De Flearemem (Ingelsk: Elder Mother; Deensk: Hyldemor) is in ierdgeast út 'e folkloare fan Skandinaavje en dielen fan Ingelân, wêrûnder Dorset, Somerset, Lincolnshire en Northamptonshire. Behalven as de Flearemem stiet dit mytysk wêzen ek wol bekend as de (Alde) Frouwe fan 'e Flearemem of koartwei as de Alde Frouwe (Old Lady) of it Aldfrommes (Old Girl). It soe skoan kinne dat it leauwen yn 'e Flearemem syn oarsprong fynt yn Skandinaavje en yn 'e Iere Midsiuwen troch de Wytsingen yn 'e tiid fan 'e Danelaw yn Ingelân brocht is.
De Flearemem wurdt foarsteld as in beskermfrouwe fan flearebeammen. It leauwen yn har bliek tige taai en bleau iuwenlang njonken it kristendom bestean. Oant mids tweintichste iuw waard yn guon dielen fan Skandinaavje en Ingelân sein dat men by it kapjen fan hout fan in flearebeam earst de Flearemem om tastimming freegje moast yn in soartemint gebed, oars soe men jin slim ûngelok op 'e hals helje.
Yn âldere folksferhalen is de Flearemem gauris in heldinne of ien dy't goed noch tsjoed is. Guon ferhalen fertelle hoe't sy Ingelân rêdt fan in ferovering troch in útlânske kening en syn ridders (soms de Denen mar soms ek net). Yn ien sa'n ferhaal feroaret de Flearmem sa'n kening en syn mannen yn 'e Rollright Stones, dy't op 'e grins fan 'e Ingelske greefskippen Oxfordshire en Warwickshire steane, wylst se harsels yn in flearebeam feroaret.
Yn lettere ferhalen ferskoot de persepsje fan 'e Flearemem, grif ûnder kristlike ynfloed, fan in beskermfrouwe fan flearebeammen nei in hekse dy't al of net boasaardige bedoelings hat. Yn ien sa'n ferhaal, dat ôfkomstich is út it greefskip Somerset, sjocht in boer dat syn ko molken wurdt troch de Flearemem, dy't dêrfoar de foarm fan in flearebeam oannommen hat. De boer hellet syn jachtgewear en sjit in sulverne kûgel ôf op 'e Flearemem en mist; dêrop komt de Flearemem him tenei en moat de boer beskûl sykje yn syn pleats. Mar syn âld beppe pakt mei de koaleskeppe in stikmannich glodzen út 'e iepen hurd, giet nei bûten ta en smyt dy nei de flearebeam. De beam fettet flam en ferbaarnt, sadat de hekse omkomt.
Yn in oar ferhaal, út Northamptonshire, hout in man in stôk fan in flearebeam ôf, en sjocht dan dat der bloed komt út 'e wûne fan 'e beam. Letter komt er de pleatslike hekse tsjin, dy't in beblet ferbân om hat.
Kategory:Personaazje út de folkloare Kategory:Heks Kategory:Ingelske folkloare Kategory:Deenske folkloare Kategory:Sweedske folkloare Kategory:Noarske folkloare