Kalkar is in histoaryske stêd en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit yn 'e lânkring Kleve (Kleef) oan 'e Nederryn. De stêd waard yn 1230 planmjittich stifte troch de greven fan Kleve en ûntjoech him ta in ryk sintrum fan 'e lekkenhannel. Hjoed-de-dei stiet Kalkar benammen bekend om syn midsiuwske stedskearn mei it goatyske riedshûs en de wrâldferneamde keunstskatten yn 'e Sint-Nikolaastsjerke.
Geografy thumb|left|Monreberg. It stedsgebiet fan Kalkar beslacht likernôch 88 km² en leit foar it grutste part yn 'e flakke delling fan 'e Ryn. It lânskip wurdt yn it súdwêsten begrinzge troch de Nederrynske Heuvelrêch, mei de Monreberg (68 meter) as heechste punt. Oan 'e noardeastkant foarmet de Ryn de natuerlike grins fan 'e gemeente.
Likernôch de helte fan 'e befolking wennet yn 'e oan inoar fêstgroeide kearnen fan Altkalkar en it histoaryske Kalkar. De measte oare doarpen (Ortsteile) lizze oan 'e Ryn, wêrûnder de eardere stêd Grieth, Niedermörmter en Hönnepel. Neulouisendorf is ien fan 'e plakken dy't op 'e heuvelrêch leit.
It rivierke de Kalflack foarmet de westlike grins en mûnet by Emmericher Eyland út yn 'e Ryn. Yn 'e 19e iuw wie dit in wichtige skipfeartferbining foar de stêd ("Kalkarsche Fahrt").
Skiednis Sûnt de iere midsiuwen is de skiednis fan 'e stêd nau ferbûn mei dy fan Kleve. Kalkar waard net allinnich stifte troch de greven fan Kleve, mar hearde oant it útstjerren fan 'e hartoggen yn 1609 as ien fan 'e sân saneamde "haadstêden" altiten by it hartochdom Kleve.
Romeinske tiid en de iere midsiuwen De omjouwing fan Kalkar wie al yn 'e Romeinske tiid fan strategysk belang. Om it jier 40 nei Kristus wie der in legerkamp foar de ruterij, it kastiel Burginatium. Dat wie in ûnderdiel fan it Romeinske grinsferdigeningssysteem (de Limes) tusken de grutte legerkampen fan Xanten en Nijmegen.
Op 'e Monreberg waard healwei de 10e iuw de boarch Munna boud, dy't lykwols al gau nei it jier 1000 wer ferwoastge waard. Yn 'e 13e iuw liet greve Dietrich VI fan Kleve in nij kastiel bouwe. Dizze boarch Monterberg tsjinne yn 'e 14e en 15e iuw as residinsje foar de widdo's fan 'e greven en hartoggen fan Kleve, mar waard nei ferskate feroveringen yn 'e Tritichjierrige Kriich om 1450 hinne ôfbrutsen.
Stifting en planmjittige útwreiding Kalkar is in stêd dy't fan it begjin ôf planmjittich ûntwurpen is. Greve Dietrich VI stifte de stêd op 20 oktober 1230 op in sânplaat (in Ward) dy't troch de Ryn oanspield wie. Om't it terrein om 'e sânplaat hinne sompich wie, koe de stêd maklik ferdigene wurde troch it oanlizzen fan wettergrêften.
Yn 1242 krige Kalkar stedsrjochten. De stêd groeide hurd en de befolking fêstige him earst op it westlike, heger lizzende diel. Fan 1380 ôf waard ek it eastlike diel fan 'e sânplaat beboud. De stêd hie fjouwer poarten: de Monretor (suden), de Hanselaertor (easten), de Kesseltor (noarden) en de Altkalkarer Tor (westen). Hoewol't de poarten letter ôfbrutsen binne, is it strjittepatroan fan 1575 hjoed-de-dei noch hast itselde.
Ekonomyske bloei (1450–1550) thumb|left|Kalkar yn 1575. De basis foar de grutte rykdom fan Kalkar wie de wolweverij. De Gocher Heide bea poerbêste omstannichheden foar it hâlden fan skiep. Kalkar waard ien fan 'e rykste stêden yn 'e regio; nei Wesel en Emmerich brocht de stêd de measte belesting op foar it hartochdom. Fan 1540 oant 1572 wie Kalkar in Hânzestêd. thumb|It âldste hûs fan Kalkar (Stätisches Museum). De wolfeart late ta de bou fan it monumintale riedshûs (klear yn 1446) en de grutte Sint-Nikolaastsjerke. Rike boargers en gilden betellen ferneamde keunstners om de tsjerke te fersieren, wat resultearre yn in grutte kolleksje keunstwurken dy't dêr ek hjoed-de-dei noch foar in grut part stiet.
Delgong en de Prusyske tiid Oan 'e ein fan 'e 16e iuw sette de delgong yn. Pestepidemyen yn 1599 en 1636 kosten tûzenen minsken it libben. Nei it útstjerren fan 'e hartoggen fan Kleve yn 1609 kaam Kalkar by Brandenburch-Prusen. Yn 'e Tritichjierrige Kriich hie de stêd slim te lijen ûnder besettings; sa waard Altkalkar troch Hessyske troepen folslein platbaarnd.
Yn 1656 liet de karfoarst in grutte sitadel bouwe mei fjouwer bastions. Foar de bou waarden 80 huzen en stikken fan 'e stedsmuorre ôfbrutsen. De festing hat lykwols nea syn doel tsjinne en waard fan 1674 ôf al wer sloopt. thumb|left|De yn 'e 19e iuw ôfbrutsen Hanselaerpoarte. Tusken 1794 en 1814 wie Kalkar yn Frânske hannen. Dat hie in finansjeel foardiel foar de stêd: de grutte skulden by kleasters, mar om't Napoleon dy kleasters ûnteigene en ophefte, hoegden de skulden net werombetelle te wurden.
De 20e iuw en de Holokaust Yn 1933 wennen der noch 60 Joaden yn Kalkar. De mearderheid flechte foar 1939 de stêd út. De minsken dy't efterbleaune, stoaren yn Kalkar sels of waarden deportearre en fermoarde. Alle 15 Joadske famyljes dy't yn 1933 yn Kalkar wennen, ferlearen famyljeleden.
Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, yn maart 1945, waard Kalkar beset troch de Alliearden. Hoewol't de stêd minder slim troffen waard as buorstêden, wie it riedshûs foar de helte ferneatige en rekke de tsjerke swier skansearre (it ynterieur wie gelokkich op 'e tiid feilichsteld).
Moderne ûntwikkeling en "Wunderland" thumb|left|Wunderland Kalkar. Kalkar bleau noch lang in rêstich lânboustedsje. Dat feroare yn 'e jierren 1970 troch de bou fan 'e kearnsintrale (de Schnelle Brüter). Hoewol't de kearnsintrale 7 miljard D-Mark kostte en hielendal klear wie, waard de sintrale nei jierrenlange protesten fan 'e anty-atoomenerzjybeweging nea yn gebrûk nommen.
Sûnt 1995 is op dat terrein it ferdivedaasjepark Wunderland Kalkar fêstige, dat ien fan 'e grutste wurkjouwers fan 'e stêd wurden is. Mei help fan it ryksjild dat Kalkar krige as kompinsaasje foar it net trochgean fan 'e kearnsintrale, is de histoaryske binnenstêd yn 'e jierren 1990 renovearre.
Troch gemeentlike weryndielingen yn 1969 groeide Kalkar út ta in stêd mei 13 stedskearnen fan 14.000 ynwenners. De kearnstêd hat har midsiuwske karakter goed bewarre, wat it no in wichtige lokaasje foar toerisme makket.
Kultuer en saken dy't it besjen wurdich binne thumb|Sint-Nikolaastsjerke. De Sint-Nicolaastsjerke mei in tige grut oantal keunstwurken stammet út de tiid fan 'e lette gotyk en de iere renêssânse. De tsjerke is ferneamd om it grutte oantal alters en bylden. thumb|left|Merk mei de toer fan 'e protestantske tsjerke. De yn 1697 ynwijde protestantske tsjerke yn 'e Kesselstraße mei de sipelfoarmige toer út 1898 hat in oargel út it jier 1781.
It sintrale plein fan Kalkar wurdt omfieme troch âlde huzen. Ek it goatysk riedshûs is it besjen wurdich, dat lykwols nei de Twadde Wrâldkriich foar in part rekonstruëarre wurde moast. Efter it riedshûs stiet it Städtisches Museum Kalkar, dat yn it âldste hûs fan Kalkar is ûnderbrocht.
Noardlik fan 'e Markt leit oan 'e Kesselstraße it begynhôf, dêr't no de Keunstakadeemje is festige.
It Ulft'sche Haus stiet oan it Kirchplatz en is boud om 1550 hinne. Yn it hûs binne goatyske muorre- en plafondskilderingen te sjen.
De Stedswynmûne by de Hanselaertor yn it easten fan 'e stêd (Kalkarer Mühle) is de heechste wynmûne oan 'e Nederryn. De mûne waard yn 'e jierren 1770-1771 boud mei sloopmateriaal fan 'e âlde tichtebylizzende stedspoarte as loaimûne en restaurearre yn 1995-1996. De stellingmûne hat in flecht fan 25 m en acht ferdjippingen. Hjoed-de-dei is de mûne folslein wurkjend mei twa mealwurken en wurde der rûnliedingen jûn.
Stedsyndieling De gemeente Kalkar bestiet sûnt de weryndieling fan 1969 út 13 stedsdielen (Ortsteile): Stedsdiel Ynwenners (2018) Beskriuwing Altkalkar 4.449 Leit yn 'e Ryndelling noardlik fan 'e Monreberg. Wissel 2.061 Leit wat it lân yn; hat in eardere stiftstsjerke út de 12e iuw. Kalkar 1.990 It midsiuwske stedssintrum. Appeldorn 1.546 Leit yn it suden; lokaasje fan it wetterkastiel Boetzelaer dat op 1256 werom giet. Niedermörmter 1.147 Leit oan 'e Ryn foar Rees oer. Hönnepel 903 Leit oan 'e Ryn; lokaasje fan 'e eardere kearnsintrale. Grieth 823 Ea in selsstannige stêd, fuort oan 'e Ryn. De Sint-Petrus en Paulustsjerke fan Grieth datearret út de 15e iuw Kehrum 482 Leit yn it suden fan it stedsgebiet. Neulouisendorf 342 Leit op 'e Nederrynske Heuvelrêch. Hanselaer 121 Leit eastlik fan Kalkar. De Sint-Antoniustsjerke stammet út de 15e iuw Emmericher Eyland 113 Uterste noarden; hjir mûnet de Kalflack út yn 'e Ryn. Bylerward 50 Leit oan 'e Ryn. Wisselward 42 Leit oan 'e Ryn, streamôfwaarts fan Hönnepel.
Kategory:Plak yn Noardryn-Westfalen Kategory:Gemeente yn Noardryn-Westfalen