De sparwer (Accipiter nisus) is in lytse rôffûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). De soarte is wiidferspraat oer de Alde Wrâld en stiet bekend om syn spesjalisearre jachttechniken op lytse sjongfûgels.
Beskriuwing thumb|left|Sparwer. Sparwers ha koarte, rûne wjukken en in lange sturt, wat him tige manûvrearber makket tusken de beammen. Der is in grut ferskil yn it formaat tusken de geslachten (seksuele dimorfy): it wyfke is oant 25% grutter as it mantsje en kin wol twa kear sa swier wêze. It mantsje hat in wjukspanne fan 59 oant 64 sm, in wyfke hat in wjukspanne fan 67 oant 80 sm.
It mantsje hat in laai-eftige blau-grize boppekant en in ûnderkant mei fine, oranje-brune dwersstreken. It wyfke is oan 'e boppekant griisbrún en hat op 'e ljochte ûnderkant donkergrize oant brune streken. Beide geslachten hawwe opfallende giele eagen en lange, tinne giele poaten mei skerpe klauwen.
Fersprieding en ûndersoarten De sparwer komt foar yn grutte dielen fan Jeropa, Aazje en it noarden fan Afrika. Ofhinklik fan it leefgebiet wurde der sân ûndersoarten ûnderskieden: A. n. nisus: De nominaatfoarm dy't yn Jeropa en West-Aazje oant de Jenisej foarkomt. A. n. nisorius: Komt foar yn Ierlân en Grut-Brittanje. A. n. wolterstorffi: In lytsere en donkerder foarm op Sardynje en Korsika. A. n. punicus: De grutste ûndersoarte dy't yn it noardwesten fan Afrika libbet. A. n. granti: In lytse ûndersoarte fan Madeira en de Kanaryske Eilannen. A. n. melanschistos: Komt foar yn 'e Himalaya en it Tibetaansk Heechlân. A. n. nisosimilis: De eastlike foarm dy't yn Sintraal- en East-Aazje libbet.
Nederlân Yn Nederlân is de sparwer tsjintwurdich in algemiene fûgel, mar dat hat net altyd sa west. Om 1970 hinne wie de stân yn Nederlân sakke nei mar 250 briedpearen troch it fergiftige bestridingsmiddels (lykas DDT) yn 'e lânbou. Nei it ferbod op dy middels folge in rap werstel. De fûgel wreide syn briedgebiet út fan 'e sângrûn nei de leechlizzende klaaigebieten en sels nei de grutte stêden.
Dochs is der sûnt it jier 2000 wer in delgong te sjen, benammen op 'e hegere grûn. Yn Nederlân sakke it oantal fan sa'n 5.000 pearen yn 2000 nei likernôch 2.500 yn 2020. Redenen hjirfoar binne ûnder oare: Predaasje: De weromkomst fan 'e hauk, dy't de nêsten fan sparwers plonderet. boskbehear: It omsetten fan jonge produksjebosken yn iepen natoergebieten, wêrtroch't habitat ferlern giet. Iten: In tekoart oan proaifûgels op earme grûn.
Fergeliking mei de hauk De sparwer wurdt faak betiizge mei de hauk (Accipiter gentilis). De wichtichste ferskillen binne: Grutte: De sparwer is in stik lytser; in wyfke-sparwer is likernôch sa grut as in hauk-mantsje. Silhûet: De sparwer hat in rjochtere sturt mei skerpe hoeken, wylst de hauk in rûne sturt hat. Poaten: De sparwer hat tinne, giele poaten ("potleadpoaten"), de hauk hat folle dikkere en krêftiger poaten.
Ekology thumb|Nêst mei jonge sparwers. Sparwers binne spesjalisearre yn it fangen fan lytse fûgels, lykas mosken, miezen en finken. Se jeie faak mei in ferrassingsoanfal, wêrby't se leech by de grûn of oer hagen hinne fleane om harren proai oer it mad te kommen. Tunen binne populêre jachtgebieten, benammen dêr't fûgelfoerplanken steane.
Se bouwe harren nêst meastentiids yn beammen yn in ticht stikje bosk. It wyfke leit trije oant seis aaien. It mantsje soarget yn 'e briedtiid foar it iten, wylst it wyfke op it nêst bliuwt om de jongen te beskermjen.
Status en bedrigingen thumb|left|Fûgel yn Tsjechje. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de sparwer de status net bedrige. Dochs hat de populaasje yn 'e 20e iuw in swiere klap krigen troch it gebrûk fan bestridingsmiddels lykas DDT. Dizze gifstoffen soargen derfoar dat de aaiskalen sa tin waarden, dat se ûnder it brieden brutsen. Sûnt it ferbod op dizze middels is de stân wer flink tanommen. Hjoed-de-dei binne botsingen tsjin glês en it ferlies fan gaadlik briedgebiet de grutste bedrigingen. De IUCN beskôget de populaasje as stabyl.
Etymology De namme sparwer is ôflaat fan it Aldheechdútske Sparwâri, in gearstalling fan sparo (mosk) en aro (earn). De betsjutting is dus letterlik "moskearn". Dat ferwiist nei de spesjalisearre jacht fan dizze rôffûgel op lytse sjongfûgels. Yn it Ingelsk is de namme Sparrowhawk op 'e selde wize opboud.
Kategory:Sparwer Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo