De gleeën (Milvus) foarmje in skaai yn 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). De fûgels yn it skaai steane bekend om harren lange, faak licht foarke sturten en harren grutte linigens yn 'e loft. Se wurde faak sjoen as opportunistyske jagers en binne faak by jiskebulten te sjen.

Taksonomy Hiel lang waarden der mar twa soarten erkend, mar troch nij DNA-ûndersyk en geografyske ferskillen wurdt de gielsnaffelglee hjoed-de-dei meastentiids as de tredde soarte sjoen. Earder waard dy soarte mei de swarte glee ta ien soarte rekkene.

Skaaimerken De fûgels yn dit skaai hawwe in slanke bou en relatyf lange wjukken. Se binne masters yn it brûken fan 'e termyk en kinne oerenlang sweve sûnder in soad enerzjy te brûken. In typysk skaaimerk fan 'e Milvus-soarten is de sturt dy't as in soarte fan roer brûkt wurdt; troch de sturt hieltyd in bytsje te draaien, kinne se tige krekt stjoere. De sturt fan 'e reade glee is djip ynsnien, by de swarte glee en de gielsnaffelglee is dat minder útsprutsen.

Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 120px Gielsnaffelglee Milvus aegyptius Afrika en súdwestlik Araabje net bedrigeMilvus aegyptius op BirdLife International 120px Reade glee Milvus milvus Jeropa en Noard-Afrika net bedrigeMilvus milvus op BirdLife International 120px Swarte glee Milvus migrans Jeropa, Aazje en Austraalje net bedrigeMilvus migrans op BirdLife International

Kategory:Haukfûgel Kategory:Fûgelskaai