De katedraal fan Mechelen is de biskoplike tsjerke fan it roomsk-katolike aartsbisdom Mechelen-Brussel yn Mechelen, Belgje. De tsjerke, dêr't om 1200 hinne mei úteinset waard en dy't om 1500 hinne yn syn hjoeddeiske foarm foltôge waard, heart ta de haadwurken fan 'e Brabânske gotyk.

Skiednis en arsjitektuer De goatyske Sint-Romboutstsjerke ferfong in âldere romaanske foargonger. It gebou hie fanâlds in dûbele funksje. Oan 'e iene kant wie it as stiftstsjerke it domein fan it byhearrende kapittel fan koarhearen, dat ek de monumintale skryn foar de reliken fan 'e stedshillige behearde. Oan 'e oare kant funksjonearre de tsjerke as de haadparochytsjerke foar de ynwenners fan Mechelen. Hoewol't it stiftsgebiet juridysk sjoen frijsteld wie fan it stedsbestjoer, wie de tsjerke nau ferbûn mei de stêd; de boargerij en de gilden brûkten de tsjerke en de stêd betelle de machtige toer as symboal fan it boargerlik selsbewustwêzen. It gebou is in trijskippige basilyk op in krúsfoarmich grûnplan mei in eastlike oriïntaasje. thumb|left|Ynterieur. Yn 'e earste boufaze fan likernôch 1200 oant 1320 waarden it dwersskip, it haadskip en de beide sydskippen boud, en dêrnei de earste trije traveeën fan it koer yn 'e iergoatyske styl. De ynwijing waard op 28 april 1312 fierd.

Nei de grutte stedsbrân fan 1342, dy't ek de Romboutstsjerke skansearre, waard yn heechgoatyske styl fan 1365 oant 1451 it middenskip ferhege mei in trifoarium. It koer krige in apsis en in kapellekrâns fan sân kapellen. De Pikardyske boumaster Jan fan Osy yntrodusearre dêrby foarmen fan 'e Frânske katedraalgotyk. Dêrnei folge yn 1437 it ynbringen fan it ferwulft yn it middenskip en yn 1451 dat fan it koer. Yn it jier 1451 joech paus Nikolaas V by in besite oan 'e katedraal tastimming foar it ferlienen fan ôflaten en dat brocht in soad pylgers nei de katedraal. Ek krigen de bouaktiviteiten oan 'e tsjerke in nije oantrún.

Yn 'e treddde boufaze fan 1452 oant 1520 waarden oan it noardlike sydskip trije kapellen tafoege; de grutste dêrfan strekt him út oer trije traveeën. Mar foaral krige de machtige toer yn dy tiid syn foarm. It plan wie om de toer oant 167 meter te bouwen en dêrmei hearde it projekt by de meast ambisjeuze bouplannen fan 'e gotyk. Fan 'e 70 meter hege achtkante (oktogonale) spits waard lykwols allinnich de basis realisearre, it diel boppe it omrinnende balkon. Dêrmei is de hichte fan 'e hjoeddeiske toer 97,28 meter. Yn it jier 1559, mei de oprjochting fan it aartsbisdom Mechelen, waard de Sint-Romboutstsjerke in katedraal.

De earste byldestoarm fûn yn 1566 plak. In soad alters, bylden en skilderijen waarden doe troch kalvinisten stikken slein. Folle slimmer wie it jier 1580, doe't ûnder lieding fan 'e kalvinist Olivier van den Tympel mei help fan Ingelske hierlingen de stêd plondere. Alles wat de katedraal doe noch oan keunstwurken hie, ynklusyf âlde grêfmonuminten en de âlde skryn fan Rombout, waard doe fernield of stellen. Fan 1580 oant 1585 wie de tsjerke sels offisjeel yn hannen fan 'e kalvinisten foar de protestantske earetsjinst. Doe't de Spaanske troepen de stêd weromferoveren, stie it bisdom foar in folslein lege en keale tsjerke. Om't der neat mear stie, krigen keunstners lykas Lucas Faydherbe yn 'e 17e iuw alle romte om de tsjerke hielendal yn te rjochtsjen neffens de moade fan dy tiid: de barok. Ek de barokke sydportalen stamje út dy tiid (1626).

Ynterieur Troch de iuwen hinne hat de tsjerke in soad te lijen hân fan 'e Byldestoarm yn 1566 en de Frânske tiid. Yn 'e 17e iuw is de tsjerke op 'e nij ynrjochte yn barokke styl, benammen ûnder ynfloed fan 'e ferneamde Mechelske byldhouwer Lucas Faydherbe (in learling fan Rubens).

It haadalter thumb|left|Heechalter. It monumintale moarmeren heechalter út 1665 is ûntwurpen troch Lucas Faydherbe. Yn it heechalter wurde ek de reliken fan Sint-Rombout bewarre.

De preekstoel In hichtepunt fan Flaamsk fykwurk is de naturalistyske preekstoel út 1721, makke troch Michiel van der Voort de Alde. De stoel ferbyldet de bekearing fan 'e hillige Norbertus yn in folslein út hout snien lânskip mei beammen en bisten.

Skilderkunst thumb|Kristus oan it KrúsAnthonis van Dyck. Yn it dwersskip hinget it ferneamde alterskilderij Kristus oan it Krús (1630) fan Anthonis van Dyck. Dêrnjonken hingje der ek wurken fan oare Flaamske masters lykas Gaspar de Crayer en Michiel Coxcie.

Apostelbylden Oan 'e pylders fan it middenskip steane tolve grutte 17e-iuwske bylden fan 'e apostels, dy't makke binne troch foaroansteande byldhouwers út dy tiid.

Oargel Yn 'e katedraal steane twa oargels. thumb|left|Haadoargel. It haadoargel op 'e westlike kreake waard yn 1957 boud troch de oargelboufirma Jos Stevens (út Duffel). It hat 82 registers ferdield oer fjouwer manualen en in pedaal. Oarspronklik hie it oargel 84 registers, mar by in grutte restauraasje en ombou yn 1999 troch de firma Schumacher binne der in pear registers feroare en gearfoege, wêrtroch it hjoeddeiske oantal op 82 registers útkomt

Op in kreake fan it sydskip stiet in lytser ynstrumint, dat al yn 1919 troch de oargelbouwer Stevens boud waard. Dat ynstrumint hat 30 registers op twa manualen en pedaal.

Patroanhillige De patroanhillige fan 'e katedraal en de stêd Mechelen is Sint-Rombout (Latyn: Rumoldus). Neffens de oerlevering wie hy in Ierske of Skotske muonts en biskop dy't yn 'e 8e iuw as kristlik misjonaris nei de Nederlannen kaam. Hy stifte oan 'e rivier de Dijle in kleastermienskip, dy't de kearn foarme fan 'e lettere stêd Mechelen. Rombout waard dêr fermoarde en wurdt sûnt dy tiid as martelder en as de apostel fan Mechelen fereare.

Kategory:Mechelen Mechelen Mechelen Mechelen Mechelen