Borken is in stêd en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It is de haadstêd fan 'e Kreis Borken. De stêd hat in oerflak fan 152,97 km².
Geografy Borken leit yn it westlike Múnsterlân, net fier fan 'e stêd Bocholt en de Nederlânske grins. De stêd leit yn in relatyf flak lânskip dat karakterisearre wurdt troch lânbou en ferskate natuergebieten.
Skiednis De namme Borken komt al foar om it jier 800 hinne. De doetiidske 'Burg' of 'Boarch' waard troch Karel de Grutte brûkt as kamp foar syn reizen. De namme is troch de iuwen hinne feroare fan Burke of Burken nei it hjoeddeiske Borken.
Yn 1226 krige Borken stedsrjochten fan 'e biskoppen fan Múnster. De fersterkings fan 'e stêd, lykas de stedsmurren en tuorren, wurde foar it earst neamd yn 1391. De stêd hie it swier yn 'e Tachtichjierrige Kriich (1568-1648), ûnder oare om't de kastielhear fan it dêrby lizzende Gemen oan 'e kant fan Willem fan Oranje stie. Tusken 1576 en 1589 waard de stêd boppedat troffen troch ferskate pestepidemyën.
Yn 'e Napoleontyske tiid hearde Borken koart by it foarstedom Salm en letter by it Frânske Keizerryk. Yn 1815 waard de stêd Prusysk en ûnderdiel fan 'e provinsje Westfalen.
Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard it histoaryske stedssintrum foar it grutste part ferneatige. Nei de oarloch moast de stêd in soad Heimatvertriebene opfange, benammen út Sileezje wei. Tusken 1975 en 1978 fûn in grutskalige renovaasje fan it súdlike stedsdiel plak, wêrby't in protte âlde gebouwen dy't de oarloch oerlibbe hiene, spitigernôch dochs noch ôfbrutsen waarden.
Borken wie fan 1623 oant 2006 in garnizoensstêd, wêrûnder in lange perioade foar de Bundeswehr.
Stedsyndieling As gefolch fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1969 waarden ferskate omlizzende gemeenten by Borken foege. De stêd bestiet hjoed-de-dei út 12 Stadtteile.
+ Stedsdielen fan Borken Stedsdielen (foar in part gearfoege) Ynwenners Kaart Borken (haadplak) 20.107 250px Gemen en it Kirchspiel Gemen 7.466 Weseke 4.968 Burlo/Borkenwirthe 3.577 Grütlohn, Hoxfeld, Rhedebrügge en Westenborken 2.762 Marbeck 2.463
Befolkingsûntwikkeling De befolking is benammen nei 1945 fluch groeid troch de komst fan flechtlingen en de lettere gemeentlike fúzjes.
Toerisme en nijsgjirrichheden Borken en de omlizzende doarpen biede in grut ferskaat oan histoaryske arsjitektuer en natoergebieten:
Stêd Borken thumb|Kuhmturm. Fan 'e midsieuske stedsferdigening binne fiif tuorren bewarre bleaun, wêrûnder de Dievetoer (Diebesturm), de Kuhmturm en de Wedemhoveturm. thumb|left|Sinte-Remigiustsjerke. De âldste parochytsjerke fan 'e sted is de Sinte-Remigiustsjerke (St. Remigius). De tsjerke giet werom op 'e 12e iuw en is in foarbyld fan 'e Westfaalske gotyk.
De Sinte-Jehannestsjerke (St. Johannes) is in eardere 15e-iuwske kleastertsjerke fan 'e Johanniter-oarder.
It riedshûs fan Borken is modern gebou. It toeristyske belang is it lokale museum (FARB - Forum Altes Rathaus Borken), dat histoaryske arsjitektuer mei moderne eksposysjes oer de streek kombinearret.
It Heilig-Geist-Hospital is in histoarysk gasthûs út de 14e iuw, dat no brûkt wurdt foar kulturele doelen.
Gemen thumb|left|Marijetsjerke fan Gemen. It wetterkastiel Gemen (Wasserschloss Gemen) hat in skiednis fan mear as 900 jier. It is ien fan 'e wichtichste monuminten yn 'e regio. De Gemener Freiheit is de histoaryske bebouwing om it kastiel hinne.
De Marijetsjerke (Marienkirche) is in barokke kleastertsjerke út 1719. De protestantske Jehannestsjerke (Johanneskirche) is in histoarysk tsjerkegebou út 1703 yn Gemen. Schönstatt-Au is it provinsialaat fan 'e Schönstätter Marienschwestern.
Weseke thumb|Standermûne. It Heimathaus en Apothekergarten is in lokaal museum mei in bysûndere tún mei genêskrêftige krûden yn Weseke. De Standermûne Weseke (Bockwindmühle Weseke) is in karakteristike houten wynmûne.
Marbeck Haus Döring is in barokke filla út 1727 op ít plak fan in earder wetterkastiel.
Hoxfeld / Rhedebrügge / Grütlohn De Pröbstingsee is in rekreaasjemar, dy't in soad brûkt wurdt foar wettersport. It Haus Pröbsting is in slot mei trije fleugels. De Sinte-Marij (St. Maria Immaculata) is de parochytsjerke fan Rhedebrügge.
Burlo / Borkenwirthe thumb|left|Kleaster Mariengarden. Yn Burlo stiet it kleaster Burlo (Kloster Burlo) mei de Marijetsjerke. It Burlo-Vardingholter Fean (Burlo-Vardingholter Venn) is in natoergebiet op 'e grins mei Nederlân. De Hillich Krústsjerke (Hl. Kreuz Kirche) is bakstiennen tsjerke yn Borkenwirthe út 1949, dy't sûnt 2006 in monumintale status hat.
Kategory:Plak yn Noardryn-Westfalen Kategory:Gemeente yn Noardryn-Westfalen