Białystok (útspraak: [bʲaˈwɨstɔk], likernôch "bja-wy-stok" mei de w fan "skowe"; ) is de grutste stêd yn it noardeasten fan Poalen en de haadstêd fan it woiwodskip Podlachje. De stêd leit tichteby de grins mei Wyt-Ruslân en is in wichtich kultureel, wittenskiplik en ekonomysk sintrum foar de omlizzende krite. Białystok stiet bekend om syn multykulturele skiednis en de omlizzende natuer.
Geografy Białystok leit yn in leechlângebiet oan 'e rivier de Biała. De stêd wurdt omfieme troch it "Griene Hert fan Poalen", mei it ferneamde Nasjonaal Park Białowieża.
Skiednis thumb|left|Paleis fan Jan Klemens Branicki. De stêd ûntstie yn 'e 14e iuw, dy't fral yn 'e 18e iuw ûnder de famylje Branicki opbloeide. Jan Klemens Branicki boude hjir syn ferneamde paleis, dat ek wol it Versailles fan Poalen neamd wurdt.
Yn 'e 19e iuw ûntwikkele Białystok him ta in wichtich tekstylsintrum. Troch de lokaasje op 'e grins fan ferskate lannen, wennen der Poalen, Joaden, Wyt-Russen en Dútsers njonken elkoar. Dizze mingeling ynspirearre Ludwik Zamenhof, dy't hjir berne is, ta it ûntwikkeljen fan 'e wrâldtaal Esperanto.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de stêd swier troffen en de grutte Joadske mienskip waard hast folslein útrûge troch de nazy-bezetter. Nei de oarloch waard de stêd wer opboud as ûnderdiel fan 'e Poalske Folksrepublyk.
Befolking Hjoed-de-dei hat Białystok likernôch 291.000 ynwenners (2024). It is ien fan 'e pear plakken yn Poalen dêr't noch in grutte minderheid fan 'e Otterdokse Tsjerke wennet. Dat jout de stêd in eigen karakter neffens de rest fan it foar it grutste part roomsk-katolike Poalen.
It besjen wurdich It barokke Branicki-paleis (Pałac Branickich) is sûnder mis it meast ferneamde monumint fan 'e stêd. It 18e-iuwske kompleks wurdt it "Poalske Versailles" neamd. Om it paleis binne Frânske tunen en in Ingelsk park oanlein. It Kościuszko-merkplein (Rynek Kościuszki) is it trijehoekige merkplein mei it barokke riedshûs, dat no in museum is.
Tsjerken thumb|left|De otterdokse Nikolaaskatedraal. De Marije-Himelfeartbasilyk is in bysûnder tsjerkekompleks dat bestiet út in lytse wite 17e-iuwske tsjerke en in folle gruttere neogoatyske reade bakstiennen katedraal dy't der tsjinoan boud is. De Sint-Nikolaaskatedraal is in wichtige otterdokse katedraal út de 19e iuw mei prachtige fresko's en in gouden koepel. De Sint-Rochustsjerke (Kościół św. Rocha) is in opfallende, moderne wite tsjerke út de jierren 1920 en 1930 as monumint foar de Poalske ûnôfhinklikens. De toer is 83 meter heech. De Otterdokse Tsjerke fan 'e Hillige Geast is ien fan 'e grutste otterdokse tsjerken fan Poalen en bekend om syn moderne arsjitektuer mei fiif koepels.
Joadsk erfgoed thumb|De yn 1941 ferneatige Grutte Synagoge. Foar de Twadde Wrâldoarloch wie de helte fan 'e befolking Joadsk.
It Monumint foar de Grutte Synagoge stiet op it plak dêr't de grutte synagoge yn 1941 troch de nazy's ferbaarnd waard. It Ludwik Zamenhof-sintrum is in plak dat wijd is oan 'e grûnlizzer fan it Esperanto en de multykulturele skiednis fan syn bertestêd.
Ferkear Oer it spoar binne der streekrjochte ferbinings mei Warsjau, Kaunas yn Litouwen en oare grutte stêden. De stêd leit oan de Rail Baltica-rûte. De S8-sneldyk ferbynt de stêd streejrocht mei Warschau. De stêd hat in wiidweidich netwurk fan buslinen en is bekend om syn moderne fytsplan (BiKe).
Sport De fuotbalklub Jagiellonia Białystok spilet yn 'e Ekstraklasa (de heechste difyzje fan Poalen) en hat de thúsbasis yn it moderne Stadion Miejski. Njonken fuotbal binne ek atletyk en follybal populêr yn 'e regio.
Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak yn woiwodskip Podlachje