De gaumerstikelmûsgoffer of Gaumers stikelmûsgoffer (wittenskiplike namme: Heteromys gaumeri) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys). Dit bistke komt foar op it Jûkatanskiereilân fan Midden-Amearika. It is in terrestrysk nachtdier mei in fierhinne (mar net folslein) herbivoar dieet, dat in solitêr bestean liedt en tige territoriaal is. De IUCN klassifisearret de gaumerstikelmûsgoffer as net bedrige.

Taksonomy De gaumerstikelmûsgoffer waard yn 1897 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske biologen Joel Asaph Allen en Frank Michler Chapman, dy't eins mear spesjalisearre wiene yn 'e ornitology. Sy basearren harren beskriuwing op in spesimen dat fongen wie yn 'e Maya-ruïnestêd Chichén Itzá. Se ferneamden it bistke nei George F. Gaumer, in Amerikaanske dokter, amateur-biolooch en bistesammelder dy't fan 1885 oant 1929 op it Jûkatanskiereilân wenne. Gaumer wie dejinge dy't ferantwurdlik wie foar it fangen fan 'e earste gaumerstikelmûsgoffer.

Fersprieding De gaumerstikelmûsgoffer is yn syn fersprieding beheind ta it Jûkatanskiereilân, dat út it fêstelân fan Midden-Amearika yn noardlike rjochting útstiket en sa mei it eilân Kuba de skieding foarmet tusken de Golf fan Meksiko oan 'e noard- en westkant, en de Karibyske See yn it easten. De gaumerstikelmûsgoffer komt dêr behalven yn 'e Meksikaanske steaten Jûkatan, Campeche en Quintana Roo en it uterste noardeasten fan 'e steat Tabasco ek foar yn 'e noardlike helte fan it buorlân Belize en yn it uterste noarden fan Gûatemala. It eilân Cozumel, dat foar de eastkust fan it skiereilân yn 'e Karibyske See leit, falt bûten it ferspriedingsgebiet fan dit bistke.

Uterlike skaaimerken De gaumerstikelmûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 11–13 sm, mei in sturtlingte fan 14–151/2 sm en in gewicht fan 43–70 g. Der bestiet in beheinde mjitte fan seksuele dimorfy yn dizze soarte, mei't de mantsjes justjes grutter binne as de wyfkes (yn trochsneed ♂ kop-romp 12,5 sm en sturt 15,1 sm; ♀ kop-romp 12,3 sm en sturt 14,6 sm). De earkes mjitte trochinoar 1,6 sm en de efterpoatsjes 3,4 sm. Dêrmei is de gaumerstikelmûsgoffer in middelgrut lid fan it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys). Yn ferhâlding ta de nau besibbe en yn itselse gebiet foarkommende desmareststikelmûsgoffer (Heteromys desmarestianus) is de gaumerstikelmûsgoffer yn hast alle opsichten lytser, útsein syn relatyf grutte eargatten.

De pels fan 'e folwoeksen bisten is rûch en befettet op 'e rêch en de siden guon ferstive stikeleftige hierren. De kleur fan 'e pels fariëarret op 'e rêch fan oranje oant griis, dat op 'e siden oergiet yn in dúdlik okerkleurige bân fan 'e wangen oant de stuten. De bealch is wyt. De earen binne grizich oant swart mei in wite berâning. De sturt is behierre en twakleurich: de boppekant is dûnker en de ûnderkant witich. Oan 'e sturtpunt sit in lytse mar dúdlike hierkwast.

Biotoop Gaumerstikelmûsgoffers libje yn it leechlân yn subtropyske leafwâlden en gebieten dy't begroeid binne mei toarnich strewelleguod. Se komme net boppe 100 m boppe seenivo foar. Wol kinne se geregeldwei oantroffen wurde yn kultuerlânskippen, lykas oan 'e rânen fan ikkers dêr't sûkerreid of stynske weet ferboud wurdt. Yn kontreien dêr't de ferspriedingsgebieten fan 'e gaumerstikelmûsgoffer en de nau besibbe desmareststikelmûsgoffer (Heteromys desmarestianus) inoar oerlaapje, beheint de gaumerstikelmûsgoffer him ta de drûgere wâlden, wylst de desmareststikelmûsgoffer de fochtige reinwâlden bewennet.

Hâlden en dragen Nei it hâlden en dragen fan 'e gaumerstikelmûsgoffer is anno 2016 noch net in protte ûndersyk dien. It bistke libbet op 'e grûn (hat in terrestryske libbenswize) en klimt selden yn beammen. It is in nachtdier, dat de dei trochbringt yn in eigengroeven hoale yn 'e wâldflier of in nêst makke yn in holte yn in beamstam deun by de grûn. Gaumerstikelmûsgoffers libje in solitêr bestean en fêstigje territoaria dy't se fûleindich tsjin soartgenoaten ferdigenje.

De peartiid begjint oan 'e ein fan it drûge seizoen yn april en duorret oant de ein fan 'e reintiid yn jannewaris. De wyfkes smite yn dy perioade ferskate nêsten fan ornaris 2–5 jongen. De draachtiid beslacht 27–28 dagen en de jongen wurde 21–28 dagen nei de berte ôfwûn. Mei sa'n 8 moannen binne se geslachtsryp. Gaumerstikelmûsgoffers hawwe in libbensferwachting fan 2–21/4 jier.

Fretten De gaumerstikelmûsgoffer hat in foar it meastepart herbivoar dieet, dat benammen bestiet út sieden dy't er op nachtlike foerazjeartochten gearfandelet en yn syn eksterne wangpûden (dy't as in soartemint bûsen oan 'e bûtenkant fan 'e wangen sitte) mei werom tôget nei syn hoale. Dêrnjonken steane ek wol fruchten, griene plantedielen en ynsekten op it menu.

Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e gaumerstikelmûsgoffer binne ferskate soarten ûlen, lykas de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), en fierders lânrôfdieren lykas de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de prêrjewolf (Canis latrans), de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi), de Middenamerikaanske katfret (Bassariscus sumichrasti), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en ferskate soarten slangen.

Status De gaumerstikelmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten De gaumerstikelmûsgoffer is in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Stikelmûsgoffer Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala