De Yndyske túfearn (Nisaetus cirrhatus) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) binnen it 'skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes).

Uterlik De Yndyske túfearn is in middelgrutte earn mei grutte, rûne wjukken yn 'e flecht en in frij lytse kop. De soarte komt foar yn twa ferskillende kleurfoarmen: in ljochte en in donkere foarm. thumb|left|Fûgel yn Nepal. In ljochte, folwoeksen fûgel is fan boppen donkerbrún en hat in wyt, swartstreke boarst. Jonge fûgels (juvenilen) binne in stik ljochter fan kleur, mei in witere ûnderkant en oer it generaal minder streken op it hiele lichem. De donkere foarm is hielendal donker fan kleur, mar hat wol wat ljochtere bûtenste wjukfearren. Dizze foarm kin betize wurde mei in donkere huningfalk, mar de Yndyske túfearn is slanker boud en hat folle langere wjukken.

De sturt is ljochtbrún mei in brede einbân en trije oant fjouwer smelle donkerbrune streken. De brune wjukfearren ha grutte úteinen en swarte streken mei fjouwer oant fiif donkere balken. De eagen en poaten binne giel oant grien.

Fersprieding en systematyk De Yndyske túfearn wurdt opdield yn fiif ferskillende ûndersoarten: N. c. limnaeetus – komt foar fan it noarden fan Yndia oant yn Yndosina, it Malakka-skiereilân, de Grutte Sûnda-eilannen en de Filipinen. N. c. cirrhatus – komt foar yn Yndia. N. c. ceylanensis – komt foar op Sry Lanka. N. c. andamanensis – komt foar op 'e Andamanen. N. c. vanheurni – komt foar op it eilân Simeulue westlik fan Sumatra.

Earder waarden de ûndersoarten limnaeetus, andamanensis en vanheurni as in aparte soarte beskôge ûnder de namme Nisaetus limnaeetus. Oan 'e oare kant wurdt de Floarestúfearn (N. floris) troch guon wittenskippers ek as in ûndersoarte fan 'e Yndyske túfearn behannele.

Dy Yndyske túfearn libbet fral yn bosken, oan boskrânen en yn gruttere parken en plantaazjes.

Yndyske túfearnen ite in grut skala oan proaien, lykas sûchdieren, fûgels en reptilen. Hy sit op in plak en wachtet ferduldich op in fûgel, knyn of oar bist.

Skaai-yndieling De earnen út it skaai Nisaetus waarden earder ta it skaai Spizaetus rekkene, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dizze twa groepen genetysk net nau oaninoar besibbe binne.

Status De Yndyske túfearn hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en in grutte wrâldpopulaasje. Hoewol't der fan útgien wurdt dat de oantallen stadichoan tebekrinne as gefolch fan habitatferwoasting, fersteuring troch de minske en somtiden ek troch streuperij, is dy krimp net sa slim om de soarte as bedrige te sjen. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje is net krekt rûsd, mar de fûgel wurdt yn syn leefgebiet beskreaun as algemien oant frij seldsum.

Kategory:Túfearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam