De gielsnaffelglee (Milvus aegyptius) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). Dizze fûgel is nau besibbe oan 'e swarte glee (Milvus migrans), mar wurdt hjoed-de-dei meastentiids as in aparte soarte beskôge.

Skaaimerken thumb|left|Gielsnaffelglee. De gielsnaffelglee liket in soad op 'e swarte glee, mar it meast opfallende ferskil by folwoeksen fûgels is de snaffel: dy is folslein giel, wylst de swarte glee in donkere snaffel hat mei in giele waakshûd. De fearren binne brún oant donkerbrún en de sturt is justjesfoarke, al is dy minder djip ynsnien as by de reade glee. De fûgel hat in spanwiidte fan likernôch 140 oant 150 sm.

Fersprieding De soarte komt foar yn hast hiel Afrika súdlik fan 'e Sahara, yn it noardeasten fan Afrika (ynklusyf Egypte) en op it súdwestlike part fan it Arabysk Skiereilân. Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden: M. a. aegyptius: Egypte, it noardeasten fan Afrika en súdwestlik Araabje. M. a. parasitus: Afrika súdlik fan 'e Sahara, ynklusyf de Kaapverdyske Eilannen en Madagaskar.

Hâlden en dragen De gielsnaffelglee is in opportunistyske jager en in echte allesiter. Hy fret lytse sûchdieren, fûgels, reptilen en ynsekten, mar hy skarrelt ek op jiskebulten om by doarpen, stêden en slachthuzen. Se binne tige betûft yn 'e loft en kinne sels iten út de hannen fan minsken of fan 'e hannel fan merklju "stelle".

De fûgel is monogaam en briedt yn in nêst fan tûken, dat faak beklaaid wurdt mei allerhanne materiaal dat se fine, lykas papier, plestik of stikken tekstyl. Se lizze meastentiids twa oant trije aaien.

Status De gielsnaffelglee hat in tige grut ferspriedingsgebiet, mar de soarte liket ôf te nimmen. De soarte op de Reade list fan de IUCN de status net bedrige (Least Concern).

Kategory:Glee Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe