Peter S. Beagle (folút: Peter Soyer Beagle; New York, 20 april 1939) is in Amerikaansk skriuwer fan fantasyromans, senarioskriuwer en essayist. Hy is it bekendst wurden mei syn romans The Last Unicorn (1968) en Tamsin (1999). Yn syn karriêre as skriuwer wûn er ferskate prestizjeuze prizen, wêrûnder de Hugo Award, de Nebula Award en (twaris) de World Fantasy Award. Yn 2018 waard er troch Science Fiction and Fantasy Writers of America (SFWA) útroppen ta grutmaster.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Beagle waard yn 1939 berne yn 'e New Yorkske borough The Bronx as de soan fan Simon Beagle, in learaar skiednis, en dy syn frou Rebecca Soyer. Syn folk bestiet út Asjkenazyske Joaden út Ruslân wei, dy't yn 'e tiid fan it Keizerryk Ruslân foar pogroms en ferfolgings nei de Feriene Steaten ta flechten. Trije fan Beagle syn omkes wiene keunstskilders fan namme, te witten syn memme bruorren Moses, Raphael en Isaac Soyer.

Beagle groeide op yn The Bronx, dêr't er fuortset ûnderwiis folge oan 'e Bronx High School of Science. Mei in stúdzjebeurs fan The Scholastic Art & Writing Awards, dy't er wûn hie troch it ynstjoeren fan in gedicht, learde er fan 1955 ôf troch oan 'e Universiteit fan Pittsburgh te Pittsburgh, yn westlik Pennsylvania. Dêr studearre er om 1960 hinne ôf mei in bachelor yn kreätyf skriuwen. Nei't er in jier om utens trochbrocht hie, folge er mei in stúdzjebeurs fan 'e Stegner Fellowship in doktoraalstúdzje yn kreätyf skriuwen oan 'e Universiteit fan Stanford yn Noardlik Kalifornje. Stúdzjegenoaten fan him dêre wiene û.o. de letter bekend wurden skriuwers Ken Kesey, Gurney Norman en Larry McMurtry.

Karriêre Beagle skreau syn earste roman, A Fine and Private Place, doe't er njoggentjin jier wie. It boek kaam út yn 1960 en waard yn 1965 folge troch it autobiografyske I See by My Outfit: Cross-Country by Scooter. Beagle briek yn 1968 troch mei de roman The Last Unicorn. By in stimming yn 1987 ûnder lêzers fan Locus, in foaroansteande Amerikaansk tydskrift op it mêd fan fantasy en science fiction, kaam dat wurk as de op fjouwer nei bêste fantasyroman aller tiden út 'e bus. Oare súksesfolle romans fan Beagle wiene The Folk of the Air (1987), dêr't er syn earste Mythopoeic Award mei wûn, The Innkeeper's Song (1994), dêr't er in Locus Award mei wûn, en Tamsin (1999), dat bekroane waard mei in twadde Mythopoeic Award. Mei Two Hearts, in soarte fan epilooch op The Last Unicorn, wûn Beagle yn 2006 de Hugo Award foar koarte novelle en it jiers dêrop ek de Nebula Award yn deselde kategory.

Beagle skreau fierders it foarwurd fan 'e earste Amerikaanske edysje fan The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien. Letter makken hy en Chris Conkling tegearre it senario fan 'e earste ferfilming fan dat wurk, de tekenfilm The Lord of the Rings fan Ralph Bakshi út 1978. Beagle wie ek de senarist fan The Last Unicorn (1982), de ferfilming fan syn eigen bekendste roman, en fierders fan û.o. Sarek, in ôflevering fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation (1990) en fan A Whale of a Tale, de pilotôflevering foar de tekenfilmsearje The Little Mermaid. Yn 'e mande mei komponist David Carlson wurke Beagle syn koarte ferhaal Come, Lady Death om ta in libretto foar in opera, The Midnight Angel, dy't yn 1993 yn it Opera Theatre of Saint Louis yn premiêre gie. Fierders skreau Beagle ek essays en wied er aktyf as redakteur fan blomlêzings mei koarte ferhalen fan oare auteurs.

Priveelibben Beagle wie fan 1964 oant 1980 troud mei Enid Elaine Nordeen. Mei har brocht er trije bern grut: dochter Kalisa, soan Dan en Victoria, in foardochter fan Enid út in earder houlik. Yn 1988 wertroude Beagle mei de skriuwster en byldzjend keunstneresse Padma Hejmadi, fan wa't er yn 2001 skiede.

Beagle hat sein dat it berneboek The Wind in the Willows, in klassiker fan 'e Ingelsktalige literatuer, skreaun troch Kenneth Grahame, him bejeftige mei syn foarleafde foar it sjenre fan 'e fantasy.

Yn 2015 klage Beagle syn eardere manager Connor Cochran oan foar in skeafergoeding fan $52 miljoen. De rjochtbank yn Alameda County yn Noardlik Kalifornje feroardiele Cochran foar finansjele âldereinmishanneling, fraude en fertrouwensbrek, en kende Beagle $325.000 ta foar misrûne ynkomsten, mei dêropta in skeafergoeding fan $7.500 foar kwealaster en in net bekend makke bedrach ta fergoeding fan abbekatekosten. Cochran liet himsels lykwols sechstjin oeren foar it begjin fan 'e rjochtsaak fallyt ferklearje, sadat Beagle gjin reade sint seach fan it jild dêr't er rjocht op hie. Noch helte minder wie dat de auteursrjochten op syn skriuwwurk fêst kamen te sitten yn 'e ôfwikkeling fan it fallisemint. Pas yn febrewaris 2021 slagge it Beagle om 'e auteursrjochten werom te keapjen foar de priis fan $600.000. Dat bedrach brocht er gear út syn eigen sparjild en mei in crowdfundingsaksje ûnder syn freonen en sakepartners.

Wurk Romans 1960 – A Fine and Private Place 1968 – The Last Unicorn 1986 – The Folk of the Air 1993 – The Innkeeper's Song 1999 – Tamsin 2016 – Summerlong 2024 – I'm Afraid You've Got Dragons

Novelles 1996 – The Unicorn Sonata (foar jongfolwoeksenen) 2000 – A Dance for Emilia 2007 – The Last Unicorn: The Lost Version (oarspronklike kladferzje fan novellelingte) 2010 – Return 2017 – In Calabria 2018 – The Last Unicorn: The Lost Journey (foltôge novelleferzje)

Koarte novelles 1969 – Lila the Werewolf 2006 – Two Hearts

Omnibusedysjes 1978 – The Fantasy Worlds of Peter S. Beagle (omnibus fan A Fine and Private Place, The Last Unicorn, Come, Lady Death en Lila the Werewolf)

Ferhalebondels 1997 – Giant Bones (koarte ferhalen út 'e wrâld fan The Innkeeper's Song; yn 1999 werútjûn ûnder de titel The Magician of Karakosk and Other Stories) 1997 – The Rhinoceros Who Quoted Nietzsche and Other Odd Adquaintances (samling koarte ferhalen en essays) 2006 – The Line Between 2008 – Strange Roads 2009 – We Never Talk About My Brother 2010 – Mirror Kingdoms: The Best of Peter S. Beagle (blomlêzing út eigen wurk, ûnder redaksje fan Jonathan Strahan) 2011 – Sleight of Hand 2017 – The Overneath 2023 – The Way Home

Poëzij 2006 – Your Friendly Neighborhood Magician: Songs and Early Poems

Non-fiksje 1965 – I See by My Outfit: Cross-Country by Scooter, an Adventure (memoire) 1969 – The California Feeling (mei fotograaf Michael Bry) 1975 – American Denim 1976 – The Lady and Her Tiger (mei Pat Derby) 1982 – The Garden of Earthly Delights (keunstboek) 1995 – In the Presence of the Elephants (fotoboek) 1997 – The Rhinoceros Who Quoted Nietzsche and Other Odd Adquaintances (samling koarte ferhalen en essays)

Redaksje 1995 – Peter S. Beagle's Immortal Unicorn (blomlêzing fan it wurk fan oare auteurs; ûnder redaksje fan Peter S. Beagle; yn paperbackfoarm opspjalten yn 2 dielen: Peter S. Beagle's Immortal Unicorn út 1998 en Peter S. Beagle Immortal Unicorn 2 út 1999) 2010 – The Secret History of Fantasy (blomlêzing fan it wurk fan oare auteurs; ûnder redaksje fan Peter S. Beagle) 2011 – The Urban Fantasy Anthology (blomlêzing fan it wurk fan oare auteurs; ûnder redaksje fan Peter S. Beagle en Joe R. Lansdale) 2017 – The New Voices of Fantasy (blomlêzing fan it wurk fan oare auteurs; ûnder redaksje fan Peter S. Beagle en Jacob Weisman) 2019 – The Unicorn Anthology (blomlêzing fan it wurk fan oare auteurs; ûnder redaksje fan Peter S. Beagle en Jacob Weisman)

Senario's 1974 – The Dove 1977 – The Greatest Thing That Almost Happened 1978 – The Lord of the Rings (mei Chris Conkling) 1982 – The Last Unicorn 1990 – Sarek (ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation) 1992 – A Whale of a Tale (pilotôflevering fan 'e tekenfilmsearje The Little Mermaid) 1998 – Camelot 1998 – A Tale of Egypt

Prizen en nominaasjes Boarne: Science Fiction Awards Database jier priis resultaat kategory foar1987Mythopoeic Awardwûnbêste fantasy The Folk of the AirLocus Award6e plakbêste fantasyroman The Folk of the Air1994Locus Awardwûnbêste fantasyroman The Innkeeper's SongMythopoeic Awardnominearrebêste fantasy foar folwoeksenen The Innkeeper's SongWorld Fantasy Awardnominearrebêste roman The Innkeeper's Song 1996Locus Award8e plakbêste blomlêzing Peter S. Beagle's Immortal Unicorn 1997Locus Award4e plakbêste novelle The Unicorn Sonata1998Locus Award2e plakbêste novelle Giant Bones 6e plakbêste koarte novelle Julie's Unicorn7e plakbêste ferhalebondel Giant Bones15e plakbêste ferhalebondelThe Rhinoceros Who Quoted Nietzsche and Other Odd AdquaintancesMythopoeic Awardnominearrebêste literatuer foar folwoeksenen Giant BonesWorld Fantasy Awardnominearrebêste ferhalebondel Giant Bones2000Mythopoeic Awardwûnbêste literatuer foar folwoeksenen TamsinLocus Award5e plakbêste fantasyroman TamsinWorld Fantasy Awardnominearrebêste roman Tamsin 2003Grand Prix de l'Imaginairewûnbêste oersetting fan in ferhalebondel The Rhinoceros Who Quoted Nietzsche and Other Odd Acquaintances 2005Locus Award3e plakbêste koarte novelle Quarry2006Hugo Awardwûnbêste koarte novelle Two HeartsLocus Award2e plakbêste koarte novelle Two HeartsWorld Fantasy Awardnominearrebêste koarte fiksje Two Hearts2007Nebula Awardwûnbêste koarte novelle Two HeartsWSFA Small Press Awardwûnn.f.t. El RegaloLocus Award6e plakbêste koarte novelle Salt Wine11e plakbêste koarte novelle El Regalo27e plakbêste koarte novelle Chandail6e plakbêste ferhalebondel The Line BetweenMythopoeic Awardnominearrebêste literatuer foar folwoeksenen The Line Between2008Locus Award2e plakbêste koarte ferhaal The Last and Only, or, Mr. Moscowitz Becomes French4e plakbêste koarte novelle We Never Talk About My Brother11e plakbêste koarte ferhaal Barrens Dance2009Locus Award5e plakbêste koarte ferhaal King Pelles the Sure6e plakbêste koarte novelle The Rabbi's Hobby11e plakbêste koarte novelle Uncle Chaim and Aunt Rifke and the Angel19e plakbêste koarte novelle The Tale of Junko and SayuriWorld Fantasy Awardnominearrebêste novelle Uncle Chaim and Aunt Rifke and the Angelnominearrebêste ferhalebondel Strange Roads2010Locus Awardwûnbêste koarte novelle By Moonlight5e plakbêste ferhalebondel We Never Talk About My Brother32e plakbêste koarte novelle VanishingWorld Fantasy Awardnominearrebêste ferhalebondel We Never Talk About My Brother2011World Fantasy AwardwûnLiftime Achievement Award (oeuvrepriis)oeuvreLocus Award2e plakbêste ferhalebondel Mirror Kingdoms15e plakbêste koarte novelle La Lune t'Attend18e plakbêste koarte novelle Trinity County, CA2012Locus Award3e plakbêste ferhalebondel Sleight of Hand4e plakbêste koarte novelle Underbridge5e plakbêste koarte ferhaal The Way It Works Out and All 2013Locus Award6e plakbêste koarte ferhaal Great-Grandmother in the Cellar2017Locus Award4e plakbêste koarte ferhaal The Story of Kao Yu10e plakbêste fantasyroman Summerlong2018SFWA Grand Master Awardwûnn.f.t. oeuvreWorld Fantasy Awardwûnbêste [redaksje fan in] blomlêzing The New Voices of Fantasy(mei Jacob Weisman)nominearrebêste novelle In CalabriaLocus Award6e plakbêste ferhalebondel The Overneath8e plakbêste novelle In Calabria2023Forry Awardwûnn.f.t.oeuvre2024Locus Award6e plakbêste ferhalebondelThe Essential Peter S. Beagle, Volume 1 & 2World Fantasy Awardnominearrebêste ferhalebondelThe Essential Peter S. Beagle, Volume 1 & 22025Locus Awardwûnbêste yllustrearre boek of keunstboekThe Last Unicorn(mei yllustrator Tom Kidd)6e plakbêste fantasyroman I'm Afraid You've Got Dragons

Keppelings om utens Offisjele webside fan Peter S. Beagle Peter S. Beagle yn 'e Internet Speculative Fiction Database

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Russysk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1939