De gielkopmies (Auriparus flaviceps) is in sjongfûgel en de iennige soarte fan 'e famylje bûdelmiezen (Remizidae) dy't yn Noard-Amearika foarkomt. De soarte nimt yn oantallen ôf, mar wurdt noch net as bedrige klassifisearre.
Skaaimerken De gielkopmies is in hiele lyts (10–11 cm), foar it grutste part griis fûgeltsje mei in lyts en spits, koanysk snaffeltsje en in frij koart sturtsje. In folwoeksen fûgel hat in karakteristike giele kop mei in donkere team en readbrune skouderfearren. Jonge fûgels binne effen ljochtgriis.
Fersprieding en systematyk De gielkopmies wurdt as iennige soarte yn it skaai Auriparus set. Hy komt foar fan it súdwwesten fan 'e Feriene Steaten nei it suden oant yn dielen fan Meksiko. De soarte wurdt ûnderferdield yn seis ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
A. f. acaciarum – woastinen yn it súdwesten fan 'e FS oant noardlik Nederkalifornje en noardwestlik Meksiko. A. f. ornatus – súdeastlik Arizona oant Oklahoma, Teksas, súdlik Coahuila en Tamaulipas. A. f. flaviceps – sintraal Neder-Kalifornje, noardeastlik Sonora oant noardlik Sinaloa en Tiburón. A. f. lamprocephalus – súdlik Neder-Kalifornje, op 'e eilannen San José en San Francisco. A. f. sinaloae – noardwestlik Meksiko (noardwestlik Sinaloa fan Culiacán oant Guamuchil). A. f. hidalgensis – yn it it sintrale part fan Meksiko (noardeastlik Jalisco oant súdlik San Luis Potosí en eastlik Hidalgo).
Libbenswize De gielkopmies is algemien yn strûkwoastinen. Hy wurdt dêr hast altiten allinnich sjoen wylst er him fluch en akrobatysk troch de strûken beweecht op 'e strún nei lytse ynsekten, fruchten en nektar. De fûgel briedt yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet fan begjin maart oant juny. De gielkopmies bout, lykas oare soarten yn de famylje, in bolfoarmich nêst. De soarte is foar it grutste part in stânfûgel.
Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de oantallen ôfnimme, lykwols net sa bot dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De ynternasjonale natoerbeskermingsorganisaasje IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list. De populaasje wurdt op 7,2 miljoen folwoeksen yndividuen rûsd.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gielkopmies Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko