It aartsbisdom Mechelen-Brussel (Latyn: Archidioecesis Mechliniensis-Bruxellensis; Frânsk: Archidiocèse de Malines-Bruxelles) is ien fan 'e acht roomsk-katolike bisdommen yn Belgje. It is it aartsbisdom fan 'e tsjerkeprovinsje Mechelen-Brussel, dy’t it hiele Belgyske grûngebiet beslacht.
Omskriuwing = It aartsbisdom omfiemet de provinsjes Flaamsk-Brabân en Waalsk-Brabân, it Brussels Haadstedsk Gewest en sân gemeenten yn de provinsje Antwerpen (ûnder oare Mechelen en Willebroek). It bisdom is twatalich en is sûnt 1962 ferdield yn trije territoriale fikariaten: Brussel, Flaamsk-Brabân & Mechelen en Waalsk-Brabân.
It aartsbisdom hat 661 parochjes en stiet ûnder lieding fan aartsbiskop Luc Terlinden, dy't ek metropolyt fan Belgje is. It aartsbisdom hat twa kathedralen: de metropolitaanske Sint-Romboutskatedraal yn Mechelen en sûnt 1961 ek de Katedraal fan Sint-Michaell en Sint-Gûdûla yn Brussel.
Skiednis Mechelen waard yn 1559 de sit fan in aartsbisdom doe't paus Paulus IV mei de bul Super Universas trije nije tsjerkeprovinsjes stifte yn 'e Nederlannen. Sa waarden de Lege Lannen tsjerklik losmakke fan Frankryk en it Hillige Roomske Ryk. Om it nije aartsbisdom finansjeel te stypjen, waard de Abdij fan Affligem dêryn opnommen; oant de Frânske Revolúsje wie de aartsbiskop fan Mechelen tagelyk abt fan Affligem.
Under Matthias Hovius (1596-1620) krige de Kontrareformaasje foarm. Hy stifte in seminaarje en fierde yn 1609 de earste Mechelske Katechismus yn foar de sielssoarch.
De Frânske Revolúsje hie grutte gefolgen: tsjerklike guod waard yn beslach nommen en it paleis yn Mechelen waard ferkocht. It Konkordaat fan 1801 tusken Napoleon en de paus werstelde de bannen, wêrby't it aartsbisdom útwreide waard mei it doe opgeheven bisdom Antwerpen.
Op 8 desimber 1961 waard it bisdom Antwerpen op 'e nij oprjochte fanwegen de befolkingsgroei. Sûnt dy tiid hjit it aartsbisdom offisjeel Mechelen-Brussel. Kardinaal Suenens fierde yn 1962 in nije struktuer yn mei territoriale fikariaten foar de ferskate regio's en kategoriale fikariaten foar ûnderwiis en it religieuze libben.
+ De beide katedralen 180px 180px De Sint-Romboutskathedraal (Mechelen) Michael en Gûdûlakatedraal (Brussel)
Kategory:Flaamsk-Brabân Kategory:Waalsk-Brabân Kategory:Brusselsk Haadstedsk Gewest Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1961