De pongmies (Remiz pendulinus) is in lytse fûgel út de famylje fan 'e pongmiezen (Remizidae) dy't ferspraat foarkomt yn Europa en Aazje. De soarte bout karakteristike pongfoarmige nêsten dy't yn leafbeammen tichteby it wetter hingje. De wrâldpopulaasje is net bedrige.
Fersprieding De pongmies briedt yn grutte dielen fan Euraazje, mar yn West-Europa spoaradysk, wylst er yn East- en Súd-Europa folle mear foarkomt. Nei it easten ta komt er foar yn in gurdle dy't hast sa fier giet as it meast westlike part fan Mongoalje. It is in trekfûgel, mar yn sêfte winters trekke se minder fier.
Nederlân Sûnt de jierren 1980 briedt de pongmies ek yn Nederlân. Yn it ramt fan in bredere útwreiding fan it ferspriedingsgebiet nei it westen ta namen de oantallen yn Nederlân oant yn 'e jierren 1990 ta. Bolwurken fan 'e soarte wiene Fryslân en Grinslân, it Iselmargebiet en it gebiet om de grutte rivieren. Al gau dêrnei sakken de oantallen lykas ek op oare plakken yn West-Europa om ûnbekende redenen. De fûgel komt no yn lytse oantallen yn ús lân foar. [SOVON, oproppen 14 maaie 2026.]
Systematyk De systematyk fan 'e pongmies is kompleks en in kwestje fan strideraasje. Earder waarden alle taksa yn it skaai Remiz ta de iennige soarte Remiz pendulinus rekkene, mar hjoed-de-dei wurde se meastentiids as fjouwer soarten behannele: de (gewoane) pongmies (Remiz pendulinus), de swartkoppongmies (Remiz macronyx), de wytkrúnpongmies (Remiz coronatus) en de Sineeske pongmies (Remiz consobrinus). De gewoane pongmies wurdt ûnderferdield yn fjouwer ûndersoarten mei de folgjende briedgebieten:
Europeeske pongmies (Remiz pendulinus pendulinus) – Europa oant it Oeralberchtme, de Kaukasus en yn West-Turkije. Remiz pendulinus menzbieri – súdlik en eastlik Turkije oant Armeenje en noardwestlik Iran. Remiz pendulinus caspius – noardwestlik Kazachstan oant de Kaspyske See. Remiz pendulinus jaxarticus – de eastlike Oeral oant West-Sibearje en noardlik Kazachstan.
Sûnt 2019 behannelet ûnder oaren de IUCN nei genetyske stúdzjes de swartkoppongmies (Remiz macronyx) wer as ûnderdiel fan 'e pongmies.
Skaaimerken De pongmies is in hiele lytse fûgel fan 10–11,5 sintimeter mei in karakteristike koanyske en spitse snaffel. De nominaatfoarm hat yn syn ferspriedingsgebiet in tige typysk uterlik meiin grize kop en in breed swart gesichtsmasker. De skaaien lykje opinoar, mar it mantsje hat oer it algemien in grutter en swarter masker en in skerpere grins tusken de brune mantel en de grize nekke. It wyfke hat minder kontrast en diffusere kleuren. Jonge fûgels yn 'e lette simmer en it begjin fan 'e hjerst hawwe gjin opfallende tekening, mei in gielbrune boppekant en in griiswite ûnderkant. thumb|left|Undersoarte caspius mei kastanjebrune kop. De ûndersoarte caspius, dy't om de Kaspyske See foarkomt, hat in kastanjebrune kop, nekke en mantel, in wite kiel en in ljochte ûnderkant mei sânkleurige flanken en boarst en in wite búk. De meast eastlike ûndersoarte jaxarticus is folle ljochter as de nominaatfoarm, mei in ljochtgrize kop, in swart breed gesichtsmasker mei in lyts kastanjebrún bantsje op 'e foarholle, in kanielkleurige mantel en in wite ûnderkant mei in rige fan tinne readbrune stipkes op it boarst. Dizze ûndersoarte docht tige tinken oan 'e wytkrúnpongmies (Remiz coronatus), mei in ferspriedingsgebiet dat foar in part oerlapet, mar de lêstneamde mist altyd it kastanjebrún op 'e foarholle.
Ekology Pongmiezen libje yn 'e omkriten fan stilsteand of stadich streamend wetter by fegetaasjerike ouwers of sompen mei beammen en strûken. Hy jout de foarkar oan bjirk, wylch, pelys en els en hat ek ferlet fan âld reid. Hy libbet fan ynsekten, spinnen en sied dy't er út de koppen fan tuorrebouten of út reidplommen hellet. thumb|left|Sjongende pongmies by it begjin fan 'e bou fan in nêst. thumb|Nêst. De pongmies briedt faak yn lytse koloanjes. It nêst is pongdfoarmich, sa'n 17 sintimeter heech en 11 sintimeter breed en folslein ticht, útsein in lytse tunnel-foarmige iepening. It mantsje begjint mei it bouwen fan it nêst en besiket in wyfke te lokjen. It pearke bout dêrnei tegearre it yngewikkelde nêst ôf fan gers, siedplommen en planterizels. It nêst hinget oan in tûke oan it útein fan in beam of in strûk, faak boppe it wetter. It wyfke leit trije oant acht effen matwite aaikes dy't yn 12–14 dagen útbret wurde. Sawol it wyfke as it mantsje kinne de aaien bebriede en foar de jongen soargje, mar ien fan 'e âlden docht dat tagelyk. De oare, dy't net briedt, ferhuzet nei in nij territoarium om in nije partner te finen. Soks kin ferskate kearen yn itselde briedseizoen barre. De jongen fleane nei 22–24 dagen út, mar kinne oant trije wiken letter noch weromkomme yn it nêst om te oernachtsjen. Faak lizze se twa lechsels per briedseizoen.
Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. Op grûn fan dy kritearia kategorisearret de ynternasjonale natoerbeskermingsorganisaasje IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list. Yn Europa briede nei skatting 219.000–443.000 pearkes. Dêrby wurdt opmurken dat de IUCN sûnt 2019 de swartkoppongmies (Remiz macronyx) yn 'e beoardieling meirekkenet.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte pongmies Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo