalmuzyk en pianomuzyk.

Kategory:Nederlânske platemaatskippij Kategory:Bedriuw yn Ljouwert Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1996