De Floarestúfearn of Floarestoefearn (Nisaetus floris) is in bedrige, endemyske rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) binnen it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes). De fûgel komt foar op 'e Lytse Sûnda-eilannen yn Yndoneezje. Guon taksonomen beskôgje de fûgel as in ûndersoarte fan 'e Yndyske túfearn (Nisaetus cirrhatus).
Uterlik en lûd Mei in lichemslingte fan 60 oant 80 sentimeter is de Floarestúfearn troch de bank nommen grutter as syn nauwe sibbe, de Yndyske túfearn. Ek de wjuklingte wykt ôf: 43 oant 46,2 sm tsjinoer 36,5 oant 42,6 sm by de Yndyske túfearn. Grutte dielen fan it fearrekleed binne boppedat wyt en de sturt hat seis dwersbannen (ynstee fan fjouwer as fiif). Fan in fûgel op it eilân Alor waard in skril en lûd fluitsjen heard.
Fersprieding en systematyk De soarte komt foar yn tropysk, fochtich leechlânbosk oant op in hichte fan 1.700 meter boppe de seespegel. Oer it iten fan de fûgel is hast neat bekend, mar der wurdt fan útgien dat er fanút in sitplak jaget, krekt as syn sibben. Op Sumbawa is waarnommen dat de fûgel slangen fange. Ek oer it briedgedrach is net in soad bekend, mar briedgedrach is rapportearre yn 'e moannen maart–maaie en op Floares yn augustus.
Dizze earn komt allinnich op 'e Lytse Sûnda-eilannen foar, spesifyk op Sûmbawa, Komodo, Floares en Pulau Palue. Earder waard de Mindanaotúfearn as in ûndersoarte beskôge. Guon wittenskippers behannelje de Floarestúfearn hjoed-de-dei noch altyd as in ûndersoarte fan 'e Yndyske túfearn (Nisaetus cirrhatus).
Taksonomy De earnen út it skaai Nisaetus waarden earder ta it skaai Spizaetus rekkene, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dizze twa groepen genetysk net nau oaninoar besibbe binne.
Status De Floarestúfearn hat in tige lytse wrâldpopulaasje, dy't yn 2023 rûsd waard op mar 320 oant 1.500 folwoeksen fûgels. Der wurdt fan útgien dat de oantallen stadichoan tebekrinne troch ûntbosking en ferfolging troch de minske. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as bedrige (Endangered) op 'e Reade list.
Kategory:Túfearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje