Hönnepel is in stedsdiel fan 'e stêd Kalkar yn 'e lânkring Kleef, Noardryn-Westfalen. It plak hie yn 2018 903 ynwenners.
Namme De plaknamme Hönnepel wurdt weromfierd op 'e Middelnederdútske wurden Hoen ("greide") en Pol ("ferheging"). De namme betsjut dêrmei in ferhege greideflakte resp. it eilân yn 'e Ryn dêr't Hönnepel oarspronklik op lei.
Skiednis Hönnepel, dat oarspronklik op in eilân yn 'e Ryn lei, waard omtrint 1100 foar it earst neamd en hearde by it Lân Aspel, dat yn 1392 fan it Keulske aartsstift oan it greefskip Kleef oergie. De Regenfledistsjerke waard yn 1437 in selsstannige parochytsjerke; it hjoeddeiske gebou stammet út de 15e iuw en is yn 'e 19e iuw yngreven ferboud. Hönnepel wie de sit fan 'e hearen fan Hönnepel. Fan harren oarspronklike kastiel is allinnich it hjoeddeiske Haus Hönnepel bewarre bleaun.
Yn it tichtebylizzende Reichswald en yn 'e omjouwing fan it hjoeddeiske plak waard yn 'e maitiid fan 1945 yn 'e saneamde Slach om it Reichswald (Operaasje Veritable) fûleindich fochten. Ek it plak Hönnepel waard swier troffen.
Op 1 july 1969 ferlear Hönnepel syn selstannigens as gemeente en waard doe by Kalkar yndield.
By Hönnepel stiet de kearnsintrale Kalkar (SNR-300), dêr't de bou yn 1972 fan úteinsette, mar dy't fanwegen massive protesten nea yn gebrûk nommen is. It ferset waard oanfierd troch Josef Maas ("Boer Maas"). Syn lân waard útkeazen as de lokaasje foar de kweekreaktor. Hjoed-de-dei wurdt it terrein brûkt as attraksjepark Wunderland Kalkar. Ofbylden
Kategory:Kalkar Kategory:Plak yn Noardryn-Westfalen