De wytkopgieren (Trigonoceps) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). Dit skaai is monotypysk en fertsjintwurdige troch ien libbene soarte: de wytkopgier (Trigonoceps occipitalis).

Beskriuwing It skaai Trigonoceps ûnderskiedt him troch it kontrastrike fearrekleed fan 'e fûgels. Karakteristyk binne de rôze-reade snaffel en de keale, rôze hûd op 'e kop, dy't kontrastearret mei de sniewite fearren op 'e krún en yn 'e nekke. In oar skaaimerk yn dit skaai is de sterke seksuele dimorfy yn it fearrekleed; de wyfkes hawwe wite sekundêre slachpinnen, wylst dy by de mantsjes donker binne.

Ekology en gedrach Wytkopgieren steane bekend as skjinne gieren; se bliuwe faak oan 'e râne fan in kadaver wachtsjen en frette minder fan 'e yngewanten as oare soarten. Se briede net yn koloanjes mar binne territoriaal en bouwe nêsten yn 'e toppen fan hege beammen, lykas Acacia-soarten. De fûgels fan it skaai wurde ek wol sjoen as de meast "rôffûgel-eftige" gieren, om't se ek wol aktyf op lytse proaien jeie.

Soarte Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 100px Wytkopgier Trigonoceps occipitalis Afrika súdlik fan 'e Sahara kritykNecrosyrtes monachus op BirdLife

Kategory:Haukfûgel

Kategory:Fûgelskaai