Stifting FB Oranjewoud is in Noard-Nederlânsk fermogensfûns dat him rjochtet op it fersterkjen fan it sosjaal, ekonomysk en kultureel klimaat yn Fryslân en de omlizzende regio. De stifting is de opfolger fan de Stifting Friesland Bank, de eardere oandielhâlder fan de Friesland Bank (1913–2013). It bestjoer fan Stichting FB Oranjewoud bestiet út fjouwer persoanen. De bestjoersleden krije gjin fergoeding foar harren bestjoerswurk.

Skiednis Noch foar it 100 - jierrich bestean waard yn 2012 Friesland Bank oernaam troch Rabobank. As ûnderdiel fan de fangnetôfspraak wie der in fêste priis ôfpraat foar it 100% belang fan Stichting FB (Fryslân Boppe) Oranjewâld yn Friesland Bank. Dizze stichting wie nei de omsetting fan koöperaasje nei NV de eigener fan Friesland Bank. De val van de Friesland Bank – Ús Bank; Jan Smit: Hoe Friesland zijn bank verloor, De val van de Friesland Bank – Ús Bank, Fries Journaal, 15 novimber 2024 As grut oandielhâlder krige de Stifting Friesland Bank by dizze oername in saneamde 'breidsskat' fan likernôch 126 miljoen euro, besteande út oandielen Van Lanschot, in jildbedrach en ferskate kultureel-histoaryske besittings, ûnder oaren Lângoed Oranjewoud en de keunstkolleksje fan de bank. Yn 2013 feroare de stifting har namme yn Stifting FB Oranjewoud. Sûnt dy tiid is de stifting eigner fan Lângoed Oranjewoud.

Doelstelling De stifting hat as doel it ferbetterjen fan it sosjaal, ekonomysk en kultureel klimaat yn Noard-Nederlân, wêrby’t mear as de helte fan de bydragen te’n goede komme moat oan ynstellingen yn of nau ferbûn mei Fryslân. Projekten moatte dúdlike wearde hawwe foar de regio en wurde allinnich stipe as ek oare partijen meidwaan. Kulturele inisjativen mei in ANBI-status kinne ek in oanfraach yntsjinje by de besibbe Stifting Kultuer FB Oranjewoud. Oanfragen wurde beoardiele op folsleinens en regionale betsjutting.

Lângoed Oranjewoud Stifting FB Oranjewoud is sûnt 2012 eigner fan Lângoed Oranjewoud yn It Oranjewâld, dat as ûnderdiel fan de nalittenskip fan de Friesland Bank oan de stifting oerdroegen waard. It lângoed fungearret as kultureel sintrum foar ferskate aktiviteiten fan de stifting. De stifting behearet in kolleksje histoaryske objekten en moderne keunst. Underdiel fan de eksposearre keunstkolleksje is wurk fan Jan Mankes, besteand út tekeningen, etsen, houtfiken en orizjinele drukmaterialen. It lângoed is ek it dekôr fan it jierlikse Oranjewoud Festival, ien fan de wichtichste kulturele projekten dy’t troch de stifting stipe wurde.

Aktiviteiten en stipe It Oranjewoud Festival is in ynternasjonaal klassyk-muzykfestival dat jierliks plakfynt yn it parkgebiet Oranjewoud. It festival stiet bekend om syn tagonklik karakter en draacht by oan de kulturele posysje fan de regio.

De stifting stipet ferskate grutskalige eveneminten yn Fryslân, ûnder oaren de Admiraliteitsdagen, Sail Harlingen en de iepen dagen fan de Loftmachtbasis Ljouwert.

It Frysk Blockbuster Fûns stimulearret grutte kulturele produksjes dy’t in breed publyk lûke en bydrage oan de ekonomyske ûntwikkeling fan Fryslân. De stifting stipet in selekte groep artistike kaaifiguren: makkers mei ynterdissiplinêr talint en in sterk netwurk binnen en bûten de regio. Sy krije fjouwer jier lang finansjele stipe.

Ynvestearrings en krityk Sûnt 2012 is de stifting útgroeid ta in aktive ynvestearder yn ferskate sektoaren, ûnder oaren media, fêstgoed en regionale bedriuwen. Foarbylden binne dielnimmingen yn de NDC Mediagroep, Keninklike Tichelaar, ferskate bouprojekten en in belang yn Groningen Airport Eelde. Dizze strategy hat laat ta krityk en soargen oer risiko’s en transparânsje. Deskundigen en belutsenen wize op in tanimmende fokus op risikofolle ynvestearrings en gjin ekstern tafersjoch, om’t de stifting gjin ried fan kommissarissen hat. Mar der wurdt ek wiisd op mooglike belangeferminging troch dûbele funksjes fan bestjoerders en beheinde iepenbierens fan jierferslaggen en strategyske besluten. Guon kritisy omskriuwe de stifting as in sletten netwurkstruktuer, wylst de stifting sels seit foarsichtich te operearjen en te wurkjen oan mear iepenheid.

Seleksje fan eardere bydragen Stifting Kultuer FB Oranjewoud hat ûnder oaren bydroegen oan: FB Oranjewoud Fûns (sûnt 2015) Projekten fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 De Joadske Brulloft Noard Nederlânsk Orkest – Pieter Roelf Jongereinkonserten Utjeften fan ferskate boeken Claudy Jongstra – Woven Skin De Fryske Akademy Stifting Stoereloer – Keunst foar Bern Feriening De Fryske Alvestêden – keunstwurk De Finishbôge

Kategory:Fryske stifting Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2012