De Ape-earnen (Pithecophaga) foarmje in fûgelskaai út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It skaai waard yn 1896 wittenskiplik beskreaun troch de Skotske soölooch William Robert Ogilvie-Grant.

It is in monotypysk skaai, itjinge betsjut dat der mar ien soarte ta it skaai heart: de ape-earn (Pithecophaga jefferyi).

Taksonomy en sibskip Binnen de famylje fan 'e haukfûgels waard it skaai fanwegen de grutte en it uterlik lang as in nauwe sibbe fan 'e harpij (Harpia harpyja) behannele. Nijer wittenskiplik ûndersyk nei it DNA hat lykwols útwiisd dat Pithecophaga genetysk sjoen folle nauwer besibbe is oan 'e slange-earnen (Circaetinae).

Fersprieding en status It skaai is endemysk op 'e Filipinen, dêr't er yn 'e oarspronklike, tropyske reinwâlden libbet. Fanwegen grutskalige houtkap en habitatferlies wurdt it skaai tige bedrige. De iennige soarte yn it skaai wurdt troch de IUCN dan ek klassifisearre as krityk bedrige (Critically Endangered).

Soarte Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 100px Ape-earn Pithecophaga jefferyi Filipinen (Luzon, Samar, Leyte en Mindanao) <span style="color:red;">kritykPithecophaga jefferyi op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai

Kategory:Haukfûgel