In hypokarnivoar is in karnivoar bist mei in dieet dat foar minder as 30% út fleis en oar dierlik fretten (lykas aaien) bestiet.
Dêrby makket it gjin ferskil oft sok fretten no beset wurdt troch aktive predaasje of troch it gearfandeljen fan ies. By hypokarnivoaren giet it sûnder útsûndering om omnivoaren mei in sterk opportunistysk dieet. Dat bestiet foar it meastepart net út dierlik guod, mar út plantaardich materiaal lykas gers, sieden en fruchten, mooglik oanfolle mei poddestuollen en oare skimmels.
Foarbylden fan hypokarnivoaren binne sûchdieren lykas de measte bearen (benammen Ursus spp., útsein de iisbear en de reuzepanda), de bearmarter (Arctictis binturong) en de rôlsturtbear of kinkajû (Potos flavus), fûgels lykas de protter (Sturnus vulgaris) en fisken lykas de goudfisk (Carassius auratus).
Sjoch ek hyperkarnivoar, in karnivoar waans dieet foar mear as 70% út fleis bestiet mesokarnivoar, in karnivoar waans dieet foar 30–70% út fleis bestiet
Kategory:Biology Kategory:Lienwurd út it Latyn