It Kastiel fan Malbork (Poalsk: Zamek w Malborku; Dútsk: Marienburg) is mei in oerflak fan 143.591 m² it grutste kastiel fan 'e wrâld. It kompleks leit yn 'e Poalske stêd Malbork oan 'e rivier de Nogat en de bou fan it kastiel sette yn 'e jierren 1270 útein. De stêd en it kastiel krigen harren namme fan 'e hillige Marije, de beskermfrou fan 'e Dútske Oarder. It wie it haadkertier fan 'e steat fan 'e Dútske Oarder oarder en is hjoed-de-dei in wichtige toeristyske lokaasje dy't op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO stiet.
Skiednis It kastiel waard yn 'e 13e iuw boud troch de Teutoanske Ridders, in lytse ridderoarder dy't it kastiel de namme Marienburg joech, nei Marije, de beskermhillige fan 'e oarder. It wie net allinnich in fort, mar ek it haadkertier fan 'e oarder en it sintrum fan harren machtige steat yn Prusen.
Troch de iuwen hinne is it kastiel ferskate kearen útwreide om plak te bieden oan 'e groeiende groep ridders. It bestiet út trije dielen:
it Hege Kastiel (it religieuze en bestjoerlike hert fan it kastiel mei in kleastergong en kapittelseal); it Middelste Kastiel (mei de wenferbliuwen en sealen foar gasten); it Lege Kastiel (dêr't de ambachtslju en foarrieden ûnderbrocht wiene).
It slot groeide út ta in ûntfangstsintrum foar foarsten út hiel West-Europa.
15e iuw Hoewol't it kastiel ryk fersierd wie, wie it ek in sterke fêsting. Yn 1410, nei de Slach by Tannenberg, besocht de Poalske kening it slot yn te nimmen, mar grutmaster Heinrich von Plauen wist it kastiel moannenlang mei súkses te ferdigenjen.
Dochs kaam der in ein oan 'e bloeitiid. Doe't de Oarder yn jildpine kaam en de hiersoldaten net mear betelje koe, waard it kastiel yn ûnderpân jûn. Yn 1457 ferkochten de hiersoldaten it kastiel oan 'e Poalske kening. By de Twadde Frede fan Thorn (1466) waard it slot formeel eigendom fan 'e Poalske kroan. De Dútske Oarder ferhûze har sintrum dêrnei nei Königsberg (it hjoeddeiske Kaliningrad).
18e en 19e iuw: Ferfal en weropbou Yn 'e 18e iuw ferfoel it kastiel stadichoan. Under Poalsk bestjoer waard it noch as festing en opslachplak brûkt, mar nei de earste Poalske dieling (1772) kaam it yn hannen fan Prusen. It wie doe sa boufallich dat der sels oer ôfbraak praat waard.
Yn 'e 19e iuw feroare dat troch in nije weach fan histoaryske belangstelling. Under lieding fan boumasters lykas Conrad Steinbrecht waard it kastiel tusken 1882 en 1902 yngreven restaurearre (en foar in part rekonstruearre). It waard in symboal fan 'e Dútske en Prusyske macht en in nasjonaal monumint foar it Dútske Keizerryk.
20e iuw oant no Yn 'e tiid fan it nasjonaalsosjalisme waard it kastiel brûkt foar partijgearkomsten en as opliedingsynstitút foar de SS. Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich, yn 1945, waard it kastiel troch it Sovjet-leger foar de helte ferneatige.
Nei de kriich waard it gebiet wer Poalsk. Hoewol't de Dútske Oarder yn 'e Poalske skiednis faak sjoen waard as in bedriging, hat Poalen it kastiel dochs mei soarch wersteld. Hjoed-de-dei wurdt it yn stân holden as in masterwurk fan midsiuwske arsjitektuer en as in wichtich ûnderdiel fan it Europeeske erfgoed.
Kategory:Wrâlderfgoed yn Poalen Kategory:Kastiel yn Poalen Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk út de 14e iuw