thumb|Hommemastate yn 1982 Hommemastate wie in state súdlik fan Dronryp yn de gemeente Menameradiel. Oer it ûntstean fan de stins/state is neat bekend, mar fan twa neistlizzende terpen is bekend dat dy al yn de Romeinske tiid bewenne wiene. Oare nammen wiene Hummama state en Humgemagae.
Skiednis De namme Hommema waard foar it earst yn 1455 neamd, in Feddrick Hummema troud mei Eteke Tietes Hettinga bewenne de state doe. Hy stelde yn dat jier syn testamint op. De famylje Hommema fierde in wapen mei ûnder oaren trije ikels dêrop ôfbylde. It is net mei wissichheid fêst te stellen, mar it fermoeden bestiet dat er in soan wie fan Homme Homminga, troud mei in dochter Harinxma.
Hy wurdt opfolge troch syn soan Tiete Hommema, troud mei Katryn Foppinga, dy't yn 1505 as ealfrou yn Menameradiel neamd wurdt. De (iennige?) dochter fan Tiete, Rints neamd, troud mei Frans Minnema, stjert al yn 1494 en nei de dea fan Tiete ferervet de stins/state op pakesizzer Rints Fransdr Minnema, dy't troud is mei Witze Cammingha fan Cambuur. Dit pear wennet op de State en jout yn 1529 de swannejacht oan fanwegen Hommema state. It echtpear Rints en Witze wurdt opfolge troch harren soan Tiete Cammingha, dy't we yn 1543 tsjin komme. Nei de dea fan Tiete fererve de State wer yn froulike line oer op syn dochter Siouck Cammingha, dy't troud wie mei de Spaanste oerste Jarich Liauckema fan Seisbierrum.
Fan in State is dan nei alle gedachten al ien sprake mear, dy is al foar 1620 ferfongen troch of omboud ta in pleats. Siouck en Jarich wenje net op de pleats, mar jouwe dy om 1640 hinne yn pacht oan Bauke Isbrands. Yn 1669 is Hector Eelkes fan Glinstra de pachter en yn 1700 Lolke Lolkes Hommema, dy't de pleats ek keapet. Hy is de stamheit fan de boerefamylje Hommema.
Hommema leit op de savelrêch tusken Dronryp en Hatsum. Op de kadastrale kaart út 1830 is te sjen dat de pleats tusken de terp en it hûsplak mei rûnom in grêft lei. Nei alle gedachten stie de stins op de terp en de lettere state binnen de grêften.
Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Menameradiel Kategory:Dronryp