De Selebestúfearn of Selebestoefearn (Nisaetus lanceolatus) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes).
Uterlik en lûd De Selebestúfearn is in middelgrutte earn mei in lichemslingte fan 56 oant 64 sentimeter en in wjukspanne fan 110 oant 135 sentimeter. Hy hat frij koarte, brede en rûne wjukken. Oars as in soad fan syn sibben hat dizze soarte gjin túf op 'e kop.
Folwoeksen fûgels hawwe in donkerbrune kop, in wite kiel mei in donkere streek yn 'e midden, in readbrún boarst mei krêftige streken en in búk mei tichte dwersbannen. De poaten (tarsi) binne oant de teannen ta befearre. Yn 'e flecht falt de mei dwersbannen besette ûnderkant fan it lichem en de wjukken op, al binne de bannen op it bûtenste diel fan 'e wjuk wat smeller. De sturt hat in lykmjittich patroan fan dwersbannen.
Juvenilen ha in wite kop en in wite ûnderkant, in donkerbrune boppekant en smellere dwersbannen op 'e sturt.
Underskie mei oare soarten Yn ferlikening mei de Selebeshuningfalk (Pernis celebensis), dy't yn itselde gebiet foarkomt, is de Selebestúfearn krêftiger boud en hat er in gruttere kop en snaffel. Ek de bannen op 'e sturt binne lykmjittiger ferdield. De jonge fûgel liket ek wat op 'e readbúkdwerchearn (Lophotriorchis kienerii), mar mist de donkere flanken en it donkere masker oer de eagen.
Fersprieding en systematyk De Selebesearn komt foar op Selebes en de tichtby lizzende Banggai-eilannen en Sûla-eilannen yn Yndoneezje. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net opdield wurdt yn ûndersoarten.
De Selebestúfearn hâldt him foaral op yn bosken mei hege beammen yn leechlângebiet en yn bergen.
Skaai-yndieling De earnen út it skaai Nisaetus waarden earder ta it skaai Spizaetus rekkene, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dizze twa groepen genetysk net nau oaninoar besibbe binne.
Status en bedriging De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet. Hoewol't der fan útgien wurdt dat de oantallen stadichoan tebekrinne, is dy krimp net sa grut om de soarte as bedrige te behanneljen. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list.
Kategory:Túfearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje