Dirk Humalda (Eastrum, 8 jannewaris 1894 – Feanwâlden, 3 febrewaris 1981) wie in Nederlânske politikus út namme fan de CHU.
Libben en wurk Hy waard berne as soan fan Frans Humalda (* 1857, arbeider) en Trijntje de Boer (* 1863). Hy gie nei de krekt oprjochte Kristlike Kweekskoalle yn Dokkum en hearde by de earste tsien learlingen dy't yn 1912 slaggen foar it eineksamen. Hy wie dêrnei ûnderwizer op legere skoallen en helle de akte foar haadûnderwizer en in stikmannich talen. Humalda soe lesjaan op in ulo yn Dokkum en waard yn 1929 dosint moderne talen op de kweekskoalle dêre dêr't er sels oplaat wie.
Yn de Twadde Wrâldoarloch wied er belutsen by it ferset en moast op in stuit ûnderdûke. Yn 1945 wie er de 'útjouwer' fan it stinsele fersetsblêd De Noordfries.
Nei de befrijing sleat er him oan by it Militair Gezag en wie er yn de rang fan majoar in skoft militêr kommissaris fan it distrikt Fryslân-Noard. Humalda wie wer dosint by de Christelijke Kweekschool yn Dokkum foar't er yn april 1946 boargemaster waard fan de gemeente Hemelumer Oldephaert en Noordwolde (yn 1956 omneamd yn Hemelumer Oldeferd). In moanne letter waard er foar de CHU keazen ta lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân, wat er oant 1958 bleau. De c.h.-lijst voor de Statenverkiezing, Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 1958. Hy gie yn febrewaris 1959 as boargemaster mei pinsjoen wêrnei't er ferhuze nei De Bilt.
Humalda ferstoar yn 1981 yn de âldens fan 87 jier.
Kategory:CHU-politikus Kategory:Boargemaster fan Himmelumer Aldefurd Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn Eastrum Kategory:Persoan stoarn yn Feanwâlden Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn 1981