Ophuystra State (ek: Rynia sathe) wie in state by Driezum yn de gemeente Dantumadiel. Ophuystra wurdt foar it earst yn de 15e iuw neamd, oft der foarhinne in stins stien hat, is net bekend.
Skiednis Ophuystra is yn 1540 yn besit fan de famylje Tiaerda, ôfkomstich út fan Rinsumageast. Foar 1609 ferervet it (of troch keap) oan de famylje Rinia. Dy famylje skonk in tsjerkeklok oan de tsjerke; harren wapen pronket op dizze klok. It hûs wie foarsjoen fan in gevelstien út 1624 mei de wapens fan Hayo van Rinia en Beatrix fan Lieuckema (fan Makkum). Dizze gevelstien is bewarre bleaun.
De State wie yn dy 17e iuw ek fan wat belang. In ôfbylding fan de state is te sjen op de kaarten fan Schotanus. Hy byldet it hûs ôf as aadlike state, wêrby't yn 1664 de namme Ophuystra fernijd stiet, wylst dy namme yn 1718 op de kaart ûntbrekt.
Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Dantumadiel Kategory:Driezum