De readbúkdwerchearn (Lophotriorchis kienerii) is in rôffûgel út de famylje van 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes). De fûgel komt foar yn tropyske bosken fan Aazje.
Uterlik De readbúkdwerchearn is in dwerchearn mei in lingte fan 42 oant 60 sm en in spanwiidte fan 90 oant 127 sentimeter. Mantsjes weage likernôch 730 gram, wylst de wyfkes mei sa'n 800 gram wat swierder binne. It uterlik fan beide seksen is allyk. thumb|left|Yn 'e flecht. In folwoeksen fûgel (fan de ûndersoarte L. k. formosus) hat in swarte boppekant en in swarte túf op 'e kop. De boppekant fan 'e sturt is donkerbrún mei ûndúdlike swarte bannen. Oan 'e ûnderkant is de sturt witich mei fine swarte streken en in brede swarte einbân. De wangstreek en de sydkanten fan 'e kop hawwe in streke patroan fan readbrún en swart. De kiel en de boppekant fan it boarst binne sniewyt, wylst de ûnderkant fan it boarst, de búk, de flanken en de ûndersturtfearren readbrún fan kleur binne. Oer it readbrune boarst rinne in oantal swarte lingtestreken en op 'e flanken sit in swarte plak. De wjukken binne ûnder readbrún mei swarte streken; de slachpinnen binne fan ûnderen witich mei fine bannen, mar rjochting de wjukeinen wurde se hast swart. De snaffel is donkergriis, de iris is donkerbrún en de poaten binne felle giel.
In jonge fûgel hat in donkerbrune boppekant en túf. De foarholle en de nekke binne wyt mei brune stippen en it gesicht is swart. De hiele ûnderkant fan it liif is by in jonge fûgel noch folslein wyt.
Fersprieding en libbenswize Dizze soarte libbet benammen yn 'e berchbosken en beboske heuvelgebieten van tropysk Aazje. Yn Yndia komt de fûgel in soad foar yn it gebiet fan 'e West-Ghats, mar folle minder lâns de Himalaya, dêr't it ferspriedingsgebiet fan Nepal oant Assam rint.
Ekology De readbúkdwerchearn jaget fanút de loft en makket dûkflechten om syn proai te pakken. It iten bestiet út fûgels dy't yn 'e loft fongen wurde en lytse sûchdieren op 'e grûn. Der is dokumintearre dat de readbúkdwerchearn grutte boskfûgels pakt, lykas de Srylankaanske hôfdo (Columba torringtoniae), de Nepaleeske fazant (Lophura leucomelanos) en de Bankivahin (Gallus gallus).
It briedseizoen falt yn 'e winter. It nêst wurdt troch de earnen beklaaid mei griene blêden. It wyfke leit mar ien aai en de jongen fleane yn 'e maitiid út, in tiid dy't gearfalt mei it briedseizoen fan oare fûgelsoarten, sadat der genôch proaibisten te finen binne. Beide âlden wikselje inoar ôf by it ferdigenjen fan it nêst.
Status en bedriging De soarte nimt yn oantal ôf troch oanhâldende ûntbosking yn syn hiele ferspriedingsgebiet. It boskferlies wurdt rûsd op 29% oer trije generaasjes (54 jier). Dêrom kategorisearret de IUCN de soarte as gefoelich (Near Threatened) op 'e Reade list.
Kategory:Readbúkdwerchearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam