Schindler's List is in Amerikaanske histoaryske dramafilm út 1993 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson, Ben Kingsley en Ralph Fiennes. De film is hielendal yn swart-wyt, útsein ien lyts detail. De titel betsjut "Schindler syn List", en ferwiist nei in list mei nammen fan Joaden (de saneamde Schindlerjoaden), dy't yn 'e Holokaust rêden waarden fan 'e dea troch de Dútske ûndernimmer Oskar Schindler. Schindler's List waard basearre op 'e histoaryske roman Schindler's Ark fan Thomas Keneally, dy't sels wer basearre wie op in wierbard ferhaal.

Neeson spilet de rol fan Schindler, in playboy en oarlochsprofiteur dy't nei de Dútske besetting fan Poalen yn Krakau in fabryk begjint. As wurkkrêften set er Joaden yn, om't er dy net hoecht te beteljen. Hy liket in bienhurde sakeman te wêzen dy't inkeld gebrûk makket fan 'e ellinde fan oaren om der sels better fan te wurden, mar geandewei it ferhaal docht wat langer wat mear bliken dat er wol deeglik in hert hat. Mei tsjinnichheid begjint er Joaden oan te nimmen dy't oars it gefaar rinne fermoarde te wurden. Kingsley spilet de rol fan Itzhak Stern, de folle pleage Joadske boekhâlder fan Schindler, dy't eins dejinge is dy't it bedriuw draaiende hâldt. Fiennes spilet de psychopatyske SS-ofsier Amon Göth, dy't in wier skrikbewâld fierd oer it konsintraasjekamp Krakau-Płaszów. As dat kamp yn 1944 opheft wurdt, stelle Schindler en Stern in list op mei de nammen fan 1.100 Joaden dy't Schindler, mei it jild dat er oant dan ta fertsjinne hat, keapet fan 'e SS, sabeare om se yn in nij fabryk yn it Sudetenlân tewurk te stellen, mar eins om foar te kommen dat se ôffierd wurde nei de gaskeamers fan Auschwitz.

Schindler's List krige fan 'e filmkritisy suver ienriedich lof taswaaid en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film wûn sân Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), trije Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama) en sân BAFTA's. Schindler's List wurdt tsjintwurdich rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films dy't ea makke binne en teffens as de definitive ferfilming fan 'e Holokaust. Yn 2004 waard de film dêrom troch de Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Plot Op 1 septimber 1939 begjint nazy-Dútslân oan 'e oerweldiging fan Poalen. Op 27 septimber folget de Poalske kapitulaasje. Ofsjoen fan it eastlike diel fan it lân, dat beset wurdt troch de Sovjet-Uny, komt Poalen dan ûnder in Dútske besetting. De ferfolging fan Poalske Joaden troch de nazys begjint frijwol fuortendaliks. Yn Krakau, de grutste stêd yn súdlik Poalen, wurdt de hiele pleatslike Joadske mienskip, mei dêropta alle Joaden út 'e omlizzende plattelânsprovinsjes, geartroppe yn it wanhopich oerbefolke Getto fan Krakau, in buert fan sechstjin wenblokken dy't fan 'e rest fan 'e stêd ôfskaat is.

Yn dyselde snuorje arrivearret Oskar Schindler yn 'e stêd. Hy is in etnyske Dútser út it Sudetenlân, dat foar 1938 ta Tsjechoslowakije hearde. Schindler is lid fan 'e NSDAP: net om't er in oertsjûge nazy is, mar út opportunisme. Hy is in glêdjanus dy't himsels mei moaie praatsjes in paad troch it libben klearret en in skeanskermer dy't syn frou Emilie yn it Sudetenlân efterlitten hat en yn Krakau oerhoer bedriuwt mei it iene nei it oare tsjeppe Dútske of Poalske fanke. No sjocht er syn kâns skoan om fan 'e oarloch gebrûk te meitsjen om grou jild te fertsjinjen.

Schindler hat syn each falle litten om in stillizzend fabryk yn Krakau dat emaillearre potten en pannen makket, mar hy hat sels it jild net om dat bedriuw te keapjen. It jild dat er àl hat, jout er út oan it omkeapjen fan korrupte ofsieren fan 'e Wehrmacht en de SS, dy't it no yn Krakau foar it sizzen hawwe. As er op dy manear ienris de goede wil fan 'e machthawwers wûn hat, nimt er kontakt op mei Itzhak Stern, in lid fan 'e pleatslike Joadske Ried en in boekhâlder mei in protte ûnderfining. Oan dyselde leit Schindler dit plan foar: hy wol dat rike Joaden út it getto him jild jouwe om it fabryk te keapjen en op te starten, wêrnei't er harren werombetelje sil yn potten en pannen, mei't jild yn it getto neat wurdich is, mar ruilwaren nammenste mear. De Joadske ynvestearders besykje bettere betingsten foar de liening te krijen, mar se sitte raar yn 'e knipe en Schindler wit dat. Lang om let geane se akkoart mei syn útstel.

It bedriuw, dat de namme Deutsche Emailwarenfabrik (DEF) kriget, makket fjildflessen en itensiedersnedichheden foar de Wehrmacht en de SS en is troch de kontakten dy't Schindler lein hat fan it begjin ôf tige súksesfol. Stern docht de boekhâlding en runt it bedriuw praktysk eigenhandich, wylst Schindler de public relations fersoarget en in loailekkerlibbentsje yn lúkse liedt mei froulju, drank en wille by 't folop. Mar Stern hat syn eigen aginda en brûkt DEF om dêr safolle mooglik Joaden ûnder te bringen dy't omreden fan har yntellektuele beroppen of fanwegen âldens of oandwanings it gefaar rinne om troch de nazys fermoarde te wurden. As Schindler dat foar it ferstân kriget, foeteret er dêr bot oer tsjin Stern, mar hy liket te loai te wêzen om aktyf maatregels te nimmen om tenei soartgelikense sitewaasjes foar te kommen. Ynstee lit er him nettsjinsteande syn argewaasje kear op kear troch Stern beprate om in ekstra Joad yn 'e tsjinst te nimmen dy't gefaar rint.

De sitewaasje yn Krakau eskalearret wannear't SS-ofsier Amon Göth yn 'e stêd arrivearret om it tafersjoch te hâlden op 'e bou fan it konsintraasjekamp Płaszów. Wannear't dat kamp ree is, wurdt it Getto fan Krakau opheft. Twatûzen Joaden dy't "essinsjele arbeiders" binne, wurde oerbrocht nei Płaszów, wylst 2.000 oaren, de âlden fan dagen, siken, lytse bern en oare nutteleazen, yn 'e strjitten fan it getto ôfslachte wurde troch de SS. Fan in hichte bûten de stêd ôf dy't útsjocht oer it getto is Schindler tsjûge fan it bloedbad, dat er ûnderfynt as tige skokkend. Fan syn útsjochpunt ôf sjocht er û.o. in lyts famke yn in read jaske draven, dat in skûlplak foar de nazys siket. Nettsjinsteande syn persoanlike mienings soarget Schindler der ek neitiid goed foar dat er de SS yn it algemien en Göth yn it bysûnder te freon hâldt. Oare Dútske yndustriëlen dy't gebrûk meitsje fan Joadske twangarbeiders moatte har bedriuwen ferhúzje nei binnen de ôffredings fan it kamp Płaszów, mar Schindler kriget foarinoar dat DEF bliuwe mei dêr't it sit, en dat syn Joadske arbeiders eltse dei op en del reizgje meie tusken it kamp en it fabryk.

Yn it kamp fiert Göth, dy't in psychopaat is, in wier skrikbewâld. Hy hat it foar de moade om út syn filla wei, op in hichte boppe it kamp, mei in jachtgewear de finzenen te besjitten. Net ien fan harren is fan 'e iene op 'e oare dei it libben wis. Göth kiest út 'e jonge froulju yn it kamp ien út, Helen Hirsch, dy't him as húshâldster tsjinje moat. Hy is obsedearre troch har en begeart har, mar as in oertsjûge nazy sjocht er Joaden as Untermenschen en hy walget fan himsels om syn eigen gefoelens. Hy jout utering oan syn tsjinstridige, frustrearre gemoed troch Helen te terrorisearjen en mishanneljen. Wannear't Stern de eksessen fan Göth oan Schindler trochdocht, besiket dy Göth by te stjoeren troch him foar te hâlden dat wiere macht is as je elts rjocht hawwe om ien te deadzjen, mar derfoar kieze om dat net te dwaan. Göth prebearret dat út om te sjen hoe't it him smakket, mar hy ferfalt al rillegau wer yn syn âlde hâlden en dragen.

In jonge frou, Regina Perlman, siket kontakt mei Schindler. Sy is in Joadinne dy't yn Krakau libbet ûnder in skûlnamme en mei in ferfalske identiteitsbewiis, mar har âldelju sitte fêst yn Płaszów. It binne âldere minsken en sy is bang dat se by de earsten wêze sille dy't op transport set wurde nei Auschwitz of in oar ferneatigingskamp. Se hat heard dat it fabryk fan Schindler in feilige haven is foar Joaden dy't gefaar rinne en smeekt him om har heit en mem yn 'e tsjinst te nimmen. Schindler barst út yn grutte grime en jaget har ta de doar út. Letter beklaget er him foar Stern oer bitter oer de geroften dy't blykber omgeane oer syn bedriuw. Hy is gjin filantroop of ferlosser. Hy is in sakeman dy't winst meitsje wol en gjin tiid hat foar sokke flauwekul. Hy besiket it hâlden en dragen fan Göth te behimmeljen troch derop te wizen dat de man ûnder swiere druk stiet. En boppedat is it oarloch, wat altyd it minste yn 'e minsken boppehellet, en nea it bêste. Stern fertelt dan hoe't Göth fan in wurkploech wêrfan't bûten it kamp ien man útnaaid wie, eigenhandich eltse twadde man troch de holle sketten hat. Schindler wurdt lulk en freget wat hy dêroan ferhelpe kin. Stern antwurdet dat er neat fan Schindler ferwachtet; se wiene ommers gewoan wat oan it praten. Schindler stoarret noartsk ta it rút út en hellet dan in bryfke út 'e bûse. Hy seit: "Perlman, man en frou. Lit Goldberg harren nei it fabryk ta bringe." En langet Stern syn gouden horloazje oer om foar dy oerpleatsing de nedige lju om te keapjen.

Yn 'e rin fan 1944 kriget Göth fan hegerhân opdracht om 'e stoflike omskotten fan 'e 2.000 Joaden dy't by de opheffing fan it Getto fan Krakau fermoarde binne, op te graven en te ferbaarnen. Hy lit dat dy put troch de Joadske kampfinzenen útfiere. Wannear't Schindler Göth besiket wylst dat freeslike wurk geande is, sjocht er in kroade mei in pear liken foarbykommen dy't troch de steat fan ûntbining net mear werom te kennen binne, mar boppe-oan leit in jong bern yn in read jaske, dat itselde famke wêze moat dat Schindler by de opheffing fan it getto draven sjoen hat. Dat byld grypt him bysûnder oan. Göth fertelt him dat it spul yn Krakau op 'e ein rint. Hy ornearret dat it noch in moanne of sa duorje kin, mar dan wurdt Płaszów sletten en geane alle Joaden dy't dêr sitte nei Auschwitz. Schindler docht dat nijs troch oan Stern en bewissiget de boekhâlder derfan dat er by Göth oanstien hat op spesjale behanneling foar him (Stern). Hy besiket Stern moed yn te praten troch te sizzen dat de oarloch net lang mear duorje kin, en neitiid kinne se tegearre it glês heffe op har beider oerlibjen. Stern hat dêr net folle fidúsje yn en seit dat er dat glês better no daliks hawwe kin. Sa drinke hy en Schindler foar it earst tegearre in slokje.

Thús, dat wol sizze yn it ûnteigene lúkse appartemint fan in Joadske famylje dêr't Schindler wennet sûnt er yn Krakau arrivearre is, lit de oankundige opheffing fan it kamp en it lot fan 'e Joaden him net los. Syn plan wie om 'e kofferfollen mei jild dy't er mei syn fabryk fertsjinne hat, mei werom te nimmen nei hûs yn Zwittau (no Svitavy yn Tsjechje) om derfan te rintenieren. Mar syn ferrekte gewisse stiet him net ta om dat te dwaan. Ynstee komt er op 'e lapen mei it idee om te Brünnlitz (no Brněnec), deunby Zwittau, in munysjefabryk op te setten, dêr't er de Joadske wurknimmers fan DEF oan it wurk hâlde kin. Hy leit it plan foar oan Göth, dy't foar in riedsel stiet. Hy ken Schindler as in tûke sakeman, mar hy kin mar net begripe hoe't er mei dit plan winst meitsje kin. It idee dat immen soks dwaan soe út klearebare meiminsklikens, ek al soe men dan ferlies draaie, leit safier bûten syn eigen karakter, dat it net iens by him opkomt. It sit Göth dwers dat er Schindler syn sakeplannen net neikomme kin, mar hy lit him foar in reuseftige smacht jild mar al te maklik omkeapje om der syn meiwurking oan te ferlienen.