De wytkopgier (Trigonoceps occipitalis) is in grutte rôffûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is de iennichste soarte yn it monotypyske skaai fan 'e wytkopgieren (Trigonoceps).

Beskriuwing thumb|left|Kop fan 'e wytkopgier. De wytkopgier is in middelgrutte gier mei in lingte fan 72 oant 85 cm en in wjukspanne fan likernôch 207 oant 230 cm. De fûgel hat in kontrastryk fearrekleed: de wjukken en de sturt binne donkerbrún oant swart, wylst de búk, de "broek" oan 'e poaten en de efterkant fan 'e wjukken wyt binne.

De kop is keal en hat in puntige, trijehoekige foarm. Boppe op 'e kop hat de Fûgel dûnzige wite fearkes, dêr't de fûgel syn namme oan tanket. De snaffel is opfallend rôze oant oranje-read mei in blauwe basis. De poaten binne rôze-read. Der is in lyts ferskil tusken de geslachten: by de wyfkes binne de binnenste slachpinnen wyt, wylst dy by de mantsjes donker binne.

Fersprieding Dizze soarte komt foar op 'e savannes en iepen boskgebieten fan Afrika súdlik fan 'e Sahara. De fûgel mijt gebieten mei minsklike bewenning en wurdt fral sjoen yn grutte nasjonale parken en beskerme natoergebieten.

Ekology en gedrach thumb|left|Fleanende wytkoopgier. De wytkopgier is faak de earste fûgel dy't by in kadaver oankomt. Hoewol't se lytser binne as de eargieren of de Gyps-gieren, binne se fûleindich en litte se har net gau ozn 'e kant reagje. In opfallend skaaimerk is dat wytkopgieren ek sels aktyf jeie op lytse proaien, lykas hagedissen, slangen of lytse sûchdieren. Se libje meastentiids solitêr of yn pearkes en wurde komselden yn grutte groepen sjoen.

Fuortplanting De wytkopgier briedt yn 'e top fan hege beammen, lykas de akkasia of de baobab. It nêst is in grut platfoarm fan tûken, dat mei gers en hier beklaaid wurdt. It wyfke leit ien wyt aai, dat yn likernôch 55 dagen útbret wurdt. It jong bliuwt sa'n fjouwer moannen yn it nêst foardat it útfleant.

Status Sûnt 2015 stiet de wytkopgier as krityk op 'e Reade list fan 'e IUCN]]. De populaasje is yn koarte tiid rap ôfnommen troch fergiftiging (kadavers mei gif dy't ornearre binne foar rôfdieren), de hannel yn lichemsdielen fan fûgels foar tradisjonele medisinen en it ferlies fan leefgebiet troch de útwreiding fan lânbou. Ek de delgong fan it oantal grutte wylde bisten hat in negative ynfloed op it oanbod fan fretten foar de wytkopgier.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytkopgier Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe