Memory is in Amerikaanske aksjeskriller, misdiefilm en plysjefilm út 2022 ûnder rezjy fan Martin Campbell, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson en Guy Pearce. De titel betsjut "Unthâld". De film waard basearre op 'e roman De Zaak Alzheimer fan 'e Flaamske auteur Jef Geeraerts. It ferhaal folget in hiermoardner dy't te lijen hat ûnder de begjinnende symptomen fan 'e sykte fan Alzheimer. Ear't er hielendal ophâldt mei funksjonearjen, beslút er op eigen manneboet noch wat rekkenings te fereffenjen. De plysjes dy't him op 'e hakken sitte, wurde pleage troch ambifalinte gefoelens, mei't de lju dy't út 'e wei romme wurde, skuldich binne oan it fasilitearjen fan twongen prostitúsje en seksuele slavernij fan minderjierrige famkes. Memory krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes.
Plot Alex Lewis is in Amerikaanske hiermoardner dy't yn Meksiko wennet en wurket. Hy rekket op jierren en syn funksjonearjen hat te lijen ûnder de iere symptomen fan 'e sykte fan Alzheimer. Dêr nimt er eksperimintele medisinen foar, mar hy is him derfan bewust dat dy syn oankommende folsleine demintens mar tydlik opkeare kinne. Lewis wol dêrom ophâlde mei syn wurk, om't er wol foar it ferstân hat dat it op in stuit misrinne moat. Syn freon Mauricio, dy as tuskenpersoan tusken him en syn kliïnten fungearret, wit lykwols neat fan 'e demintens en set Lewis ûnder druk om troch te gean. Sa kriget Lewis opdracht om nei syn berteplak El Paso te gean, krekt oer de grins yn Teksas, om dêr in pear lju út 'e wei te romjen.
Underwilens is Vincent Serra, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske federale resjerzje FBI, mei syn wurkpartner Linda Amistead en agint Hugo Marquez fan 'e Meksikaanske Federale Ministeriële Plysje (PFM) behelle yn in ûndersyk nei minderjierrige famkes dy't út Meksiko wei nei de Feriene Steaten smokkele wurde om dêr yn 'e prostitúsje te ferdwinen. Serra giet undercover as hoereklant om te besykjen en arrestearje "Papa" León, in Meksikaanske minskehanneler dy't syn eigen trettjinjierrige dochter Beatriz de hoer spylje lit. De wiere identiteit fan Serra komt lykwols oan it ljocht en León gizelet Beatriz en bedriget it fanke mei pistoal. Serra bespringt him en tegearre kneppelje se troch in rút en falle se twa ferdjippings nei ûnderen. Serra komt der frijwol ûnskansearre ôf, mei't er boppe-op León terjochte komt, mar de minskehanneler is dea.
Yn El Paso hat Alex Lewis in moeting mei abbekaat William Borden, dy't de opdrachtjouwer fan 'e moarden fertsjintwurdiget. Dyselde jout him foto's fan in man en in frou dy't dea moatte. Ek moat Lewis in trijetal USB-sticks fan 'e man weromkrije om dy fia Borden troch te spyljen nei de opdrachtjouwer. Wylst er yn El Paso is, besiket Lewis syn âldere broer Paul. Dyselde is ek oanhelle mei de sykte fan Alzheimer, mar hy hat it einstadium berikt: hy sit yn in fersoargingstehûs yn 'e rolstoel en kin sels net mear prate. Lewis sjocht oan syn broer wat himsels te wachtsjen stiet, en dêr hat er gjin nocht oan.
As slachtoffer fan twongen prostitúsje kin Beatriz León frijkomme en in ferbliuwsfergunning krije, mar dan moat se wol tsjûgje tsjin 'e kriminelen foar wa't har heit wurke. Beatriz, dy't wol wit dat dat har dea wurde soe, hâldt de kaken lykwols stiif opinoar. Hja wurdt dêrom ôffierd nei de Teksaanske Sintrale Ferwurkingsfasiliteit, dêr't yllegale ymmigranten yn in reuseftige loads yn grutte koaien fêstholden wurde. Serra syn baas, liedingjaand spesjaal agint Gerald Nussbaum, is lulk dat in djoer ûndersyk hielendal neat opsmiten hat. Hy lit Marquez witte dat dy wol wer nei hûs kin, mar dêr hat Marquez gjin boadskip oan. Nussbaum hat ek gjin each foar Beatriz, dy't foar him inkeld in yllegale ymmigrante is dy't weromstjoerd wurde moat nei Meksiko. Serra soarget der lykwols op eigen manneboet foar dat it fanke út 'e Ferwurkingsfasiliteit helle wurdt en yn in lytsskalich tehûs foar pleechsoarch pleatst wurdt.
De man dy't Lewis fermoardzje moat, is in Ellis Van Camp. Lewis kringt syn hûs binnen, oerfalt Van Camp en twingt him om 'e USB-sticks oer te langjen. Dêrnei makket er him op in stille manear dea wylst er der sekuer foar soarget dat Van Camp syn teenagedochter Emma harren net sjocht of heart, sadat er it fanke net tenei hoecht te kommen. Wannear't it stoflik omskot fan Van Camp fûn wurdt, skillet syn widdo FBI-agint Gerald Nussbaum op, oan wa't se kunde hat. Hoewol't in simpele moard eins troch de pleatslike plysje útsocht heart te wurden, set Nussbaum Serra en Linda Amistead op 'e saak. Dêrtroch moatte sy op in neat te noflike wize gearwurkje mei resjersjeur Danny Mora fan it El Paso Police Department (EPPD), dy't fynt dat de FBI eins neat mei de moard te krijen hat en him mei syn eigen saken bemuoie moat.
Alex Lewis giet efter de frou oan dy't er fermoardzje moat, fan wa't er inkeld in pear foto's hat dy't út 'e fierte wei nommen binne en har fansiden sjen litte. Wannear't er te neare nacht har sliepkeamer binnenkringt, blykt it Beatriz León te wêzen. Lewis beseft dan foar it earst dat syn doelwyt in jong famke is. Dêr hat er net foar tekene, dat hy lit har gewurde en giet lulk fuort. Lewis beävensearret in moeting mei Borden, oan wa't er yn net mis te fersteane bewurdings dúdlik makket dat hy gjin bern fermoardet. Hy warskôget Borden ek dat dyselde der mar better foar soargje kin dat Beatriz yn libben bliuwt, om't Lewis oars efter Borden oan komme sil.
In jûn letter yn syn hotel rekket Lewis op bêd mei de callgirl Maya, dy't er yn 'e hotelbar rêden hat fan in dronken klant. Yn syn sliep hat er in nachtmerje wêryn't er Beatriz deasjit, en as er wekker wurdt, is er troch syn oankommende demintens earst alhiel yn betizing. Under it oanklaaien hat er de tillefyzje even oan, en dan sjocht er ta syn skok op it nijs dat der de ôfrûne nacht yn in tehûs foar pleechsoarch in famke fan trettjin deasketten is. It slachtoffer is identifisearre as Beatriz León, in slachtoffer fan minskehannel en in yllegale ymmigrante út Meksiko. Lewis is fuortendaliks benaud dat syn nachtmerje gjin dream wie, mar reäliteit, en dat er troch syn demintens fergetten wie dat er it famke net deadzje mocht. Mar Maya bewissiget him derfan dat hy de hiele nacht by har op bêd lein hat.
Dat betsjut dat Borden-en-dy in oare hiermoardner yn 'e tsjinst nommen hawwe, en as dat sa fluch bard is, kin dat allinnich Mauricio mar wêze. Sadwaande is Lewis op syn iepenst wannear't er de parkeargaraazje fan syn hotel yngiet. Oan 'e ûnderkant fan syn hierauto ûntdekt er in bom. Wannear't dúdlik wurdt dat er net ynstappe sil, iepenet Mauricio, dy't deunby yn in mûklaach leit, it fjoer. Dêrby deadet er Maya, dy't Lewis efternei kommen wie om him syn medisinen te bringen, dy't er yn 'e hotelkeamer fergetten wie. Lewis rekket dêrtroch sa breinroer, dat er al sjittend de posysje fan Mauricio bestoarmet en de man bewusteleas slacht. As Mauricio wer by besleur komt, sit er fêstbûn efter it stjoer fan Lewis syn hierauto. Lewis leit mei soarch it lyk fan Maya yn 'e kofferbak fan 'e auto en lit de boel dan ûntploffe.
Dy jûns, as Borden yn in sportskoalle foar in bereind rút op in rinbânapparaat oan it draven is, hâldt der bûtendoar in auto stil. Der stapt in man út dy't nei it rút fan 'e sportskoalle rint, in pistoal lûkt en dat op Borden rjochtet. Hast ear't de abbekaat foar it ferstân hat dat er yn libbensgefaar ferkeart, wurdt him al in kûgel troch de holle jage. Neitiid stapt Lewis, want hy is de dieder, wer yn en riidt kalmkes fuort. Serra en Amistead reitsje behelle yn it ûndersyk nei de moarden op Mauricio, Maya en Borden fanwegen it fermoeden dat de dieder wolris in hiermoardner wêze kin dy't wurket yn opdracht fan 'e Meksikaanske drugskartels. Se hâlde dêrom kontakt mei Marquez, dy't noch altyd yn El Paso omhinget en goed befreone rekke is mei Amistead, mei wa't er miskien wol in relaasje hat – dat is net alhiel dúdlik.
Nei de moard op Borden lûkt Lewis him werom yn 'e heal útbaarnde bakkerij dy't lang lyn fan syn heit wie. No is dat al desennia lang in leechsteand, yn ferfal rekke gebou, dat inkeld bewenne wurdt troch spinnen en stedsdowen. Hy hat in laptop bemachtige om te sjen wat der op 'e USB-sticks stiet dy't er Van Camp ûntnadere hat. Nû. 1 befettet de lûdsopname fan in tillefoanpetear fan Van Camp mei in ûnbekende frou. Van Camp besiket har earne mei te sjantearjen, mar sy seit dat er in grins oergien is en de gefolgen wol merke sil, wêrnei't se it petear beëiniget. Op nû. 2 stiet in rige foto's, út 'e fierte wei nommen mei in telelins, fan Beatriz León, dy't hiel dúdlik tsjin har wil meifierd wurdt troch har heit en in twadde, ûnbekende man. De lêste foto is dúdlik in publisiteitsfoto, dêr't deselde ûnbekende man op posearret mei in âldere frou: de bekende fêstgoedmagnate Davana Sealman. De lêste USB-stick befettet in filmke fan in befeiligingskamera, dêr't op te sjen is hoe't deselde ûnbekende man Beatriz ferkrêftet.
Serra en Amistead ûntdekke ûnderwilens dat de moarden op Ellis Van Camp en William Borden mei-inoar yn ferbân steane. Net allinnich binne de beide mannen mei itselde fjoerwapen ombrocht, mar der bestiet ek in konneksje tusken harren: Borden is in abbekaat dy't yn 'e tsjinst stiet fan Randy Sealman, de eigner en útbater fan 'e Teksaanske Sintrale Ferwurkingsfasiliteit, dêr't yllegale ymmigranten finzen holden wurde, en Van Camp is de oannimmer dy't dy fasiliteit foar Sealman boud hat. Dêrmei krije de moarden foar de FBI ynienen in folle hegere prioriteit, want Randy Sealman is de ienlingssoan fan 'e rike en machtige Davana Sealman. Serra fermoedet dat syn baas Nussbaum, resjersjeur Mora en in grut diel fan it EPPD korrupt binne en nei Sealman har pipen dûnsje. Hysels en Amistead en ek Marquez, dy't no inkeld noch yn ûnoffisjele hoedanichheid by de saak belutsen is, ynfiltrearje in grutskalich feest dat Randy Sealman dy jûns oan board fan syn lúkse jacht op 'e Rio Grande jout. Se fermoedzje dat Sealman it folgjende doelwyt fan 'e hiermoardner wêze sil en hoopje dyselde dêr op te heinen.
Mar Lewis is harren te fluch ôf, mei't er al oan board glûpt wie noch foar't it feest begûn. Wannear't Sealman him mei in minderjierrige prostituee weromlûkt yn in hut, wurdt er opwachte troch Lewis, dy't it fanke opslút yn 'e byhearrende badkeamer en Sealman troch de holle sjit. Wannear't er neitiid it jacht ferlit, wurdt er lykwols opmurken troch Serra, dy't mei Amistead en Marquez op 'e hakken de efterfolging ynset. Lewis ûntkomt yn in auto, mar hy wurdt yn 'e side rekke troch in kûgel ôffjurre troch Marquez. Hy stelt in oare auto om syn efterfolgers op 'e doele te bringen, mar set dy even oan 'e kant fan 'e wei om wat te bekommen. Hy falt yn 'e sliep en wurdt wekker makke as in motorplysje op syn rútsje tikket. Lykas altyd is er yn betizing as er wekker wurdt. De plysje sjocht syn pistoal en lûkt syn eigen. Dan nimme foar Lewis jierrenlange refleksen it oer en hy sjit de plysje dea. Dêr hat er neitiid gâns spyt fan, mar dan is it al net mear te ferhelpen.