De pongmiezen (Remizidae) binne in famylje fan fûgels út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken It binne lytse fûgels mei in fyn, spits snaffeltsje. De lichemslingte fariëarret fan 8 oant 14 sm.
Libbenswize Harren iten bestiet út ynsekten, sied en fruchten. It binne echte akrobaten, dy’t sels oan de ûnderkant fan tûken omklauterje.
Briedgedrach It nêst is in bysûnder, fan gers en woartels flechte, pongfoarmich bouwwurkje mei in tunneleftige yngong, dat oan 'e ein fan in tûke fêstmakke is. It lechsel bestiet út 5 oant 10 wite aaikes, dy’t yn 12 dagen útbret wurde. Nei 16 oant 18 dagen fleane de jongen út.
Fersprieding en libbensgebiet Pongmiezen komme foar yn Noard-Amearika, Jeropa, Aazje en Afrika.
Taksonomy De famylje telt alve soarten ferdield oer trije skaaien:
Skaai Anthoscopus (Cabanis, 1850): 6 soarten, de kapokmiezen. Skaai Auriparus (Baird, 1864): 1 soarte, de gielkopmies (Auriparus flaviceps). Skaai Remiz (Jarocki, 1819): 4 soarten, de echte pongmiezen.
Kategory:Fûgelfamylje Kategory:Moskeftige