De iesgier (Neophron percnopterus) is in middelgrutte rôffûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is de iennichste libbene soarte yn it monotypyske skaai fan 'e iesgieren (Neophron). Yn 'e Aldheid waard dizze fûgel yn Egypte as hillige fereare en troch farao's beskerme.

Beskriuwing thumb|left|Fûgels yn Isfahan. De iesgier is in relatyf lytse gier mei in lingte fan 58 oant 70 cm en in wjukspanne fan 155 oant 170 cm. It fearrekleed fan folwoeksen fûgels is foar it grutste part wyt, mei útsûndering fan 'e slachpinnen oan 'e wjukken, dy't djipswart binne. De kop is keal en hat in felle giele kleur, dy't by opwining oranje-read wurde kin. De snaffel is smel en hat in swarte punt. Opfallend is de rûge kraach fan fearren yn 'e nekke.

Jonge fûgels binne hielendal donkerbrún en dogge der trije oant fiif jier oer om de wite kleuren te krijen.

Fersprieding De iesgier hat in grut ferspriedingsgebiet dat rint fan it Middellânske Seegebiet en dielen fan Afrika oant yn Súd-Aazje. Yn tsjinstelling ta in protte oare gieren is de iesgier in trekfûgel; de populaasjes út Jeropa lûke yn 'e winter nei gebieten súdlik fan 'e Sahara.

Undersoarten Yn it skaai fan 'e iesgieren wurde trije ûndersoarten ûnderskaat:

N. p. percnopterus (de nominaatfoarm): Dizze komt foar yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet, fan Súd-Jeropa en Noard-Afrika oant yn Noard-Yndia. De populaasjes út it noarden binne trekfûgels dy't yn Afrika oerwinterje. N. p. ginginianus: Dit is de lytste fan 'e trije ûndersoarten. Dizze fûgel komt foar op it Yndiaaske subkontinint en is te werkennen oan in snaffel dy't hast hielendal giel is (ynstee fan mei in swarte punt). N. p. majorensis (de Kanaryske iesgier): Dizze ûndersoarte is beheind ta de Kanaryske Eilannen (foaral Fuerteventura en Lanzarote). It is de grutste fan 'e trije en it binne stânfûgels; se bliuwe it hiele jier op 'e eilannen.

Ekology en gedrach thumb|left|Fûgel mei proai. De iesgier is in yntelliginte allefretter. Njonken it iten fan kadavers, fret er ek ynsekten, lytse sûchdieren en aaien fan oare fûgels. De iesgier stiet bekend om syn gebrûk fan stiennen as ark: hy siket in gaadlike stien út om op it aai fan in strúsfûgel te smiten oant de skaal barst. Se wurde sjoen by jiskebulten en slachthuzen, mar libje ek yn iepen, drûge lânskippen en bergen.

Oars as de measte gieren dy't yn beammen harren nêst bouwe, briedt de iesgier leaver op rotsen en yn lytse hoalen yn kliffen. It nêst is in sleauwe bult tûken, beklaaid mei wol, hier en resten fan kadavers. It wyfke leit meastal twa aaien, dy't wyt oant ljochtbrún binne mei swiere brúnreade plakken. Beide âlden briede de aaien yn sa'n 42 dagen út.

Status De iesgier hat de status bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN. Yn Jeropa is de populaasje yn 'e lêste 40 jier mei 50% ôfnommen. Yn lannen as Itaalje wie it eartiids in gewoane fûgel oan 'e Tyrreenske kust dy't keppels fee folge, mar tsjin 2008 wienen dêr noch mar acht oant njoggen pearkes oer yn 'e regio's Sisylje, Basilikata en Kalaabrje. Wichtichste oarsaken binne fergiftiging, ferlies fan leefgebiet en fersteuring fan 'e nêstplakken. Yn Aazje binne de oantallen rap troch fergiftiging (benammen troch it medisyn diclofenac) ôfnommen. Oare bedrigingen foarmje de elektrisiteitsmêsten en jacht.

Yn lannen dêr't de populaasje hast ferdwûn is, wurde fûgels yn finzenskip fokt om se letter yn it wyld út te setten. It Centro Rapaci Minacciati is in Italjaansk sintrum dat spesjalisearre is yn it fokken fan 'e iesgier. Sûnt 2004 wurde dêr alle jierren jonge fûgels frijlitten yn it suden fan Itaalje (Kalaabrje en Basilikata).

It LIFE Egyptian Vulture-projekt is ien fan 'e grutste ynternasjonale projekten dat rjochte is op 'e folsleine trekrûte fan 'e fûgel. Om't it gjin sin hat de fûgel yn Jeropa te beskermjen as er yn Afrika fergiftige wurdt, wurket dit projekt gear mei lannen yn it Midden-Easten en Afrika om gefaarlike elektrisiteitsmêsten oan te passen en fergiftiging tsjin te gean. Ek wurde giererestaurants oanlein dêr't de fûgels feilich ite kinne.

Keppeling om utens LIFE Egyptian vulture project Centro Rapaci Minacciati. Vulture Conservation Foundation (4vultures.org)

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Iesgier Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo