De hûpe (Upupa epops) is in fûgel út de famylje fan 'e hûpefûgels (Upupidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 publisearre troch Carolus Linnaeus.

Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn súdeast Turkije. De hûpe is maklik te werkennen oan it readbrune fearrekleed en de lange túf mei swarte punten, dy't opset wurde kin as de fûgel him opwynt. De sturt en de wjukken binne swart en tekene mei brede wite streken. De snaffel is lang en tin. In opfallend skaaimerk is de sterke stank dy't it bist ferspriedt; dat komt oan 'e iene kant om't it nêst nea skjinmakke wurdt (itensresten en dong bliuwe efter) en oan 'e oare kant om't it wyfke in klier hat oan 'e basis fan har sturt (de stútklier), dy't yn 'e briedtiid in swiere stank ferspriedt. De fûgel hat dêrfandinne de bynamme drekhoanne. De rop fan 'e hûpe klinkt as hûp, hûp, en hoewol't de rop net lûd is, is dy dochs op grutte ôfstân te hearren. De lingte bedraacht 26 oant 28 sm en it gewicht is sa'n 75 gram.

Fersprieding De hûpe komt foaral foar yn it tuskenbeide en subtropyske diel fan Europa, fan iepen bosk oant gerssteppes en woastyneftich biotoop. It Ibearysk Skiereilân is fierwei it wichtichste briedgebiet. Hûpen wurde fral yn stienrike gebieten oantroffen, op muorren en om ruïnes hinne. Se oerwinterje yn Súd-Jeropa en Afrika.

Der wurde acht ûndersoarten ûnderskieden:

U. e. epops: fan noardwestlik Afrika en Europa oant it súdlike diel fan Sintraal-Ruslân, noardwestlik Sina en noardwestlik Yndia. U. e. saturata: fan eastlik Ruslân oant Koreä, Japan, sintraal Sina en Tibet. U. e. ceylonensis: sintraal en súdlik Yndia en Sry Lanka. U. e. longirostris: fan noardeastlik Yndia oant súdlik Sina, Yndosina en noardlik Malakka. U. e. major: Egypte. U. e. senegalensis: fan Senegal en Gambia oant Somaalje. U. e. waibeli: fan Kameroen oant noardwestlik Kenia en noardlik Uganda. U. e. africana: fan Kongo-Kinsjasa oant yn Kenia en súdlik oant yn Súd-Afrika.

Nederlân thumb|left|De hûpe by it nêst. Oant it begjin fan 'e 20e iuw briede de hûpe ek yn Nederlân. Dêrnei folge in tiid fan delgong, oant yn 'e jierren 1940 en 1950 de oantallen wer tanamen. Om 1974 hinne wie de fûgel lykwols as briedfûgel op 'e ferdwûn en folgen der allinnich noch waarnimmingen. Sûnt 2012 briedt de hûpe wer yn Nederlân, earst yn Limburch en letter ek op 'e Feluwe. De oantallen binne stadichoan ta, mar binne lykwols noch lyts.Gelderland,nl: Terugkeer van de bijna uitgestorven hop.

Libbenswize Syn iten bestiet foaral út grutte ynsekten, regenwjirms, (neakene) slakken en spinnen, mar ek hagedissen steane op it menu.

Briedgedrach thumb|left|Aaien. It nêst wurdt boud yn in holte fan in âlde beam, dêr't it wyfke likernôch 5 aaien yn leit. It wyfke en de jongen ferdigenje har tsjin fijannen troch dy mei in stjonkende floeistof te bespuitsjen. It aai fan 'e hûpe is blau-griis oant grien-brún fan kleur. De kleur is ôfhinklik fan it wyfke: troch fet út de stútklier op it aai oer te bringen, wurdt it oarspronklik blau-grize aai mear grien-brún. Dat fet wurdt by it brieden streekrjocht oerbrocht of troch de fearren op it boarst. De stof hat troch syn bakteariële gearstalling in anty-mikrobiële wurking, dy't it aai beskermet tsjin ynfeksjes. Hoe donkerder de stof, wat mear "goede" baktearjes de stof befettet en wat better it wurket.

Status De grutte fan 'e populaasje waard troch BirdLife International yn 2015 rûst op 5-10 miljoen fûgels, wêrfan't de Europeeske populaasje sa'n 1,3 miljoen oant 2,76 miljoen pearkes telde. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige (Least Concern), mar der wurdt oannommen dat de oantallen tebekrinne, fral troch jacht en ferneatiging fan habitat.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hûpe Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo