Louwrens Hacquebord (Dokkum, 8 july 1947 - Haren, 30 april 2026) Afscheid.online wie in Nederlânske archeolooch, geograaf en heechlearaar. Hy sette it Nederlânske poalûndersyk op 'e kaart.

Libben en wurk Louwrens Hacquebord komt út in ûndernimmersfamylje út Dokkum. Hy studearre geografy en archeology, begûn as ûndersiker yn Maly. Hy wie in leafhawwer fan woaste en ûnherberchsume gebieten. Yn tsjinst fan it Arctisch Centrum, yn 1970 oprjochte oan de Ryksuniversiteit Grins, koe er fan de santiger jierren ôf syn hert ophelje. Hy late bygelyks de opgravings nei it Nederlânske walfiskfardersdoarp 'Smeerenburch' op Spitsbergen dêr't de manlju fan de Noardske Kompanjy walfisken ferwurken en mocht fan de Russyske autoriteiten as earste Nederlanner ûndersyk dwaan nei it Behouden Huys op Nova Zembla.

De ûndersikers fan it projekt fûnen tal fan artefakten, dêr't guon fan bewarre bleaun binne yn it Ryksmuseum Amsterdam as de Smeerenburg Kolleksje. Op 19 novimber 2005 waarden dielen fan 'e kolleksje oerdroegen oan it Noarske Ministearje fan Kultureel Erfgoed yn Oslo. Yn 2005 waard besletten dat in part dêrfan tentoansteld wurde soe yn it Svalbard Museum yn Longyearbyen.

Oan 'e ein fan syn karriêre ûndersocht er de poalgebieten as wingewest, en de geopolitike en ekologyske gefolgen dêrfan. Yn 2013 naam Hacquebord mei tsjinsin ôfskied fan it Arctisch Centrum. Nei syn emeritaat publisearre er boeken oer de walfiskfeart fan de Noardske Kompanjy en oer de skiednis fan de poalgebieten. bnnvara/Dagblad van het Noorden, 6 maaie 2026

Hacquebord waard yn 2012 beneamd ta Offisier yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau. Farewell symposium for Louwrens Hacquebord - Universiteit Grins, 5 maaie 2013.

Wittenskiplike publikaasjes Kar-út: Groningen Institute of Archaeology, Prof. Louwrens Hacquebord Hacquebord, L., 2004. Dutch Cultural heritage in the Arctic. In: Susan Barr & Paul Chaplin (ed.), Cultural Heritage in the Arctic and Antarctic Regions. Oslo, ICOMOS, Monuments and Sites. 73-78. Hacquebord, L., 2004. The Jan Mayen Whaling Industry. Its Exploitation of the Greenland Right Whale and its Impact on the marine Ecosystem. In: S. Skreslet (ed.), Jan Mayen in Scientific Focus. Amsterdam, Kluwer Academic Publishers. 229-238. Hacquebord, L., F. Steenhuisen & H.J. Waterbolk, 2004. English and Dutch Whaling Trade and Whaling Stations in Spitsbergen ( Svalbard) before 1660. International Journal of Maritime History XV no. 2, 117-134. Hacquebord, 2001. Three Centuries of Whaling and Walrus Hunting in Svalbard and its Impact on the Arctic Ecosystem . Environment and History 7.2, 169-185. Hacquebord, L. 2001. An archaeological survey in the Delta of the Northern Dvina in Russia. Circumpolar Journal 16.2, 16-28. Węsławski, J.M., L. Hacquebord, L. Stempniewicz & M. Malinga, 2000. Greenland . Whales and walruses in the Svalbard food web before and after exploitation. Oceanologia 42.1, 37-56. Hacquebord, L., 1999. The hunting of the Greenland right whale in Svalbard, its interaction with climate and its impact on the marine ecosystem. Polar Research 18:2 , 375-382. Smeerenburg. Een proefschrift over het verblijf van Nederlandse walvisvaarders op de westkust van Spitsbergen in de 17e eeuw.

Kategory:Frysk archeolooch Kategory:Frysk geograaf Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Nederlânsk archeolooch Kategory:Nederlânsk geograaf Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1947 Kategory:Persoan stoarn yn 2026