De Sint-Nikolaastsjerke (St. Nicolai) yn it Dútske stedsje Kalkar is in roomsk tsjerkegebou mei in tige ryk ynterieur.
Skiednis De earste tsjerke wie in lytse letromaanske oan Nikolaas fan Myra wijde basilica dy't datearre fan de tiid dat de stêd stifte waard. Nei in brân waard dy basilica ferfongen troch de hjoeddeiske halletsjerke. De bou fan 'e trijeskippige tsjerke sette yn 1409 útein ûnder lieding fan 'e ferneamde Klever boumaster Johann fan Wyrenberg.
De 15e- en 16e-iuwske rykdom fan 'e lekkenwevers yn de 15e en 16e iuw makke it mooglik om de tsjerke oerfloedich yn te rjochtsjen mei heechweardige keunstwurken. thumb|left|Ynterieur.
Tusken de earste pylders fan it koer stie eartiids in doksaal, dat yn 1818 ôfbrutsen waard om frij sicht op it heechalter te krijen. Ek de oarspronklike opstelling fan 'e alters feroare doe. Fan 'e santjin alters bleaune der tsien oer. Fan 'e ôfbrutsen alters krigen in oantal bylden in nij plak yn 'e tsjerke. Oare keunstwurken waarden ferkocht om jild yn te sammeljen foar in nedige restauraasje.
By in loftoantfal fan 'e Alliearden op 13 en 14 febrewaris 1945 rekke de tsjerke skansearre; dielen fan it ferwulft en muorren fan it súdlik koer stoarten by de gefjochten om Kalkar yn. Dat de keunstskatten der noch binne, is te tankjen oan it op 'e tiid ferwiderjen fan it ynterieur om se op in feilich plak op te slaan. De measte skea oan it gebou koe oant de jierren 1950 provisoarysk wersteld wurde. In yngreven restauraasje folge yn 'e jierren 1960 en 1970. Mei de werbou fan 'e spits op 'e toer yn 1976 waard de restauraasje ôfsletten.
Ynterieur thumb|left|De Marijeluchter. Ien fan 'e opfallende keunstwurken is de ikehouten Marijeluchter dy't yn it middenskip hinget. It is in saneamde dûbelmadonna (it byld fan Marije is oan beide kanten te sjen) en om 1508 hinne makke troch de ferneamde houtfiker Henrick Douverman (dy't ek it Sân-Smerten-alter makke).
De tsjerke is lykwols fral bekend fanwegen it yndrukwekkende oantal alters, wêrfan't njoggen folslein bewarre binne.
Yn 'e tsjerke wurde ek keunstwurken bewarre, dy't foar de sekularisaasje yn 1803 yn kleasters stiene. In foarbyld is it byld fan Kristus op 'e kâlde Stien yn 'e noardlike toerkapel, dat út it sekularisearre kleaster fan 'e Dominikanen komt. De neogoatyske houtreliëfs fan 'e krúswei yn 'e toerkapel stamme út 1897-1899 en binne makke troch Ferdinand Langeberg, dy't ek de alters restaurearre hat.
By it Sân-Smertenalter is in 15e-iuwske kalvarygroep. It doopfont yn it noarder sydskip stammet út 'e midden fan 'e 15e iuw.
Amsterdam In opmerklik histoarysk detail is de bân tusken Kalkar en de katolike ballingen út Amsterdam nei de Alteraasje fan 1578. Yn 'e Sint-Nikolaastsjerke leit de lêste katolike boargemaster fan Amsterdam fan foar de reformaasje begroeven, Cornelis Jacobsz. Brouwer († 1581). Syn epitaaf is noch altiten oan in pylder yn it koer te sjen. Yn 1619 skonk syn soan in kostbere letgoatyske monstrâns oan 'e tsjerke. Dit sulveren keunstwurk wie troch de boargemaster skonken oan 'e Oude Kerk fan Amsterdam en soe mei de ynfiering fan 'e reformaasje yn Amsterdam omraand wurde. Bekenden fan 'e boargemaster kochten de monstrâns tsjin metaalwearde op en joegen de monstrâns oan 'e nei Kalkar flechte skinker werom. Dy syn soan joech yn 1619 de monstrâns oan 'e Nikolaastsjerke fan Kalkar. It is ien fan 'e seldsume Amsterdamske tsjerkeskatten dy't de Byldestoarm oerlibbe hawwe.
Ramen De oarspronklike midsiuwske ramen fan 'e tsjerke wiene al yn 'e 18e en 19e iuw ferlern gien en ferfongen troch ienfâldich glês. Dy ramen waarden yn 'e Twadde Wrâldkriich folslein ferneatige, wêrnei't de tsjerke desennia lang tydlik tichtset waard mei sober glês. Tusken 1997 en 2020 binne de hjoeddeiske moderne ramen fan Karl-Martin Hartmann set.
Oargel It 34 registers tellende oargel waard yn 1967-1968 boud troch it oargelboubedriuw Seifert út Kevelaer. It ynstrumint hat elektryske spyl- en registertraktueren en stiet yn in ryk bewurke neogoatyske oargelkas fan 'e foargonger. Dat net mear besteande Romantyske oargel waard yn 1870 boud troch A. Tibus út Rheinberg en yn 1904 útwreide troch it opfolgerbedriuw Müller (ek út Rheinberg).
Alters thumb|Hjoeddeiske lokaasje fan 'e alters. Nû. Ofbyld Namme Tiid Lokaasje yn 'e tsjerke 1 100px Heechalter (Lijen fan Kristus) 1488–1500 Eastlik yn it haadkoer. Boud troch Master Arnt fan Swol en letter ôfmakke troch Jan fan Halderen en Ludwig Jupan. It fykwurk bestiet út mear as 200 ferskillende figueren, dy't it lijen fan Kristus útbyldzje. 2 100px Sân-Smerten-alter (fan Henrick Douverman) 1518–1521 Súdlik sydkoer (foaroan). 3 100px Sint-Joaristeralter om 1480 hinne Noardlike sydskip (eastkant) 4 100px Marije-alter (Lochner-alter) om 1490 hinne Noardlik sydskip (foaroan) 5 100px Krispinus- en Krispinianus-alter 1541 Súdlike sydskip (midden) 6 100px Trije-ienheidsalter om 1490 hinne Súdlike sydskip (westkant) 7 100px Sint-Jan-alter (Jehannes de Doper) om 1500 hinne Súdlike sydskip (eastkant) 8 100px Jakobus-alter 1500–1510 Noardlike sydskip (midden) 9 100px Sint-Anna-alter om 1500 hinne Noardlike sydskip (westkant)
Keppeling om utens Disposysje Seifert-oargel
Kategory:Kalkar Kategory:Tsjerkegebou yn Noardryn-Westfalen Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Múnster Kategory:Bouwurk út 1450