De Súdfilipynske túfearn of Mindanaotúfearn (ek: -toefearn; wittenskiplike namme: Nisaetus pinskeri) is in bedrige, endemyske rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes). De fûgel komt allinnich foar op 'e Filipinen.

Uterlik De Súdfilipynske túfearn is in middelgrutte earn mei in lichemslingte fan 65 oant 70 sentimeter. It meast opfallende skaaimerk op syn kop is de lange, swarte túf. thumb|left|Jonge fûgel. It fearrekleed is oan 'e boppekant fan it lichem ljochtbrún, wylst de kop, de nekke en it boarst readbrún binne mei brede, swarte streken. De keel is witich mei in donkere streek yn 'e midden. De ûnderkant fan 'e búk en de ûnderwjukdekfearren binne hielendal brúnachtich fan kleur, mar de befearre poaten ("broek") hawwe in fyn swartwyt bannepatroan. De donkerbrune sturt hat fjouwer oant fiif smelle, donkere dwersbannen.

Yn 'e flecht falle de brede, rûne wjukken op, wêrby't de slachpinnen in dúdlik blokpatroan sjen litte. Jonge fûgels binne in slach bleker en hawwe in wite kop en ûnderkant.

Underskie mei oare soarten De soarte is frij dreech te ûnderskieden fan 'e Selebeshuningfalk (Pernis celebensis) en de Yndyske túfearn (Nisaetus cirrhatus), mar dizze fûgel en syn noardlike sibbe ûnderskiede har troch harren lange túf en folslein befearre poaten. Oars as de Súdfilipynske túfearn hat de Noardfilipynske túfearn (Nisaetus philippensis) lykwols in wyt boppeboarst en in hiel dúdlik swartwyt bannepatroan oer de hiele ûnderkant fan it lichem.

Fersprieding en systematyk Dizze earn briedt yn it suden fan 'e Filipinen en komt foar op 'e eilannen Negros, Samar, Mindanao, Bohol, Biliran, Basilan en Siquijor.

De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net opdield wurdt yn ferskate ûndersoarten. Earder waard de Súdfilipynske túfearn lykwols as in ûndersoarte fan 'e Noardfilipynske túfearn behannele.

De earnen út it skaai Nisaetus waarden earder ta it skaai Spizaetus rekkene, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dizze twa groepen genetysk net nau oaninoar besibbe binne.

Status en bedriging De Súdfilipynske túfearn hat in tige lytse populaasje dy't rûsd wurdt op mar 1.300 oant 3.600 folwoeksen fûgels. Der wurdt fan útgien dat de oantallen tebekrinne troch grutskalige ûntbosking, wat op guon plakken mooglik noch fersterke wurdt troch de jacht. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as bedrige (Endangered) op 'e Reade list .

Kategory:Túfearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen