De swelleglee (Chelictinia riocourii) is in rôffûgel út it monotypyske skaai fan 'e swellegleeën (Chelictinia). De namme ferwiist nei de opfallende sturt dy't tinken docht oan dy fan in swel. Hoewol't de fûgel yn it ferline wolris by oare gleeën yndield waard, heart er neffens genetysk ûndersyk thús yn 'e ûnderfamylje fan 'e grize gleeën (Elaninae), krekt as de skiere glee en de pearelglee.
Skaaimerken thumb|left|Yn 'e flecht is de swellesturt goed te sjen. De swelleglee is in lytse, slanke rôffûgel mei in lingte fan likernôch 30 sm en in wjukspanne fan 78 sm. It meast opfallende skaaimerk is de lange, djip foarke sturt. De fûgel is fan boppe benammen ljochtgriis en fan ûnder wyt. De wjukken binne smel en puntich, itjinge him in hiele flugge en linige fleander makket. Om 'e reade eagen sit faak in swart masker. Der is hast gjin ferskil yn uterlik tusken mantsjes en wyfkes.
Juvenilen binne donkerder op 'e rêch mei readbrune rânen oan 'e fearren en mear krêmkleurich fan ûnder.
Fersprieding De soarte komt foar yn 'e Sahel. It ferspriedingsgebiet rint fan Senegal en Gambia yn it westen oant Etioopje, Kenia en Somaalje yn it easten. De fûgel is foar in part in trekfûgel, se ferhúzje binnen Afrika ôfhinklik fan 'e reintiid om de grutte swarmen ynsekten te folgjen.
Hâlden en dragen De swelleglee is in sosjale fûgel dy't faak yn losse groepen of lytse koloanjes briedt. In bysûnder skaaimerk is dat se harren nêst faak bouwe yn beammen dêr't ek nêsten fan folle gruttere rôffûgels yn sitte, lykas de eargier (Torgos tracheliotos). Dit biedt de lytse gleeën mooglik beskerming tsjin rôfdieren. De aaien binne faak krêmkleurich mei brúnreade plakken. It brieden duorret sa'n 28 dagen en de piken bliuwe likernôch fiif wiken op it nêst. Yn 'e Sahel is de timing fan it brieden krúsjaal; se briede faak sa dat de jongen út it aai komme op it momint dat der troch de rein in oerfloed oan ynsekten is.
De fûgel jaget foaral op grutte ynsekten lykas sprinkhoannen en termiten, dy't er faak sa út de loft grypt. Ek lytse reptilen sa as hagedissen en bitiden lytse sûchdieren steane op it menu.
Status De populaasje fan 'e swelleglee stiet ûnder druk. Op 'e Reade list fan 'e IUCN kategorisearre as kwetsber (Vulnerable). De wichtichste bedrigingen binne it habitatferlies yn 'e Sahel en it oermjittich brûken fan bestridingsmiddels (pestisiden) tsjin sprinkhoannen, wêrtroch't de fûgels fergiftige wurde of gjin iten mear fine kinne.
Kategory:Swelleglee Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen