Legge's túfearn of Legge's toefearn (Nisaetus kelaarti) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes). De fûgel komt allinnich foar yn it súdwesten fan Yndia en op Sry Lanka. De soarte wurdt faak noch behannele as in ûndersoarte fan 'e berchtúfearn (Nisaetus nipalensis).

Uterlik Legge's túfearn is in middelgrutte oant frij grutte earn. Mantsjes hawwe in trochsneed lichemslingte fan likernôch 70 sentimeter, wylst de wyfkes mei sa'n 76 sentimeter in slach grutter binne. Troch de bank nommen is de soarte 5 oant 10% lytser as de nau besibbe berchtúfearn (N. nipalensis), al is de sturt fan Legge's túfearn yn ferhâlding wol wat langer. It gewicht fan in mantsje op Sry Lanka waard fêstgesteld op 1,93 kilo, wat ek wat lichter is as de measte mantsjes fan 'e berchtúfearn.

Folwoeksen fûgels hawwe in brune boppekant en in ljochte ûnderkant, wêrby't it boarst en de búk swier streke binne. Op 'e ûnderkant fan 'e slachpinnen en de sturt is in dúdlik bânpatroan te sjen. De wjukken binne breed mei in kromme efterrâne; swevend wurde de wjukken yn in flakke V-foarm holden. It uterlik fan beide seksen is allyk, mar jonge fûgels hawwe faak in witere kop.

De fûgel is oer it generaal swijsum, mar kin bytiden in lûde, skelle gjalp jaan.

Fersprieding en systematyk Dizze earn briedt yn it súdwesten fan Yndia (yn it gebiet fan 'e West-Ghats) en op Sry Lanka. Earder waard Legge's túfearn as in ûndersoarte fan 'e berchtúfearn (Nisaetus nipalensis) behannele en guon taksonomen dogge dat hjoed-de-dei noch jimmeroan.

Skaai-yndieling De Aziatyske earnen út it skaai Nisaetus waarden earder ta it skaai Spizaetus rekkene, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dizze twa groepen genetysk net nau oaninoar besibbe binne.

Status en bedriging De IUCN behannelet dizze fûgel yn syn beoardielingen noch net as in aparte, folweardige soarte. Om dy reden wurdt Legge's túfearn troch dy organisaasje net yn in eigen bedrigingskategory set, mar rint er mei yn 'e status fan 'e berchtúfearn.

Namme De wittenskiplike soartnamme kelaarti is in earbetoan oan Edward Frederick Kelaart (1818–1860). Hy wie in luitenant-kolonel yn it Britske leger, mar ek in dokter en in soölooch dy't aktyf wie op Seylon (it hjoeddeiske Sry Lanka). De Fryske namme ferwiist nei William Vincent Legge, de ornitolooch dy't de fûgel yn 1878 foar it earst as aparte soarte beskreau.

Kategory:Túfearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka