Tamsin is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Peter S. Beagle. De titel is in Ingelske famkesnamme, in ferkoarte foarm fan Thomasina. It boek fertelt it ferhaal fan it Amerikaanske teenagefamke Jenny Gluckstein út New York, dat losskuord wurdt fan alles dat se ken as har skieden mem wertrout mei in Ingelsman. Net allinnich emigrearje se nei it Feriene Keninkryk, mar ynstee fan yn 'e grutte stêd bedarje se op in fertutearze state op it plattelân fan it Ingelske greefskip Dorset. Jenny is dêr earst tige ûngelokkich, mar dan ûntdekt se dat it spûket yn 'e state en moetet se de geast fan 'e santjinde-iuwske jongedame Tamsin Willoughby. Tamsin is skreaun yn it ik-perspektyf. De roman waard yn 1999 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books, mei in omslach makke troch Paul Youll. Letter ferskynden der werútjeften ûnder de ymprint New American Library fan 'e Penguin Group. Tamsin wûn yn 2000 in Mythopoeic Award. __TOC__ Ynhâld De trettjinjierrige Jenny Gluckstein wennet yn New York mei har skieden mem Sally, dy't diriginte, muzykpedagoge en pianoleararesse is. Har heit Nathan, in operasjonger dy't foar frijwol eltsenien bekend stiet ûnder syn artystenamme Norris Groves, is drok mei syn karriêre en Jenny sjocht him mar komselden. Wannear't har mem kunde kriget oan 'e Ingelske lânboukundige Evan McHugh, fereale rekket en beslút mei him te trouwen, betsjut dat dat se nei it Feriene Keninkryk emigrearret. Jenny, dy't krekt yn 'e dwerse jierren fan 'e puberteit sit, fielt der hielendal neat foar om út New York wei, dêr't se har libben en har freonen hat, en se wol dan ek neat fan in ferhuzing nei Ingelân witte. Se besiket sels om by har heit yn te lûken, mar dy sit net op har te wachtsjen. Uteinlik moat se belies jaan en giet it mei de emigraasje dochs oan.
Jenny har styfheit Evan hat twa foarsoannen út in earder houlik, de santjinjierrige Tony, dy't balletdûnser wurde wol, en de tsienjierrige Julian. Oarspronklik wie it de bedoeling dat Jenny en Sally har mei Evan en de beide jonges yn Londen nei wenjen sette soen, mar krekt foar de emigraasje kriget Evan in nije baan as bedriuwslieder op Stourhead Farm, in folslein fertutearze buorkerij op it plattelân fan it greefskip Dorset, yn súdwestlik Ingelân. Dêr komme se te wenjen yn in reuseftige mar folslein efter de tiid rekke, trijehûndert jier âlde state, dêr't it itensieden noch op in houtfornús giet, de rioellearring problematysk is en de elektryske betriedding sa âld (en gefaarlik) is dat it yn in museum thúsheart.
Jenny ken yn Ingelân gjin minsk en moat har hiele libben wer fan 'e grûn ôf opbouwe. Oars as har mem, dy't oanhâldend yn 'e wolkens is troch har leafde foar Evan, hat Jenny stipe oan net ien. Har bêste freon is har boarre Mister Cat, mar dy moat in healjier yn karantêne foar't er it Feriene Keninkryk yn mei, dat him moat se yn 't earstoan ek misse. Al mei al binne de earste moannen op Stourhead Farm in alderaaklikste ûnderfining foar Jenny. En it wurdt der neat nofliker op makke troch de nuvere aspekten fan 'e state, dêr't sûnder oanwiisbere oarsaak kâlde plakken en aparte roken foarkomme, en dêr't op stoarmeftige nachten in ysbaarlik âljen troch de loft giet. Ek is der op 'e trêde ferdjipping in rútsje dat gjin sinneljocht wjerkeatst en wêrfan't net ien de keamer fine kin dêr't it sit. Jenny nimt har foar om nea of te ninter har styffamylje of har nije thús te akseptearjen.
Nei't er lang om let út karantêne kommen is, lûkt de oanwêzigens fan Mister Cat in spûkkat oan dy't inkeld hy en Jenny sjen kinne. It is in wite Perzyske poes, dy't troch Mister Cat krektlike oanhinklik behannele wurdt as alle poezen; hy sjocht gjin ferskil tusken libbene en spûkige wyfkes. As se de beide katten op in middei nei de heechste ferdjipping folget, ûntdekt Jenny it missende fertrek mei it net-reflektearjende rút, dat in geheime keamer mei in ferburgen doar blykt te wêzen. Dêr moetet Jenny de geast fan 'e njoggentjinjierrige Tamsin Willoughby, de dochter fan 'e man dy't de state yn 1671 sette litten hat. Sy is de bazinne fan 'e spûkkat, dy't de namme Miss Sophia Brown draacht. Jenny en Tamsin slute freonskip. Tenei siket Jenny Tamsin geregeldwei op en de beide fammen prate hûndertút. Jenny komt sa te witten dat Tamsin fan in definitive ôfreis nei it hjirneimels wjerholden wurdt troch in traumatysk foarfal dat te krijen hat mei har ferstjerren. Mar hja hat de omstannichheden fan har dea en wat der fan har frijer Edric Davies wurden is, folslein ferkrongen. Jenny komt stadichoan ta de oertsjûging dat Tamsin har trauma ûnder eagen sjen moat ear't se fierder kin.
Tamsin nimt Jenny mei op sleeptou troch it domein fan Stourhead Farm en bringt har yn 'e kunde mei ferskate boppenatuerlike wêzens dy't dêr libje, wêrûnder de billy-blind, dy't oan ien wei troch ûnfrege rie jout, en de fan stal ferwikseljende pooka, dy't almeast ferskynt yn 'e foarm fan in swart hynder. Ek warskôget se Jenny foar de gefaarlike redcaps dy't yn it ikeboskje wenje en minsken haatsje, en foar de machtige Frouwe fan 'e Flearebeam, in goadinne út prekristlike tiid dy't oer Dorset hearske foar't de minsken har der nei wenjen setten. Ut har petearen mei Tamsin leart Jenny ek wat oer de mear resinte skiednis fan Dorset, út Tamsin har eigen tiid. Dy perioade waard dominearre troch de Bloedige Assisen, in rige rjochtsaken wêrby't yn Dorset yn 1685, nei de mislearre Opstân fan Monmouth, hûnderten lju ta de deastraf feroardiele waarden troch de rjochter George Jeffreys.
Fia in pleatslike histoarikus, de âldman Guy Guthrie, komt Jenny derefter dat Tamsin en Jeffreys inoar goed koene, mei de rjochter gauris te gast wie by Tamsin har âldelju. Lang om let heucht it Tamsin wer dat Jeffreys om har stiek, mar hja is sa benaud fan him dat sels it neamen fan syn namme har al ta flecht oansette kin. De pooka warskôget Jenny dat alle nije aktiviteit fan Tamsin (dy't foar de komst fan Jenny desennia lang efterinoar op har stoel yn har geheime keamer siet te slomjen) de geast fan Jeffreys wekker makke hat, dy't nei al dy jierren noch altyd wisberet is om Tamsin ta sines te meitsjen. It omwaarjen fan Jeffreys makket it foar Tamsin dreech om har oantinkens te bewarjen, en sûnder oantinkens is in spûk neat, dat har hiele fuortbestean komt faai te stean.
Underwilens kin Jenny inkeld te rie by Meena Chari, in famke út har klasse mei wa't se befreone rekke is. Meena komt út Madras yn Yndia, en de beide famkes foarmje in bân dy't benammen basearre is op it feit dat se allebeide ymmigrantes yn in frjemd lân binne. Mei't yn Yndia alderhanne geasten en spûken en boppenatuerlike wêzens foarkomme en it leauwen yn it bestean dêrfan neat nuvers is, kin Jenny al har ûnderfinings op Stourhead Farm oan Meena tabetrouwe sûnder dat se bang hoecht te wêzen om útlake te wurden. Mar Meena kin de geast fan Tamsin net sjen, dat se kin net streekrjocht kontakt lizze.
Wylst Jeffreys wat langer wat sterker wurdt oant er ek de libbenen beynfloedzje kin, ferdjippet Jenny har fierder yn 'e skiednis fan Stourhead Farm. As se Tamsin mei har nij opdiene kennis konfontearret, komt har wer tebinnen dat sy en Edric útnaaie soene om temûk te trouwen, mei't hy fan folle minder begoedige komôf wie as sysels. Har âlden soene om dy reden in houlik tusken harren nea goedkard hawwe om't se fûn hawwe soene dat Tamsin har oan him fergoaide. Mar op 'e jûn dat se útnaaie soene, kaam Jeffreys op Stourhead Farm te jûnpraten en it duorre in ivichheid ear't Tamsin oan him ûntkomme koe. Op it plak dêr't se mei Edric ôfsprutsen hie, kaam Edric lykwols nea opdaagjen. Tamsin wachte oerenlang yn 'e rein en wyn ear't se fûn waard troch har âldelju en nei binnen brocht waard. Se rûn dêr in longûntstekking fan op en lei dagenlang dwylderich op bêd, wylst Jeffreys wekke oan har side en har âlden him der net út doarsten te bonsjoeren. Uteinlik stoar se oan har oandwaning en hearde inkeld Jeffreys har lêste wurden.
It nimt in protte kostbere tiid yn beslach, en gâns geduldich oantrúnjen troch Jenny, foar't it Tamsin wer yn 't sin komt dat se har troch Edric ferret fielde en him de skuld joech fan har sykte. Har lêste wurden wiene dêrom in ferflokking, om him foar ivich op har wachtsje te litten sa't sy om 'e nocht op him wachte hie. Jenny ûntdekt lykwols dat Edric te goeder trou wie, mar dat er op it ôfsprutsen plak oantroffen waard troch Jeffreys foar't dy dy jûns op Stourhead Farm arrivearre. Jeffreys makke him dea en rôp de Wylde Jacht op om him in dei en in nacht te hjitfolgjen. Nei Tamsin har dea brûkte er har ferflokking om 'e ferfolging fan Edric troch de Wylde Jacht ivichduorjend te meitsjen, wat resultearre yn 'e bloedstjurjende gjalpen dy't op stoarmnachten yn 'e loft boppe de state te hearren binne. De wreedheid fan Tamsin har ferflokking bûn har siel foar ivich oan Stourhead Farm. Inkeld sysels is by steat om 'e flok op te heffen en harsels en Edric te befrijen, mar ynstee beswykt se stadichoan foar de machtigere en mear wisberette geast fan Jeffreys. Dyselde mient dat syn oerwinning no binne hânberik is, mar dan hat er bûten de trettjinjierrige Jenny rekkene.
Op in stoarmjûn wannear't de Wylde Jacht oer de state giet, komt Jeffreys wer om Tamsin einlings foargoed ta sines te meitsjen. Mar dêrta oanfitere troch Jenny giet Tamsin efter de Wylde Jacht oan. Troch de help dy't se fan 'e pooka kriget, is Jenny derby oanwêzich as Tamsin de Wylde Jacht út 'e loft wei nei de grûn ta ropt en easket dat Edric frijlitten wurdt. Dat liket hast te wurkjen, mar Jeffreys, dy't noch altyd macht oer de Wylde Jacht hat, stjoert de jagers efter Jenny oan. Sy flechtet mei Tamsin en Edric by har, en Tamsin liedt it trijetal nei in flearbeammeboskje om beskûl te sykjen.
As de Wylde Jacht dêr binnenkringe wol, ferskynt ynienen in buorfrou fan Jenny, frou Fallowfield. Dyselde is in sjagrinich âldminske dat foar it meastepart op harsels bliuwt, mar mei wa't Jenny earder gedoente hân hat om't se har yrritante skoathûntsje al ferskate kearen rêde moatten hat fan Mister Cat. No docht bliken dat frou Fallowfield nimmen oars is as de Frouwe fan 'e Flearebeam, foar wa't de leden fan 'e Wylde Jacht stean te triljen yn harren skuon. Om't Jenny har in geunst dien hat, bemuoit sy har no mei it spul. Se bepaalt dat de Wylde Jacht Jenny en Edric gewurde litte moat, mar Jeffreys feroardielet se ta deselde straf as dy't hysels Edric oplein hat: om troch de Wylde Jacht hjitfolge te wurden oant der immen is dy't genôch om him jout om him te rêden. De Frouwe oarderet Jenny om al it boppenatuerlike dat se meimakke hat te ferjitten. Mar Tamsin tutet har ear't sy mei Edric ôfset nei it hjirneimels, en troch dy tút behâldt Jenny har oantinkens. Se is der hàst wis fan dat de Frouwe dat wit, mar der de eagen foar taknypt.
Jenny skriuwt dit ferhaal seis jier nei dato op, wannear't se sels njoggentjin jier is, deselde leeftyd dy't Tamsin hie doe't se stoar. Tsjin dy tiid skammet se har foar hoe't se har as trettjinjierrige bytiden holden en droegen hat. Se sjocht no yn dat se, benammen troch har freonskip mei Tamsin, frede krigen hat mei de ferhuzing nei Ingelân en in bettere relaasje mei har styffamylje ûntjûn hat. Dat se harsels sa ferdjippe hat yn it libben en de tiid fan Tamsin, hat har eigen libben in draai jûn dy't nimmen ferwachte hie: Jenny studearret no Ingelske skiednis oan 'e Universiteit fan Cambridge. Se is bang dat se nea wer it boppenatuerlike ûnderfine sil. Mar as se yn in fakânsje thús op Stourhead Farm is, ferskynt de pooka wer oan har, dy't har derfan bewissiget dat sysels feroare is troch wat se meimakke hat, en dat se tenei altyd in bân mei it boppenatuerlike hawwe sil, wêr yn 'e wrâld oft se ek mar hinne giet.
Prizen en nominaasjes 2000 – Mythopoeic Award foar folwoekseneliteratuer 2000 – nominearre foar de Locus Award foar bêste fantasyroman (5e plak) 2000 – nominearre foar de World Fantasy Award foar bêste roman
Kategory:Literêr wurk fan Peter S. Beagle Kategory:Fantasyroman Kategory:Ingelsktalige roman