Terborg is in lytse stêd yn 'e gemeente Alde Iselstreek yn 'e provinsje Gelderlân. De stêd leit yn 'e Achterhoek, likernôch sân kilometer súdlik fan Doetinchem. Terborg grinzget fuort oan 'e doarpen Gaanderen yn it noarden, Etten yn it westen en Silvolde yn it suden. De stêd hat in eigen treinstasjon oan it spoar fan Winterswyk nei Zevenaar en leit oan 'e rivier de Alde Isel, dy't fanâlds in wichtige rol spile hat yn 'e ûntwikkeling fan it plak.

Bestjoer Histoarysk sjoen foel Terborg eartiids ûnder de Hearlikheid Wisch. Yn 'e Frânske tiid feroare de bestjoerlike yndieling fan Nederlân ferskate kearen. Op 1 jannewaris 1812 waard Terborg in selsstannige gemeente, los fan Varsseveld. Dit wie lykwols fan koarte doer; al op 1 jannewaris 1818 waard de splitsing weromdraaid en gie Terborg op yn 'e nije gemeente Wisch. Hoewol't Terborg it karakter fan in stêd hie, stie it gemeentehûs fan Wisch letter yn Varsseveld. Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2005 makket Terborg diel út fan de gemeente Alde Iselstreek.

Skiednis thumb|left|Terborg bestie eartiids út ien strjitte mei oan eltse kant in poarte (kart út 1666). De oarsprong fan Terborg leit by de bou fan Kastiel Wisch oan 'e eastlike igge fan 'e Alde Isel yn 'e 13e iuw. Dirk I fan Wisch boude dit nije kastiel omdat de meänderjende rivier syn gebiet yn twaën snie. It plak lei strategysk geunstich op in hege sânrêch, tichteby de hannelswei fan Anholt nei Doetinchem. Om it kastiel hinne ûntstie it doarpke "Toe Borch" (by de boarch).

Stedsrjochten en Patroanhillige Op 23 april 1419 op 'e de nammedei fan 'e hillige Sint-Joaris (Georgius), krige Terborg stedsrjochten fan 'e hearen Hendrik III en Dirk IV fan Wisch. Sint-Joaris waard de beskermhillige fan 'e stêd; hy stiet ek op it wapen fan Terborg, dêr't er op in hynder de draak deadet. De stêd krige it rjocht op eigen rjochtspraak, tol en merken. Om 1400 hinne wennen der sa'n 300 minsken.

Omwâling en de Papklok Terborg hie twa stedspoarten: de Mûnepoarte (west) en de Berchpoarte (east). Hoewol't de poarten en grêften om 1860 hinne ferdwûn binne, binne de grêften noch te werkennen yn strjitnammen lykas de Walstraat. In bysûndere tradysje is de Papklok: noch altiten liedt de klok fan 'e protestantske tsjerke alle jûnen om 21:00 oere. Dat wie eartiids it teken dat de poarten slute soene en de minsken thús harren jûnsmiel (faak brij) ite moasten.

Slach by Terborg thumb|left|Slach om Terborg. Yn 'e Tachtichjierrige Oarloch waard op 31 maart 1584 by de stêd de Slach by Terborg útfochten. Dit wie in treffen tusken it Spaanske en it Keulske leger (yn 'e saneamde Keulske Oarloch), wêrby't de Keulske ienheid ferslein waard.

19e iuw Yn de 19e iuw waard de famylje Van Schuylenburch (yn 1849) eigner fan it kastiel. Yn dy selde tiid krige Terborg grutte bekendheid troch de opkomst fan 'e izerjitterijen, dy't profitearren fan 'e lizzing oan 'e Alde Isel foar it ferfier fan grûnstoffen en produkten.

Twadde Wrâldkriich thumb|Oarlochsmonumint fan Terborg. Yn 'e Twadde Wrâldkriich spile Kastiel Wisch in koarte mar opmerklike rol. De Dútske generaal-fjildmaarskalk Walter Model brûkte it kastiel as syn haadkertier fan 17 oant 22 septimber 1944 doe't der fûleindich om Arnhim fochten waard.It stedsje hie it dreech oan 'e ein fan 'e oarloch; yn 1944 rjochten twa Alliearde bombardeminten swiere skea oan yn Terborg.

Monuminten Terborg hat ferskate histoaryske gebouwen dy't it besjen wurdich binne: thumb|left|Protestantske (of de âlde Sint-Joaris) tsjerke. It Kastiel Wischis hat in lange bouhistoarje dy't weromgiet op 'e 13e iuw. It wurdt noch jimmeroan bewenne. De protestantske tsjerke fan it stedsje is in letgoatysk gebou yn it sintrum, dat foar in part út de 14e iuw stamt. Yn 1372 liet Hendrik fan Wisch hjir al in alter foar Sinte-Marij en Sint-Joaris sette. De Sint-Georgiustsjerke is de neogoatyske, eardere roomsk-katolike tsjerke. De tsjerke waard yn 1914 nei it ûntwerp fan Jan Stuyt boud mei behâld fan 'e toer út 1877. De tsjerke is yn 2018 ferkocht en wurdt net mear as tsjerke brûkt. Ta neitins oan 'e jitizer-yndustry yn 'e regio binne der ferskate âlde fabrykjes en wenten, dy't as yndustrieel erfgoed beskôge wurde. Hotel De Roode Leeuw is in hotel op it plak dêr't sûnt de 17e iuw al in herberch stie foar reizgers dy't nei it sluten fan 'e stedspoarten de stêd net mear yn koene.

Ferkear Terborg hat in eigen stasjon oan it spoar fan Arnhim nei Winterwyk. De wichtichste ferbiningswei is de N317, dy't Terborg ferbynt mei Doetinchem en de Dútske grins. Hoewol't de Alde Isel net mear foar grutte beropsfeart brûkt wurdt, is de rivier wol fan grut belang foar de rekreaasjefeart en toerisme.

Kategory:Plak yn Gelderlân Kategory:Eardere gemeente yn Gelderlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1812 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1818