David Burke (Liverpool, 25 maaie 1934 – 10 maaie 2026) wie in Ingelske akteur, bekend fan syn rol as dr. Watson yn The Adventures of Sherlock Holmes, mei Jeremy Brett yn de titelrol. Dêrneist is er yn Nederlân bekend fan de Klene-reklames, wêryn't er Johannes Coenradus Klene spile.

Libben en wurk Burke gie nei de Royal Academy of Dramatic Art. Yn it teäter spile er de rol fan Niels Bohr yn Michael Frayn syn Copenhagen. Tegearre mei Frayn skreau er Celia's Secret: An Investigation (2000). Neist syn rol fan Watson wie er te sjen as Jozef Stalin yn de Britske telefyzjesearje Reilly, Ace of Spies en de John Wyndham ferfilming Random Quest.

Hy ferskynde mei syn soan, Tom Burke, yn 'e BBC-adaptaasje fan 2006 fan it spoekferhaal fan M.R. James, Number 13. Mei syn frou, Anna Calder-Marshall sile er yn 'e koarte film Only the Lonely út 2018. Priveelibben Burke troude mei Anna Calder-Marshall. Harren soan, Tom Burke, is ek akteur. Burke stoar yn de âlderdom fan 91 jier.

Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 2026