De Sint-Niklaastsjerke is in tsjerke oan 'e Korenmarkt yn 'e Belgyske stêd Gint. It tsjerkegebou is wijd oan Nikolaas fan Myra en is in goed foarbyld fan 'e Skeldegotyk. De hege krusingstoer dy't it dwersskip ferljochtet is unyk en, foar de Lege Lannen, de loftbôgen fan it haadkoer. De toer hat in hichte fan 76 meter.

Bouwskiednis Oarspronklik stie op it plak in romaanske tsjerke út likernôch 1100. De bou fan dy tsjerke wie in inisjatyf fan 'e Sint-Pitersabdij. De Sint-Baafsabdij naam dêrop it beslút ta de bou fan 'e Sint-Michaelstsjerke (Sint-Michielskerk) op 'e rjochter igge fan 'e Leie. In earste gebou baarnde yn 1120 ôf, in twadde waard nei 1200 ôfbrutsen.

Sûnt de 13e iuw waard de Sint-Niklaastsjerke yn dielen fierder opboud en ferboud. It steapelrjocht op nôt dat Gint foar Flaanderen krige hie, wie dêr it finansjele fûnemint foar. De tawijing oan Nikolaas fan Myra, de patroanhillige fan skippers, bakkers en hannelers, is dan ek symboalysk. thumb|left|Middenskip mei sicht op it heechalter. Yn 'e lette midsiuwen waarden de sydkapellen tafoege en waard de oarspronklik flakke ôfsluting fan it koer ferfongen troch in letgoatyske kapellekrâns. De toer hie oarspronklik in folle hegere spits, dy't bydroech oan 'e opfallende fertikaliteit fan it gebou.

Sûnt de 16e iuw wurdt de skiednis fan 'e tsjerke bepaald troch ferwaarleazging, ferfal en skeining. Nei eardere restauraasjes yn 1912–1913 en 1939–1943 kaam in echte ommekear yn 1960, doe't besletten waard de tsjerke te sluten en oer te gean ta in yngreven en sekuere restauraasje. De earste iepening wie earst yn 1992, doe't de toer, it dwersskip en it koer wer iepene waarden. Op 27 novimber 2010 gie ek it skip fan 'e tsjerke wer iepen foar it publyk. Letter moasten it súdlike sydskip (de kant fan 'e Cataloniëstraat) en it oargel noch wersteld wurde, wêrmei't de folsleine foltôging fan 'e wurksumheden yn 2022 klear wie.

De feriening "De Vrienden van de Sint-Niklaaskerk", dy't yn 1936 oprjochte waard (op oantrún fan Gustave Magnel), wie in driuwende krêft efter it behâld fan 'e tsjerke. Ek it wurk fan 'e Gintske keunstner Jules De Bruycker hold it omtinken foar dizze tsjerke libben.

Skaaimerken Typyske skaaimerken fan 'e Skeldegotyk yn 'e Sint-Niklaastsjerke binne:

de boustien fan Doarnikske kalkstien. de krusingstoer (op 'e krusing fan it haadskip en it dwersskip) ynstee fan in toer op 'e westlike kant. de foar de stabiliteit oanbrochte flankeartuorkes oan 'e eingevels. de mei knopkapitelen bekroande pylders yn 'e tsjerke fan Doarnikske stien, dy't dreech te bewurkjen is.

Oargels Haadoargel It haadoargel fan 'e Sint-Niklaastsjerke is yn 'e jierren 1853–1856 makke troch de Frânske oargelbouwer Aristide Cavaillé-Coll mei in oargelkas fan Auguste Van Assche. It mechanyske oargel mei sleepladen hat trije manualen, 40 registers en in selsstannich pedaal. It wie it earste ynstrumint fan Cavaillé-Coll yn Belgje en wurdt beskôge as ien fan syn masterwurken. Fanwegen de grutte restauraasje fan 'e tsjerke is it ynstrumint sûnt 1964 net mear yn gebrûk en wachtet it ynstrumint op in eigen restauraasje.

Koaroargel It koeroargel fan Flentrop stammet út 1974 en hat op ferskate plakken yn Utert stien, oant it yn 2006 nei Gint ferhuze. It hat trije manualen, 27 registers en in selsstannich pedaal.

Sjoch ek Sint-Baafskatedraal (Gint) Belfort fan Gint

Kategory:Bouwurk yn Gint Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Gint Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Belgje Kategory:Bouwurk út de 13e iuw