The Longest Day is in Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm yn swart-wyt út 1962 ûnder rezjy fan Ken Annakin (de sênes mei de Britten en Frânsen), Andrew Marton (de sênes mei de Amerikanen) en Bernhard Wicki (de sênes mei de Dútsers). It is in mozaykfilm mei in grutte stjerrecast, wêrûnder John Wayne, Henry Fonda, Robert Mitchum, Peter Lawford, Richard Todd, Christian Marquand, Irina Demick, Paul Hartmann, Curd Jürgens en Richard Münch. De titel betsjut "De Langste Dei", in ferwizing nei D-Day. De film is basearre op it non-fiksjeboek mei deselde namme fan Cornelius Ryan. The Longest Day fertelt it ferhaal fan 'e amfibyske lâningsoperaasjes fan 'e Westlike Alliëarden op 'e kust fan Normanje op 6 juny 1944, op it hichtepunt fan 'e Twadde Wrâldoarloch. The Longest Day krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film wûn twa Oscars en in Golden Globe. It is noch altyd de bekendste ferfilming fan D-Day as gehiel, hoewol't it earste kertier fan Saving Private Ryan (1998) in reälistysker (en folle ôfgrysliker) byld fan 'e lâningsoperaasjes jout.
Plot Begjin juny 1944 is de Twadde Wrâldoarloch al hast fiif jier oan 'e gong. De Dútsers binne ferdreaun út Noard-Afrika, Sisylje en de súdlike ein fan 'e Lears fan Itaalje, wylst yn it easten it Reade Leger fan 'e Sovjet-Uny opmarsjearret. De Westlike Alliëarden hawwe besletten om in nij front te iepenjen yn it noardwesten fan Frankryk troch in massale amfibyske operaasje út te fieren op 'e kust fan Normanje, dy't de namme Operaasje Overlord krigen hat. Dêrta binne yn súdlik Ingelân in protte Amerikaanske, Britske en Kanadeeske troepen gearlutsen. Yn maaie wie it waar perfekt foar de oerstek nei Frankryk, mar doe wiene de Alliëarden der logistyk noch net ree foar. Begjin juny slacht it waar om en begjint it te stoarmjen en te reinen, wat ta útstel liedt.
Underwilens witte de Dútsers dat de Alliëarden plannen hawwe foar in lâningsoperaasje, mar se witte net wêr't en wannear't dy komme sil. De meast logyske lokaasje soe wêze op 'e kust fan Pas-de-Calais, dêr't de oerstek út Ingelân oer it Nau fan Calais it smelst is. Yn 'e simmer fan 1942 hawwe de Alliëarden yn dyselde kontreien ek alris in amfibyske operaasje prebearre, de mislearre Wraam op Dieppe, wat de Dútsers yn har oertsjûging sterket. Op 5 juny beslút de Alliëarde oerbefelhawwer, de Amerikaanske generaal Dwight Eisenhower, dat er syn troepen net langer yn 'e heechste steat fan paraatheid hâlde kin. Hy moat kieze: de oanfal ynsette by minder as optimaal waar, of de lâningsoperaasje op 'e lange baan skowe. Hy kiest derfoar om 'e operaasje fan start gean te litten.
It beslút fan Eisenhower blykt strategysk goed út te pakken. De Dútske legerlieding, besteande út û.o. de fjildmaarskalken Gerd von Rundstedt en Erwin Rommel en de generaals Günther Blumentritt en Erich Marcks is frijwol unanym fan betinken dat de oars sa foarsichtige Eisenhower better waar ôfwachtsje sil. Pânserdifyzjes binne gearlutsen yn Pas-de-Calais, de jachtfleanmasines en bommesmiters fan 'e Luftwaffe binne fersille oer withoefolle lytse fleanfjilden, en Hitler sels, waans goedkarring ferlet fan is om legerûnderdielen te ferpleatsen, is nei it ynnimmen fan in slieppil út 'e wei gien en hat befel jûn dat er net wekker makke wurde mei.
Fia kodearre radioberjochten wurdt it Frânske ferset troch de Alliëarden op 'e hichte brocht fan 'e sitewaasje. Fersetslju tsjogge der op 'e jûn fan 5 juny op út om tillefoan- en tillegraaflinen troch te knippen om 'e ferbinings tusken de ûnderskate Dútske legerûnderdielen te ferbrekken. Oaren, wêrûnder in fersetsgroep út Caen, dêr't Jeanine Boitard diel fan útmakket, blaze mei de help fan Alliëarde aginten fan it SOE treinen en spoarlinen op om Dútske befoarrieding oer it spoar ûnmooglik te meitsjen. Op 'e iere moarn fan 6 juny wurdt troch it lânjen fan sweeffleantugen yn it binnenlân fan Normanje Britske ynfantery ûnder majoar John Howard oan 'e grûn set om 'e Pegasusbrêge oer de rivier de Orne feilich te stellen, dy't foar de Alliëarde opmars fan krúsjaal belang is.
Op guon plakken wurde oan parasjutes poppen yn 'e foarm fan parasjutisten út fleantugen smiten, dy't tarist binne mei fjoerwurk dat ôfgiet sadree't se de grûn reitsje. Dy ôfliedingsmaneuver feroarsaket witwat gaos ûnder de Dútske troepen en betizing mank de Dútske legerlieding. Op oare plakken wurde echte parasjutisten dellitten, lykas it Amerikaanske 505e Parasjute-ynfanteryrezjimint fan luitenant-kolonel Benjamin H. Vandervoort by Sainte-Mère-Église. In diel fan 'e mannen komt del yn moerassen, dêr't Vandervoort sels in ankel brekt, mar hy brûkt syn gewear as kruk en set troch. In bataljon fan syn rezjimint komt by fersin midden op it doarpsplein fan Sainte-Mère-Église del, dêr't de parasjutisten ôfslachte wurde troch de Dútsers.
By moarnsdage wurdt de Dútske majoar Werner Pluskat, yn in bunker oan 'e kust dy't diel útmakket fan 'e Atlantikwall, as earste de armada fan 5.000 Alliëarde marineskippen foar de kust gewaar, krekt foar't de swiere skipkanonnen it fjoer iepenje op 'e Dútske kustferdigening. Inkele oeren letter begjinne de lânings, wêrby't 150.000 Amerikaanske, Britske en Kanadeeske militêren oan lân set wurde op 'e strannen dy't de koadenammen Juno, Omaha, Utah, Sword en Gold krigen hawwe (hoewol't de film inkeld de ferrjochtings op Juno, Omaha en Utah folget). Twa ienlike piloaten fan 'e Luftwaffe binne de iennichste Dútske loftstipe foar de ferdigeners. Kommando's fan it leger fan 'e Frije Frânsen ûnder kaptein Philippe Kieffer feroverje it fiskersdoarp Ouistreham, wylst rangers fan it Amerikaanske Leger de kliffen fan Point-du-Hoc beklimme en de saneamd ûnnimbere Dútske fêstingwurken dêre oerweldigje. Pas neitiid komme se ta de ûntdekking dat de kanonnen dy't de ferovering fan dy bunkers fan it heechste belang makken, noch net ynstallearre binne.
Underwilens stûket de Alliëarde opmars op Omaha Beach, dêr't de Amerikanen opkeard wurde troch in muorre dy't de Dútsers dwers troch de dunen boud hawwe. Brigadegeneraal Norman Cota wergroeppearret syn troepen en de Amerikaanske sjeny offeret ferskate libbens op om 'e muorre te ûndermynjen. Nei't de muorre opblaasd is, streame de Amerikaanske troepen fan Omaha Beach ôf it efterlân fan Normanje yn om har by de Alliëarden te jaan dy't fan 'e oare strannen komme. Wannear't it tsjuster wer falt, is der in stevich Alliëard brêgehaad op it fêstelân fan Noardwest-Jeropa fêstige, en bestiet der gjin gefaar mear dat de Dútsers de Alliëarden noch de see ynjeie kinne. De befrijing fan West-Jeropa kin begjinne.
Rolferdieling N.B.: yn dizze rolferdieling wurde de personaazjes opsomme nei nasjonaliteit en nei rang (fan heech nei leech). Boargers folgje nei de militêren op alfabetyske folchoarder. Feriene Steaten
personaazje akteur/aktrise generaal Dwight Eisenhower Henry Grace<small>stim: Allen Swift luitenant-generaal Walter Bedell Smith Alexander Knox luitenant-generaal Omar N. Bradley Nicholas Stuart skout-by-nacht Alan G. Kirk John Meillon generaal-majoar Raymond O. Barton Edmond O'Brien brigadegeneraal Theodore Roosevelt jr. Henry Fonda brigadegeneraal Norman Cota Robert Mitchum brigadegeneraal James N. Gavin Robert Ryan kolonel Eugene M. Caffey John Crawford kolonel Lloyd Thompson Eddie Albert luitenant-kolonel Benjamin H. Vandervoort John Wayne majoar Lance Bill Nagy majoar Stoltz Fred Dur luitenant-op-see 1e klasse Joseph Witherow jr. Rod Steiger kaptein Harding Steve Forrest kaptein Frank Ray Danton luitenant Sheen Stuart Whitman luitenant Wilson Tom Tryon luitenant-op-see 3e klasse Sheeran Gary Collins sersjant (letter luitenant) John H. Fuller Jeffrey Hunter korporaal Wyman Tony Mordente korporaal Alexander Bob Steele soldaat Arthur "Dutch" Schultz Richard Beymer soldaat John Steele Red Buttons soldaat Martini Sal Mineo soldaat Morris Roddy McDowall soldaat Wohl George Segal soldaat Keller Robert Wagner soldaat Lowell Paul Anka soldaat Harris Mark Damon soldaat Forte Fabian (artyst) soldaat Hunt Tommy Sands soldaat Louis Mickey Knox oarlochskorrespondint Joe William Ron Randell
Feriene Keninkryk
personaazje akteur/aktrise fjildmaarskalk sir Bernard Montgomery Trevor Reid admiraal sir Bertram Ramsay John Robinson haadloftmaarskalk sir Trafford Leigh-Mallory Simon Lack haadloftmaarskalk sir Arthur Tedder Louis Mounier skout-by-nacht George Creasy Walter Horsbrugh generaal-majoar Hollander Leo Genn brigadegeneraal Simon Fraser, lord Lovat Peter Lawford kaptein-op-see Colin Maud Kenneth More kolonel James Stagg Patrick Barr majoar John Howard Richard Todd majoar John Jacob-Vaughan Howard Marion-Crawford majoar Whaley Richard Wattis kaptein Owens Leslie Phillips luitenant Ian Walsh Lyndon Brook luitenant Knowles Jack Hedley luitenant David Campbell Richard Burton luitenant Neil Donald Houston legerpredikant Wattis John Gregson adjudante Jennings Siân Phillips korporaal Purdom Richard Dawson korporaal Lehman Harry Fowler korporaal Hutchinson Bernard Fox korporaal Clough Norman Rossington soldaat Flanagan Sean Connery soldaat Coke Frank Finlay soldaat Watney Michael Medwin soldaat (doedelsekspiler) Bill Millin Leslie de Laspee kok Victor Maddern oarlochkorrepondint Ronald Callen Bryan Coleman
Frankryk
personaazje akteur/aktrise fise-admiraal Robert Jaujard Jean Servais kaptein Philippe Kieffer Christian Marquand sersjant Guy de Montlaur Georges Rivière soldaat Dubocq Bernard Fresson frou Barrault Arletty fersetsfrou Jeanine Boitard Irina Demick fersetsman Édouard Jean Champion Gemma Alice Tissot fersetsman Jean Maurice Poli Joanna Pauline Carton mem-oerste Justine fan Ouistreham Madeleine Renaud boargemaster Alphonse Lenaux fan Colleville-sur-Orne André Bourvil boer Louis Fernand Ledoux fersetsman Marcel Yves Barsacq boargemaster Alexandre Renaud fan Sainte-Mère-Église Georges Wilson pastoar Louis Roulland fan Saint-Mère-Église Jean-Louis Barrault arrestant Clément Harari
nazy-Dútslân
personaazje akteur/aktrise fjildmaarskalk Gerd von Rundstedt Paul Hartmann fjildmaarskalk Erwin Rommel Werner Hinz kolonel-generaal Alfred Jodl Wolfgang Lukschy kolonel-generaal Hans von Salmuth Ernst Schröder generaal Günther Blumentritt Curd Jürgens generaal Erich Marcks Richard Münch luitenant-generaal Hans Speidel Wolfgang Büttner luitenant-generaal Max Pemsel Wolfgang Preiß luitenant-generaal Wolfgang Häger Karl John kolonel Ludwig Schiller Paul Edwin Roth luitenant-kolonel Josef "Pips" Priller Heinz Reincke luitenant-kolonel Helmuth Meyer Heinz Spitzner luitenant-kolonel Karl Williams-Ocker Peter van Eyck SS-luitenant-kolonel Wilhelm Mohnke Walter Gotell majoar Werner Pluskat Hans Christian Blech majoar Becker Eugène Deckers kaptein Ernst Düring Kurt Meisel kaptein Helmuth Lang Til Kiwe kaptein Witt Hans Söhnker luitenant Weber Robert Freitag luitenant Fritz Theen Rainer Penkert luitenant Vogel Dietmar Schönherr faandrich Bernhard Bergsdorf Harmut Reck faandrich Leuchter Vicco von Bülow sersjant mei kofjepot Gert Fröbe Lucie Rommel Ruth Hausmeister Manfred Rommel Michael Hinz
Produksje en distribúsje Foarskiednis