De Abdij fan Stavelot is in eardere abdij fan benediktynske muontsen yn 'e Belgyske stêd Stavelot. Yn 'e hege midsiuwen hie de abdij in grutte reputaasje as sintrum fan keunst en wittenskippen. Fan it oars sa ymposante kleasterkompleks binne mar in pear gebouwen oerbleaun. Dêryn binne hjoed-de-dei trije musea ûnderbrocht: it Histoarysk museum fan it foarstedom Stavelot-Malmedy, it Guillaume Apollinairemuseum en it Museum fan it sirkwy Spa-Francorchamps.
Skiednis De abdij waard yn 648 stifte troch Remaklus, de abt fan it kleaster yn Solignac (Akwitaanje). Hy krige fan kening Sigebert III fan Austraasje in stik bosk yn 'e Ardinnen om dat diel fan it ryk te kristenjen en stifte de dûbelabdij fan Stavelot-Malmedy, dy't it begjin foarme fan it Abdijfoarstedom Stavelot-Malmedy. Dat tsjerklike foarstedom slagge der mear as 1.000 jier yn om frij autonoom te bliuwen yn it Hillige Roomske Ryk. De rivaliteit tusken de twa abdijen waard yn 980 troch keizer Otto II yn it foardiel fan Stavelot besljochte.
De grutte bloeiperioade fan Stavelot lei tusken de 10e en 12e iuw. De oarspronklike kleasterregel, dy't basearre wie op 'e Ierske wenst, waard doe ferfongen troch de regel fan 'e hillige Benediktus. Poppo (abt yn 1020) wie in herfoarmer yn 'e tradysje fan 'e Abdij fan Cluny. Hy krige ek de lieding oer santjin oare abdijen, wêrûnder dy fan Echternach en Sankt Gallen. Freark fan Lúksemboarch, hartoch fan Neder-Lotharingen yn 'e 11e iuw, waard yn 'e abdij begroeven. thumb|left|It ferneamde Remaklusretabel. Wibald (abt yn 1130) wie in diplomaat yn tsjinst fan 'e keizers en de opdrachtjouwer fan talrike keunstwurken, wêrûnder it Remaklusretabel: in grut en kostber alterstik fan goud en sulver mei sintraal de skryn fan 'e hillige stifter Remaklus. Wibald waard letter ek abt fan 'e Abdij fan Corvey. Syn brieven hearre ta de wichtichste boarnen foar de skiednis fan 'e Twadde Krústocht. Yn 1147 hie de abdij 43 muontsen.
Sûnt de 12e iuw makke de abdij in lange tiid fan ferfal troch. Yn 1334 wienen der noch mar tolve muontsen en yn 1499 sels mar seis. Oan 'e ein fan 'e 15e iuw brocht abt Willem fan Manderscheid de kleasterdissipline werom troch de regel fan Bursfeld yn te fieren, wêrby't de nadruk lei op neisteleafde, persoanlike meditaasje en yntellektuele arbeid. Sûnt 1501 waard de abdijtsjerke yn goatyske styl weropboud. thumb|left|de abdij yn 'e 18e iuw. In iuw letter waard de abdij bedrige troch de godstsjinststriid yn 'e Súdlike Nederlannen. Yn 'e 16e en 17e iuw foarme it abdijfoarstedom soms in personiele uny mei it Prinsbisdom Luik. Op 4 oktober 1689 waard de abdij folslein ferneatige troch de troepen fan 'e Frânske kening Loadewyk XIV. Fan 1741 oant 1753 waard de provisoarysk opknapte abdij hast hielendal op 'e nij boud yn 'e styl fan 'e Luikske barok.
Nei de komst fan 'e Frânske revolúsjetroepen waard it abdijfoarstedom opheft en moasten de muontsen halje-trawalje flechtsje. De abdijtsjerke waard plondere en dêrnei ôfbrutsen.
Yn 1950 stiften Benediktinen op 'e nij in kleastermienskip en bouden it Kleaster fan Wavreumont, op in plak dat krekt tusken Stavelot en Malmedy leit.
Erfgoed Gebouwen thumb|left|Poartegebou. Fan 'e 17e- en 18e-iuwske gebouwen binne it poartegebou en in pear bygebouwen yn 'e Maaslânske renêssansestyl, en it ferbliuw fan 'e abten yn Luikske barokstyl bewarre bleaun. De foarkant fan 'e abdij bestiet út it poartegebou út 1522 en de eardere hynderstâlen, brouwerij en bakkerij út 1717.
De súdlike fleugel fan it earste part, it saneamde prinsenkertier, waard boud yn 1718. De eastlike fleugel fan it earste part, in foarnaam gebou mei in fronton, wurdt it telhûs neamd. Dit waard boud ûnder abt Jozef de Nollet (1741-1753) en die tsjinst as it finansjeel-bestjoerlik sintrum fan it foarstedom. It twadde part hie ûnder oare de refter (ytseal). Dizze seal yn 'e súdlike fleugel is 18 meter lang, 10 meter breed en 5 meter heech. It waard ynwijd yn 1778 en hat it oarspronklike ynterieur mei stúkwurk bewarre. De eastlike fleugel fan it twadde part (healwei 18e iuw) wie ferbûn mei de abdijtsjerke en tsjinne as sliepseal.
Fan 'e abdijtsjerke, oarspronklik boud yn 'e 11e iuw en oanpast yn 'e 16e iuw, is allinnich it ûnderste diel fan 'e westtoer oerbleaun. De bou fan dizze toer sette yn 1534 útein ûnder abt Willem fan Manderscheid. De toer hie earder in spits en hie in lyts treptuorke dernjonken. Op it eardere kleasterterrein binne de omtrekken fan 'e tsjerke wol goed te sjen om't de fûneminten dêr folslein bleatlein binne.
Oar erfskip en tsjerkeskatten thumb|Remaklusskryn. De tsjerkeskat, dy't yn it ferline tige ryk wie, is nei it opheffen fan 'e abdij folslein ferspraat rekke oer ferskate musea oer de hiele wrâld: Fan it Remaklusretabel fan abt Wibald is hast neat mear oer. In 17e-iuwske tekening fan it 12e-iuwske alterstik is te finen yn 'e kolleksje fan it Grand Curtius yn Luik. Twa medaillons dy't by it retabel hearre, wurde bewarre yn it Museum Angewandte Kunst yn Frankfurt am Main en it Kunstgewerbemuseum yn Berlyn. It Pinksterretabel is in oar bekend retabel en stiet hjoed-de-dei yn it Musée national du Moyen Âge yn Parys. De Stauroteek fan Stavelot is in 12e-iuwske krúsrelykhâlder en makket diel út fan 'e keunstsamling fan John Pierpont Morgan yn New York. It Draachalter fan Stavelot is in 12e-iuwsk draachalter dat bewarre wurdt yn it Museum Keunst & Skiednis yn Brussel. Yn itselde museum stiet ek de relikwybuste fan paus Aleksander I út likernôch 1145. De Bibel fan Stavelot is in ferneamd 11e-iuwsk manuskript en wurdt hjoed-de-dei bewarre yn 'e British Library yn Londen. De Remaklusskryn is in 13e-iuwsk keunstwurk út dat yn Stavelot sels bewarre bleaun is. It hat in plak krigen yn 'e Sint-Sebastiaanstsjerke, de hjoeddeiske parochytsjerke fan 'e stêd.
Abdij fan Stavelot Kategory:Kleaster yn Belgje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 648 Kategory:Organisaasje opheft yn 1795 Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Bouwurk út de 18e iuw